Maxi Mikita
Maxi Mikita, echte namme: Margaret Self (22 april 1974), is in rêstend Filipynsk-Amerikaansk neakenmodel, fetysjmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Max Mikita, Max Richards, Maxine Star, Maxine, Maxi en Max. Hja sette yn 2005 útein mei har karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, en loek har der yn 2010 út werom. Neffens har offisjele opjefte is Mikita 1,70 m lang, mei in gewicht fan 59 kg en in natuerlike kupmaat 36B.
Maxi Mikita | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Max Mikita, Max Richards, Maxine Star, Maxine, Maxi, Max | |
echte namme | Margaret Self | |
nasjonaliteit | Filipynsk Amerikaansk | |
berne | 22 april 1974 | |
berteplak | ? (de Filipinen) | |
etnisiteit | Filipynsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2005 – 2010 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeMaxi Mikita waard yn 1974 berne op 'e Filipinen, mar emigrearre as jong bern mei har âlden nei de Feriene Steaten, dêr't se opgroeide yn it suden fan 'e steat Kalifornje. Nei't se har oplieding ôfrûne hie, hie se ferskate jierren in baan op it mêd fan ûnderwetterkonstruksjewurk. As leafhawwerijen hat Mikita ûnderwetterfotografy, har húsdieren en de fjochtsporten jiu jitsu en taekwondo.
Mikita makke har debút yn 'e Amerikaanske pornoyndustry yn novimber 2005, doe't se 31 jier wie. Har earste pornografyske film wie New Flavors 1, ûnder rezjy fan Damien Rossi. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neityd yn krapoan 130 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, New Sensations, Evil Angel, West Coast Productions, Elegant Angel, Zero Tolerance, Digital Sin, Diabolic Video, Anabolic Video, Pure Play Media, Hustler Video, Adam & Eve, VCA Pictures, Third Degree Films, Red Light District, Sin City en Devil's Film. Ek wie se in protte yn 't spier foar pornosites op it ynternet. lykas Naughty America en Muffia.
Behalven as aktrise wie Mikita ek aktyf as neakenmodel en as fetysjmodel. Yn in fraachpetear bestried se de gauris hearde opfetting dat froulju dy't yn 'e pornoyndustry wurkje, dat dogge om't se ferslave binne oan drugs of om't se earder yn harren libben in trauma oprûn hawwe troch seksueel misbrûk. Neffens Mikita kin der grou jild fertsjinne wurde yn 'e pornoyndustry, en is der dus as karriêrekar neat op oan te merken as in frou wat ekshibysjonistysk oanlein is en fertrouwen hat yn it nivo fan har seksuële feardichheden. Mei 38 jier loek Mikita har nei in frij hommelse beslissing om in diploma yn ynformaasjetechnology te heljen, yn 2010 werom út 'e pornoyndustry (guon films mei har dy't yn 2011 útbrocht waarden, wiene al earder opnommen).
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Biografy en filmografy fan Maxi Mikita yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Maxi Mikita yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Maxi Mikita op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |