Paleiswacht

(Trochferwiisd fan Liifgarde)

In paleiswacht of paleisgarde, soms ek oantsjut as in liifgarde, is in militêre ienheid wêrfan't de leden as iennichste taak hawwe om in paleis of ferskate paleizen te befeiligjen en de bewenners dêrfan te beskermjen. Men kin de leden fan in paleiswacht beskôgje as de liifwachten fan in monarch, lykas in keizer of in kening, en de hofhâlding fan dy monarch. Gauris giet it by in paleiswacht om in karkloft, wêrfan't de leden better traind en útrist binne (en faak ek better betelle wurde) as sljochtwei soldaten. In paleiswacht kin ek beskate oare foarrjochten en privileezjes hawwe. Histoaryske foarbylden fan paleiswachten binne de Frânske Garde en de Switserske Garde yn it Keninkryk Frankryk, de Keizerlike Garde ûnder Napoleon en de Palatynske Garde yn it Fatikaan (oant 1970). Omreden fan harren pleatsing deunby de macht waarden guon paleiswachten histoarysk op in stuit sa machtich dat se har sizzenskip ta-eigenen oer wa't der op 'e troan kaam, lykas it gefal wie mei de Pretoriaanske Garde yn it Romeinske Ryk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES