Luitzen Gauke Boelens

Luitzen Gauke Boelens (Drachten, 9 maaie 1920 – dêre, 4 febrewaris 1990) wie in Nederlânske politikus út namme fan de PvdA.

Hy waard berne as soan fan Gauke Boelens dy't fan 1935 oant 1941 foar de VDB (dy't letter opgie yn de PvdA) lid wie fan de Deputearre Steaten fan Fryslân.
Luitzen Boelens moast syn stúdzje oan de Ryksuniversiteit Grins ûnderbrekke yn de Twadde Wrâldoarloch. Dêrnei koe er dêr yn 1946 noch yn de rjochten ôfstudearje. Datselde jier noch gie er oan it wurk as kommys by de provinsjale griffy fan Fryslân dêr't er benammen by it kabinet fan de kommissaris fan de Keninginne wurke. Yn desimber 1950 waard Boelens, hoewol't er noch mar 30 jier wie, beneamd ta boargemaster fan Baarderadiel. Op dat stuit wied er de jongste boargemaster fan Nederlân.
Yn july 1963 folgde syn beneaming ta boargemaster fan Weststellingwerf. Yn juny 1982 gie er dêr mei betiid pinsjoen en ferhuze er nei syn berteplak Drachten.

Yn it begjin fan de 1990 rekke er yn syn wenplak belutsen by in slim ferkearsûngelok om't er gjin foarrang ferliende. Boelens ferstoar op dat plak yn de âldens fan 69 jier.

  NODES