Los Angeles Lakers

De Los Angeles Lakers is in basketbalploech yn de NBA, dy't Los Angeles as har thúsbasis hat. De Lakers binne histoarysk ien fan de meast suksesfolle ploegen fan de NBA. Se ha it faakst yn de finale stien (31) en allinnich de Boston Celtics ha mear titels (16 tsjinoer 17).

Los Angeles Lakers
sportteam
bysûnderheden
sport basketbal
lân Feriene Steaten
plak Los Angeles (Kalifornje)
oprjochte 1947
hist. namme Minneapolis Lakers
(1947-1960)
stadion Staples Center
kompetysje NBA
konferinsje Western
difyzje Pacific
bannen mei South Bay Lakers
stastistiken
lânskampioen 17 (1949, 1950, 1952, 1953, 1954, 1972, 1980, 1982, 1985, 1987, 1988, 2000, 2001, 2002, 2009, 2010, 2020)
konferinsjekamp. 32 (1949, 1950, 1952, 1953, 1954, 1959, 1962, 1963, 1965, 1966, 1968, 1969, 1970, 1972, 1973, 1980, 1982, 1983, 1984, 1985, 1987, 1988, 1989, 1991, 2000, 2001, 2002, 2004, 2008, 2009, 2010, 2020)
difyzjekamp. 24 (1971, 1972, 1973, 1974, 1977, 1980, 1982, 1983, 1984, 1985, 1986, 1987, 1988, 1989, 1990, 2000, 2001, 2004, 2008, 2009, 2010, 2011, 2012, 2020)
rêchnûmers
   yn ûnbrûk
11 (8, 13, 22, 24, 25, 32, 33, 34, 42, 44, 52)
tenu
kleuren pears      goud      swart     
offisjele webside
www.nba.com/lakers

De Lakers hawwe ek it rekôr fan de measte oerwinningen efterinoar yn ien seizoen, nammentlik 33. Fierder is de klup bekend fan it grutte oantal stjerren dy't foar de klup spile, wêrûnder Magic Johnson, Kobe Bryant, Kareem Abdul-Jabbar, LeBron James, Shaquille O'Neal en Wilt Chamberlain.

Teamskiednis

bewurkje seksje

De Lakers ûntstienen doe't Ben Berger en Morris Chalfen de Detroit Gems yn 1947 kochten fan de National Basketball League (NBL), foar in bedrach fan 15.000 dollar. De klup ferhuze nei Minneapolis ta en krigen de namme Minneapolis Lakers. Omdat de Gems it seizoen dêrfoar it minste team fan de NBL wie, koene de Lakers as earste kieze yn de 'draft'. De klup keas George Mikan. Letter die bliken dat dat gjin minne kear wie, want Mikan waard ien fan de bêste centers fan syn tiid.

De Lakers mei Mikan, de nije trainer John Kundla en in pak fan jonge spilers fan 'e Universiteit fan Minnesota wûn it NBL-kampioenskip yn it seizoen 1947-48. Dêrnei ferhuzen de Lakers mei fjouwer oare ploegen nei de Basketball Association of America (BAA). De Lakers waarden kampioen yn it seizoen 1948-49 ek kampioen yn dy kompetysje. De NBL en de BAA fusearren yn 1949 en sa waard de NBA foarme.

De Minneapolis Lakers wiene ien fan de dominante ploegen yn de earste jierren fan de NBA. Mei Hall of Famers George Mikan, Vern Mikkelsen en Clyde Lovellette wûnen de Lakers fjouwer kampioenskippen yn fiif jier (1950, 1952, 1953 en 1954).

Earste titel yn Los Angeles

bewurkje seksje

Nei it ferhúzjen nei Los Angeles yn 1960, bestie it team út Hall of Famers Elgin Baylor, Jerry West, Gail Goodrich en Wilt Chamberlain. Nettsjinsteande al it talint yn de ploech, is it de Lakers net slagge om kampioen te wurden. Dat kaam troch de grutte rivaal, de Boston Celtics. De Lakers ferlearen seis finalen yn acht jier tiid. Yn 1972 pakten se ûnder lieding fan trainer Bill Sharman lang om let in titel. Dat wie ek it seizoen dat de Lakers it rekôr delsetten fan measte oerwinningen op in rige (33).

Nettsjinsteande de oanwêzigens fan Kareem Abdul-Jabbar, slagge it de Lakers net om noch in kampioenskip te winnen mei dy ploech. Dat slagge pas yn 1979 wer, troch de komst fan Earvin 'Magic' Johnson. Yn de finale wûnen de Lakers fan de Philadelphia 76ers. De jierren tachtich wiene foar de Lakers: se hellen sân kear de finale en wûnen dêr fjouwer fan. Se wienen ek de earste ploech nei Boston (1969) dy't twa titels efterinoar pakten (1987 en 1988). Mei Kareem Abdul-Jabbar, Magic Johnson en ek James Worthy as stjerspilers en Pat Riley as 'stjercoach' spilen de Lakers spektakulêr en oanfallend basketbal. De bynamme fan de klup waard 'Showtime Lakers'.

Yn 1991 berikten de Lakers de finale wer, mar letter yn de njoggentiger jierren koene de Lakers gjin fûst meitsje. Dat desennium wie foar de Chicago Bulls fan Michael Jordan.

Kobe en Shaq

bewurkje seksje

Pas yn it seizoen fan 1999-2000 hellen de Lakers de finale wer. Mei Shaquille O'Neal en Kobe Bryant as stjerspilers en Phil Jackson as trainer hiene de Lakers in winnende kombinaasje. Se pakten trije kampioenskippen efterinoar. Nei in minder jier yn 2003 stie it team yn 2004, mei Karl Malone en Gary Payton as fersterkingen, wer yn de finale. Dêryn wiene de Detroit Pistons te sterk.

De simmer dêrnei namen de Lakers ôfskied fan Shaquille O'Neal, dy't net goed mear koe mei Kobe Bryant. Shaq ferhuze nei de Miami Heat. Dêrnjonken hold Malone op, Payton gie nei de Boston Celtics en Phil Jackson waard ferfongen troch Rudy Tomjanovich.

Yn 2004-2005 late Kobe Bryant in jonge ploech, mar sûnder ploechgenoaten mei wat ûnderfining slagge it Bryant en de Lakers net om de play-offs te heljen. Dat wie foar it earst yn alve jier. Yn 2005 kaam Phil Jackson werom as haadtrainer. Mei sukses: de Lakers hellen de playoffs wer, al waarden se yn de earste omgong útskeakele troch titelfavoryt Phoenix Suns.

Stadichoan bouden de Lakers wer oan in topteam dy't meidwaan koe om de titel. Kobe Bryant waard nei it seizoen 2007-2008 útroppen ta bêste spiler yn de NBA. Hy skoarde yn jannewaris 2008 tsjin de Toronto Raptors 81 punten yn ien wedstriid. Allinnich Wilt Chamberlain skoarde oait mear (100 punten yn maart 1962).

Wer oan de top

bewurkje seksje
 
De Lakers mei presidint Barack Obama nei it kampioenskip yn 2010

In pear jier letter, yn it seizoen 2008-2009, begûnen de Lakers as titelfavoryt oan it seizoen, nei't se it jier dêrfoar yn de finale ferlearen fan de Celtics. De Lakers makken de status as titelfavoryt wier. Yn de finale fan de playoffs wie Orlando Magic de tsjinstanner. Op 14 juny 2009 pakten de Lakers yn Orlando de titel. De einstân yn de finalesearje wie 4-1. Yn 2010 waarden de Lakers wer kampioen. Foar it earst wûn de ploech yn de finale mei 4-3 fan de grutte rivaal, de Boston Celtics. Dat betsjutte de 16e titel foar de Lakers, noch ien minder as de Celtics.

It seizoen dêrnei ferrûn dramatysk foar de Lakers: yn de twadde omgong fan de playoffs wiene de Dallas Mavericks, de lettere kampioen, te sterk. It wie ek it lêste seizoen ûnder trainer Phil Jackson.

Mindere perioade

bewurkje seksje

Dêrnei begûn in perioade mei mindere resultaten. Under trainers Mike Brown en Mike D'Antoni hellen de Lakers noch wol de playoffs, mar dêryn kamen se net fier. De ploech naam ôfskie fan Pau Gasol, Lamar Odom en Metta World Peace, dy't allen wichtich wiene by it kampioenskip yn 2010. Ek Steve Nash, earder by Phoenix noch ien fan de bêste spilers yn de NBA, koe de Lakers - mei troch blessueren - net werom nei de top bringe.

Kobe Bryant bleau oer as iennige topspiler by de Lakers, mar ek hy krige hieltyd faker lêst fan blessueren. Hy naam yn 2016 nei tweintich seizoenen ôfskie fan de Lakers. Yn syn lêste wedstriid skoarde Bryant noch wol 60 punten, mar de Lakers hellen foar it tredde seizoen op rige net de playoffs.

Nei Kobe Bryant

bewurkje seksje

Yn de earste jierren nei it tiidrek-Bryant hiene de Lakers in jonge ploech. Mei Luke Walton as coach gie it stadichoan better, mar de playoffs helje slagge de Lakers net. Yn july 2018 tekene LeBron James in fjouwerjierrich kontrakt by de klup út Los Angeles.

Keppeling om útens

bewurkje seksje
  NODES
Association 1