In molkenkelder is in kelder fan in kop-hals-romppleats of stjelp dêr't eartiids de rjemme fan de molke helle waard. De kelder is heal ferdjippe oanlein, ûnder de opkeamer. It foarhûs stie meast op it noarden, sadat de kelder simmerdeis ek koel bleau. Der binne ek buorkerijen mei de molkenkelder njonken of foar yn de skuorre.

It meitsjen fan bûter easke in soad romte, omdat de fereaske molke yn grutte platte skûtels - de molkenaden - getten waard om te rjemjen. De molke kaam dan ta rêst, wêrtroch't de rjemmedieltsjes boppe driuwen kamen. As de molke genôch oprjemme wie, waard de rjemme der ôf skept en ta bûter tsjerne. Om't it oprjemmeproses it bêste wurket yn in koele keamer, barde soks yn in grutte kelder. Om dy koel te hâlden, waarden nachts de rútsjes fan de glêsleaze finsters iepen setten. Oerdei waarden se wer tichtdien om de waarmte fan de dei bûten te hâlden. Mar dit alles wie net genôch. Om in sa goed mooglike isolaasje fan de kelder te berikken wie in systeem mei binnen- en bûtenlûken betocht. Dat soarge foaar in isolearjende loftlaach. Elke finsteriepening wie ôfsluten mei ien of twa izeren balken om nachtdieven bûten te hâlden. Ek katten waarden sa bûten holden. Dêrom hiene de lûkgatten ek faak ticht byinoar steande rechters. Dat wie goedkeaper as de izerene en like effektyf foar dit doel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  NODES