Dizze side giet oer it algemiene begryp mainstream. Foar oare betsjuttings, sjoch: mainstream (betsjuttingsside).

Mainstream (útspr.: ['me:nstɹi:m], likernôch: "meenstriim") is in Ingelske term dy't "haadstreaming" betsjut. Dêrmei wurdt ferwiisd nei aktiviteiten (bgl. yn 'e literatuer, filmyndustry en muzyk) dy't foar in grutte mannichte minsken ynteressant binne of wêze kinne. Sokke mainstream-sjenres binne dêrom ek oerdúdlik yn 'e maatskippij oanwêzich. It tsjinstelde fan mainstream binne sjenres dy't har spesifyk rjochtsje op in beskaat publyk, lykas science fiction, fantasy, horror en westerns yn 'e literatuer en de filmyndustry, en reggae, hiphop, jazz en country yn 'e muzyk. Yn in breder ferbân kin it tsjinstelde fan mainstream yn in maatskippij ek foarme wurde troch kultueruterings yn it algemien dy't (oant no ta) mar in bytsje minsken oansprekke, en dy't betitele wurde as subkultueren en/of de underground.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES