Meike de Jong (Tilburch, 23 maart 1979) is in Nederlânsk sjoernaliste, nijslêzeresse, ferslachjouster en presintatrise. Hja is benammen bekend fan it RTL Nieuws.

Meike de Jong
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Meike de Jong
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 23 maart 1979
berteplak Tilburch (Noard-Brabân)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as sjoernaliste, nijslêzeresse,
ferslachjousterpresintatrise
medium tillefyzje
wurksum by RTL
bekend fan RTL Nieuws
jierren aktyf 2000 – no
offisjele webside
www.meikedejongmedia.nl

Libben en karriêre

bewurkje seksje

De Jong waard yn 1979 berne yn Tilburch. Hja foltôge in stúdzje yn 'e rjochting tillefyzje oan 'e Akademy foar Sjoernalistyk yn har berteplak, foar't se yn 2000 úteinsette mei har karriêre by de regionale Omrop Brabân. Dêr wie se yn 't earstoan redaktrise en ferslachjouster foar Brabant Nieuws, mar waard se yn 2004 ien fan 'e fêste nijslêzers. Dêrnjonken presintearre se ek it skoalspul Brabant Battle.

Yn 2011 stapte De Jong oer nei RTL Nederlân, dêr't se begûn as redaktrise foar it moarnsbulletên fan it RTL Nieuws. Ek die se geregeldwei de voice-over by nijsreportaazjes. Yn juny 2013 presintearre De Jong twaris it RTL Ontbijtnieuws om't beide fêste nijslêzers doe mei ferlof wiene. Fan dy tiid ôf is se de fêste ynfalster foar Jan de Hoop en Sanne Staarink. Sûnt 2014 falt De Jong ek geregeldwei yn by it oerdeiske nijsbulletên fan RTL Z en op sneins by it lette nijs.

Yn 'e simmer fan 2015 waard De Jong fierders oansteld as fêste ynfalster foar de jûnsútstjoerings, dêr't se dan Merel Westrik of Daphne Lammers ferfangt. Los fan har wurk foar RTL is De Jong ek aktyf as deifoarsitter by wiid útinoar rinnende eveneminten.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side.

  NODES
OOP 1
os 1
web 2