In liifwacht (formeel in persoansbefeiliger) is in soarte fan befeiligingsman dy't ien of mear persoanen beskermet tsjin gefaar. Yn 'e regel giet it by sokke persoanen om pommeranten dy't ryk, ferneamd of polityk wichtich binne. De (mooglike) gefaren dêr't sokken bleat oan steane, kinne útinoar rinne fan lestich fallen (bygelyks troch fans), stalking, it ferlies fan private of geheime ynformaasje, sjantaazje, dieverij, ynbraak, bedriging, mishanneling, ûntfiering, ferkrêfting of moard. Liifwachten wurkje gauris yn lytse groepkes. Se kinne yn 'e tsjinst wêze fan 'e persoan dy't se beskermje moatte, foar in befeiligingsbedriuw yn 'e private sektor wurkje, of aginten fan in feilichheidstsjinst wêze dy't diel útmakket fan 'e oerheid. Yn alle trije neamde gefallen is foar de funksje fan liifwacht in spesifike oplieding fereaske.

In tiim liifwachten draaft mei mei de auto fan 'e Brazyljaanske presidinte Dilma Rousseff.

De wichtichste pommeranten, lykas steatshaden, premiers en ambassadeurs, wurde beskerme troch in tiim fan liifwachten dat harren en har gesinnen de klok rûn befeiliget. Yn 'e Feriene Steaten wurdt soks bygelyks dien troch de Secret Service en de Diplomatike Feilichheidstsjinst (DSS). Yn Nederlân bestiet foar dat doel de Tsjinst Keninklike en Diplomatike Befeiliging (DKDB). Yn 'e measte lannen dêr't it steatshaad ek de heechste ofsier fan 'e kriichsmacht is, wurdt syn befeiliging fersoarge troch leden fan 'e Republikeinske Garde en/of oare militêre elite-ienheden. Minder wichtige persoanen, of lju dy't minder gefaar rinne, wurde ek wol begelaat troch ien inkele liifwacht, dy't dan faak ek as sjauffeur fungearret.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
mac 1