In model (fan it Midfrânske modèle) is in persoan dy't betelle wurdt om te posearjen, mei as doel om fan him/har in duorjende ôfbylding te meitsjen, itsij ien dy't hânmakke is (skildere, tekene, fike, byldhoud), itsij troch fotografy. Gauris giet it dêrby net om it model sels, mar om beskate kommersjele produkten (lykas moade of kosmetika) te advertearjen. Ek kin in model tsjinje as fisuële grûnslach om in keunstwurk op te basearjen, of om begear op te wekjen yn 'e taskôger. Dat lêste elemint wurdt trouwens gauris kombinearre mei de bedoeling om kommersjele produkten oan te priizgjen.

Mannekên

Der kinne in stikmannich ferskillende soarten modellen ûnderskaat wurde:

  • in fotomodel lit foto's fan har meitsje, ornaris mei as doel om moade, kosmetika, parfum of sokssawat oan 'e man te bringen;
    • in supermodel is in fotomodel dat ta de abslute top yn har fak heart en wrâldferneamd is;
    • in gruttematemodel of plus-size model is in fotomodel dat in bytsje of folle wielderiger is as it "gewoane" fotomodel;
  • in fetysjmodel is in model dat posearret yn fetysjklean (bgl. lear of lateks), dy't har lichem op in fetisjistyske manear fuortsterkje of yn in fetisjistyske sitewaasje toane; in fetysjmodel kin sawol in glamourmodel as in neakenmodel wêze;
  • in fitnessmodel toant har eigen ôftrainde en/of spierde lichem yn fitnesswedstriden;
  • in glamourmodel lit har soms klaaide, soms foar in part (mar nea hielendal) ûntklaaide lichem fotografearje, itsij poer om har lichem sjen te litten, itsij om produkten te advertearjen;
  • in lichemsdielmodel brûkt inkeld in part fan har lichem as model (lykas in hân of in foet foar neillakreklame);
  • in mannekên toant moade yn in moadeshow;
  • in neakenmodel is in model dat neaken posearret;
  • in promoasjemodel is in model dat net inkeld troch syn/har foarkommen mar ek troch aktyf promoasje te meitsjen in produkt oan 'e man besiket te bringen (lykas de eardere Marlboro Man tusken 1954 en 1999);
    • in konvinsjemodel, beursmodel of trade show model is in promoasjemodel dat troch syn/har oanwêzichheid (bygelyks op autobeurzen) in beskaat kommersjeel produkt opkreazet en oan 'e man helpt te bringen;
    • in wurdfierend model of spokesmodel is in promoasjemodel dat de rol fan ambassadeur fertolket foar in beskaat merk;
  • in alternatyf model is elts model dat net yn 'e konvinsjonele kategoryen yn te dielen is, lykas punk-, Gothic of tatoeaazjemodellen.

Dizze opsomming fan ûnderskate soarten modellen wol trouwens net sizze wol dat men net tagelyk èn it iene èn it oare wêze kin; fral it wurk fan fotomodellen en mannekêns, of fan neakenmodellen en fetysjmodellen lit him maklik kombinearje.

  NODES
Done 1
punk 1