It Louvre (Frânsk: Musée du Louvre of koartwei: Le Louvre), oprjochte yn 1793, is in grut museum yn Parys, yn it Palais du Louvre, dat datearret fan 1202. It leit krekt benoarden de Seine en is ienfâldich mei de metro te berikken. It bestiet út trije fleugels; de Richelieu-fleugel, de Sully-fleugel en de Denon-fleugel. De Mona Lisa fan Leonardo da Vinci is it ferneamdste stik út de kolleksje fan it Louvre. It museum is diel fan de Réunion des musées nationaux et du Grand Palais des Champs-Élysées en al jierren it meast besochte museum yn de wrâld.[1]

Dit artikel is in stobbe oer kultuer.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
It Louvre (by nacht)
It Louvre (by deiljocht)


Keppelings om utens s

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Louvre opnieuw meest bezochte museum ter wereld, deredactie.be, 29 maart 2013
  NODES