Michelangelo di Lodovico Buonarroti Simoni, better bekend mei syn foarnamme Michelangelo (Caprese, 6 maart 1475Rome, 18 febrewaris 1564) wie in Italjaanske keunstner, dy't sawol skildere, byldhoude, boude en gedichten makke.

Michelangelo Buonarroti
Madonna mei bern yn de Us Leaffroutsjerke te Brugge. Dit is it ienige wurk fan Michelangelo dat al yn syn libben fuortgie út Itaalje.
In stânbyld fan Michelangelo oan de bûtenkant fan it Uffizy, Florâns
Michelangelo's, Pietà, 1499, Sint Pitertsjerke, Rome, hichte 174 cm
Michelangelo's stânbyld fan Mozes yn de San Pietro yn Vincoli tsjerke te Rome
David yn Galleria dell'Accademia, Florâns
De Skepping, Sikstijnske Kapel, Fatikaanstêd
It plafond fan de Sikstijnske Kapel
Koepel fan de Sint Pitertsjerke yn Fatikaanstêd
Michelangelo's grêftombe yn de Santa Croce (Florâns)
Tondo Doni; Uffizy, Florâns

De âldste biografy fan Michelangelo is fan Giorgio Vasari.

Syn heit Lodovico stamme ôf fan in keapmansfamylje út Florâns dy't fan âlds wolfarrend wiene. Lodovico wie boargemaster fan Caprese. Michelangelo wie seis jier âld doe't syn mem ferstoar. Neidat de húshâlding nei Florâns ferhuze, waard Michelangeo oan in min tafertroud. Omdat de man fan de min de funksje fan stienhouwer hie, makke Michelangelo der letter in grapke fan dat hy de leafde foar de byldhoukeunst al mei de molke fan syn min yngetten krige hie.

Michelangelo hie as jonkje net folle belangstelling foar skoalle. Hy brocht syn tiid leaver troch mei tekenjen. Syn útsûnderlike talinten op dat mêd diene al bliken op jonge leeftyd. Syn heit hie ynearsten net folle begryp foar de plannen fan Michelangelo. Yn dy tiid wie de sosjale status fan keunstner net heech. Lykwols sette Michelangelo troch en gong op sechtjinjierrige leeftyd yn de lear by Domenico Ghirlandaio. Net folle letter soe hy him oanslute by de byldhouwer Bertoldo di Giovanni, in eardere learling fan Donatello.

Fan 1490 oant 1492 stie de jonge keunstner ûnder beskerming fan de romroftige Lorenzo I de' Medici, dy't ek Il Magnifico neamd waard. Op dizze wize krige hy tagong ta de âldheidkundige samling yn de tún by it kleaster San Marco. Yn dy tiid hie Michelangelo omgong mei foaroansteande learden en dichters as Marsilio Ficino en Angelo Poliziano.

Nei de dea fan Lorenzo de' Medici komt Florâns ûnder ynfloed fan de Dominikaanske muonts Girolamo Savonarola dy't nochal tsjin de pracht en preal wie fan de keunsten. Savonarola bepaalde in skoftlang it kulturele klimaat yn de stêd wêrtroch't Michelangelo de stêd ferlit en nei Bologna ferhuzet. Dêr komt er foar in jier by de aadlike Gianfrancesco Aldovrandi te wenjen. Yn Bologna skoep de wyls tweintichjierrige de Ingel mei kandler en it byld fan de Hillige Petronius. Michelangelo wie net allinnich ferbûn mei de eallju Aldovrandi troch harren leafde foar de byldzjende keunst, ek dy foar de literatuer hienen sy mien. Michelangelo lêst Aldovrandi foar út it wurk fan de ferneamde Toskaanske dichters Dante Alighieri, Giovanni Boccaccio en Francesco Petrarca. Michelangelo's earste fersen, dy't wat jierren letter ûntstienen, litte fral de ynfloed sjen fan Petrarca.

Earste ferbliuw yn Rome

bewurkje seksje

Nei in koarte weromkomst yn Florâns set hy ôf nei Rome. De mânske antike keunstskatten dêr hawwe in ôfgryslike oantrekkingskrêft op him. Yn Rome makket hy syn earste Romeinske wurken: Bacchus en de ferneamde Pietà, dy't yn distiid opsteld stiet yn de rjochter sydkapel fan de Sint-Piter yn Rome.

Werom yn Florâns

bewurkje seksje

Yn 1501 komt Michelange werom yn Florâns. Hy treft dêr in tige ferbettere polityk klimaat oan. Foar him brekt in fruchtbere tiid oan dêr't hy wichtige opdrachten yn krijt, lykas it ferneamde byld David. Mei Leonardo da Vinci wurdt hy frege foar it meitsjen fan in grutte muorreskildering.

Paus Julius II

bewurkje seksje

Yn 1505 wurdt Michelangelo troch paus Julius II nei Rome helle om foar him in grêfmonumint te ûntwerpen en út te fieren. In projekt dat mei ferskate ûnderbrekkings en oanpassings pas yn 1545 foltôge wurde soe, 32 jier nei it ferstjerren fan de paus. Ynearsten moast it in frijsteand, grutsk monumint wurde mei mear as 40 byldhoude figueren. Yn sterk ôfslanke foarm is it no yn de tsjerke fan San Pietro in Vincoli yn Rome te sjen. It byld fan Mozes1516) is dêrfan it bekendste ûnderdiel, mar ek de ferneamde saneamde Slaven (Galleria dell'Accademia, Florence) wienen foar dizze tombe bedoeld. De opdracht fan de paus foar fresco's op it plafond fan de Sikstijnske Kapel yn Rome, liedt ta Michelangelo's ferneamdste skilderwurken. De Skepping van Adam is it bekendste ûnderwerp op it plafond.

Earste boumaster opdrachten

bewurkje seksje

De earste boumasteropdracht dy't Michelangelo krige, wie it dekorearjen fan de ûnbewurke bleaune fasade fan de San Lorenzobasilyk yn Florâns. Hy wurke yn opdracht foar paus Leo X. Lang neidat Michelangelo it earste ûntwerp ynlevere hie, luts de paus him yn 1520 werom út it projekt. In stik better gie it mei de planning fan de Biblioteca Medicea Laurenziana yn opdracht fan paus Clemens VII yn 1524. De bibleteek herbercht de ierdefolle hânskriftekolleksje fan de Medici.

Lêste trichtich jier yn Rome

bewurkje seksje

Yn 1534 fêstige Michelangelo him foarfêst yn Rome dêr't hy de lêste trichtich jier fan syn libben trochbringt. Nei de dea fan Flemens VII nimt de nije paus Paulus III Michelangelo fuortendaliks yn tsjinst. Op dat stuit befynt hy him op it toppunt fan syn rom. Hy skildert dan ek "It lêste Oardiel", it ferneamde fresko yn de Sikstijnske Kapel, yn ien fan de hjoeddeiske musea yn Fatikaanstêd. Yn 1535 wurdt Michelangelo op 'e nij benadere foar in skilderopdracht yn de kapel. Diskear moat hy de muorre efter it alter beskilderje mei it Lêste Oardiel. It fresko wurdt yn 1541 troch him ôfmakke. Troch it grutte Westersk Skisma yn de 14e iuw, wie de pauslike tsjerke yn fiergeande steat fan ferfal. Healwei de 15e iuw wurde ûnder paus Nicolaas V plannen makke foar útwreiding fan de Sint Piter. Troch paus Julius II wurdt fyftich jier letter ta nijbou besletten dêr't ek Michelangelo by belutsen waard. Hy is dan al de sânde boumaster fan it projekt en kearde werom nei it oarspronklike plan Danato Bramante, dy't in symmetryske rûne koepel foar eagen hie. It projekt waard nei de dea fan Michelangelo foltôge.

Michelangelo hat ek it plein en de treppen fan Piazza del Campidoglio yn Rome ûntwurpen.

Michelangelo stoar op 18 febrewaris 1564 yn Rome, inkele wiken foardat hy 89 jier wurde soe. De lêste wurden fan him binne troch Vasari optekene:"Ik jou myn siel werom yn de hân fan God, myn lichem oan de ierde, en myn besit oan myn famylje". Syn keunstwurken hawwe him ûnder it libben al safolle rom opbrocht, dat hy mei Giorgio Vasari wol Il divino Michelangelo, de godlike Michelangelo neamd wurdt. De wurken fan him wurde as grut en útsûnderlik betitele en jilde as it hichtepunt fan de Renêssânsekeunst. Michelangelo leit begroeven yn in prealgrêf yn de Basilica di Santa Croce yn Florâns.

De leafde is hiel wichtich yn it oeuvre en libben fan de keunstner. De wurken fan him belichemje de leafde foar de godlike skepping, sawol yn it marmer, de skilderkeunst as de manlike skientme. De boarne oer it privelibben fan Michelangelo's jouwe ien namme. De grutste leafde fan him soe Tommaso dei Cavalieri west hawwe. Fierders ûnderhâlde Michelangelo in freonskip mei Vittoria Colonna, dêr't hy geregeldwei brieven mei skreau. Michelangelo wie folle âlder as syn aadlike oanbidder Tommaso, mar de leafde foar him docht bliken út de protte romantyske gedichten en sonnetten dy't er oan him opdroech.

De David fan Michelangelo is útgroeid ta in symboal fan de westerske byldhoukeunst. Adam en David binne de godlike folmakke skepping en tsjûge fan Michelangelo's oanbidding foar it manlike lichem. Michelangelo sels hat nea troud west en bleau trou oan syn leafde foar de keunst.

Byldzjende keunst

bewurkje seksje
  • Gill, Anton: Il Gigante", Florence en Michelangelo's David,
  • Grömling, Alexandra: Michelangelo

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  NODES