Mellum is in ûnbewenne Dútsk eilân súdeastlik fan Wangereach. It is ien fan de Eastfryske eilannen en falt bestjoerlik ûnder it Kreis Wesermarsch.

Mellum yn de Waadsee
Mellum
Bunkerrest en hûs

It eilân ûntstie ein 19e iuw by de wetterskieding yn de Waadsee tusken de mûningen fan de Jade en de Wezer, foar it skiereilân Bûtjadingen. Yn 1903 besloech it eilân tsien hektare. Sûnt dy tiid groeide it eilân fierder:

  • 1913: 13 ha
  • 1924: 23 ha
  • 1932: 38 ha
  • 2006: 75 ha

Dat Mellum sa hurd groeit hat te krijen mei sterke seestreamen dy't sân tsjin it eilân triuwe.

Yn de Twadde Wrâldkriich stie der loftôfwargeskut op it eilân mei in ringdyk rûnom. De ringdyk omslacht fjouwer hektare. De ringdyk hat bunkeroerbliuwsels en in hûs foar de natoerbeskerming.

It eilân bestiet út kwelderlân en dunen, binnen de lytse ringdyk waakse noch wat beammen. Op it eilân briede goed tritich fûgelsoarten (2010). Dêrneist binne de seehûn en de boskmûs fêste bewenners fan it eilân.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Mellum – foto, fideo en harktriemmen
Fryske eilannen
 
 

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

  ·   ·  
  NODES
see 5