De murd (wittenskiplike namme: Mustela putorius) is in is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela). Dit bist is lânseigen yn it grutste part fan Jeropa (wêrûnder Fryslân) en dêropta ek yn in stikje fan westlik Sibearje. De murd is in lyts linich rôfdier dat nachts aktyf is en folle minder territoriaal is as oare martereftigen. De murd ûntjoech him yn it Midden-Pleistoseen yn West-Jeropa, en is it naust besibbe mei de steppemurd (Mustela eversmanii), de swartpoatmurd (Mustela nigripes) en de Jeropeeske nerts (Mustela lutreola). Mei de earste beide fan dy trije soarten kinne murden fruchtbere neikommelingen produsearje. De murd is de wylde foarâlder fan 'e fret (Mustela putorius furo), dy't mear as 2.000 jier lyn domestisearre waard foar ûngediertebestriding. De IUCN klassifisearret de murd as net bedrige.

murd
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje martereftigen (Mustelidae)
skaai lytse marters (Mustela)
soarte
Mustela putorius
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding

bewurkje seksje

Algemiene fersprieding

bewurkje seksje

De murd is lânseigen yn hast hiele Jeropa, útsein Iislân, Ierlân, de noardlike helte fan Finlân, it suden en uterste noarden fan Ruslân, de eastlike helte fan 'e Oekraïne en de eilannen yn 'e Middellânske See. Op it Skandinavysk Skiereilân komt er inkeld foar yn it súdlike fearn fan Sweden en it uterste súdeasten fan Noarwegen. Op it Balkanskiereilân ûntbrekt de murd yn East-Traasje, de súdlike helte fan Albaanje en it meastepart fan Grikelân. Op it eilân Grut-Brittanje komt er inkeld foar yn Wales en de westlike Midlannen fan Ingelân, mei dêrby noch in pear isolearre populaasjes yn noardlik Ingelân en oan 'e westkust fan Skotlân. Op it eilân Man, yn 'e Ierske See, is de murd oanwêzich as in eksoat. Bûten Jeropa komt de murd ek foar yn in part fan westlik Sibearje en yn it Marokkaanske Rifberchtme.

Fersprieding yn Nederlân en Fryslân

bewurkje seksje

Yn Nederlân komt de murd frijwol oeral foar, en yn Fryslân ûntbrekt er allinnich op 'e Waadeilannen. Op Flylân, Skiermûntseach en de ûnbewenne Waadeilannen hat er nea foarkommen, en op it Amelân en Skylge koed er him net hanthavenje en is er nei in koarte oanwêzigens wer ferdwûn. Op it Fryske fêstelân wurdt de murd faker yn it binnenlân sinjalearre, en liket er de Waadkust en de Iselmarkust wat te mijen.

 
In murd.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

In folwoeksen murd hat trochinoar in kop-romplingte fan 361/2 sm, mei in sturtlingte fan 14 sm en in gewicht fan goed 1 kg. Der bestiet by dizze soarte in foarm fan seksuele dimorfy, yn 'e sin dat mantsjes in stik grutter binne as wyfkes. Mantsjes wurde 33–45 sm lang (kop-romp), mei in sturtlingte fan 12–18 sm en in gewicht fan 1/2–1,8 kg. Wyfkes hawwe in kop-romplingte fan 28–38 sm, in sturtlingte fan 101/2–15 sm, en in gewicht fan 0,3–0,91/2kg.

De murd hat in dûnkere pels dy't brún is, op guon plakken suver tsjin it swarte oan, mar op 'e siden in ljochtere tint brún. De snút en de rânen fan 'e lytse earen binne wyt, en tusken de earen en de eagen yn sitte ljochte plakken dy't omskreaun wurde kinne as bêzje. Oer de eagen hinne hat de murd in dûnker masker, dat him in wat krimineel uterlik jout. By 't simmer lizze de wollige, ljochtbrune oant gielige ûnderhierren foar it grutste part ferburgen ûnder it dûnkerkleurige dekhier. Winterdeis stiet dy ûnderpels út, sadat in murd der dan ljochter en grouwer útsjocht.

Mei't se net tier binne wat fretten oanbelanget, kinne murden yn in soad ferskillende lânskipstypes bestean, salang't der mar genôch dekking is. Se komme benammen foar yn beboske leechlân deunby oerflaktewetters, lykas yn wâlen en sompen. Ek hâlde se wol ta by boerepleatsen en yn beboske greidlân.

 
In murd.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Murden binne nachtdieren, dy't oerdeis yn harren hoale bliuwe. It aktyfst binne hja tusken 9–11 oere jûns en tusken 2–5 oere moarns. In murd graaft faak syn eigen hoale, mar hy kin ek in ferlitten kninehoale ynnimme of gebrûk meitsje fan in natuerlike holte tusken stiennen of rotsen. De hoale wurdt beklaaid mei gers en moas. De murd is frij gefoelich foar kjeld; by hiel lege temperatueren komt er soms in dei as trije efterinoar net bûtendoar. Rein hat er folle minder lêst fan. De murd libbet solitêr. As er yn it nau brocht wurdt spuitet er in stjonkend, molke-eftich focht út 'e eartgrutte anaalklieren oan 'e sturtbasis. Datselde guod brûkt er ek foar it ôfsetten fan syn territoarium, hoewol't er folle minder territoriaal is as oare soarten martereftigen. Syn wittenskiplike namme, Mustela putorius, betsjut yn it Latyn dan ek "stjonkende marter".

Al ier yn it foarjier begjint foar de murd de peartiid, dy't ek wol "rôltiid" neamd wurdt. Dy duorret fan maart oant en mei april. It mantsje giet dan op 'e swalk om wyfkes te finen. Foarôfgeande oan it pearjen grypt it mantsje it wyfke by it nekfel fêst en rint mei har om. De pearing sels kin wol hast in oere duorje. Nei in draachtiid fan likernôch 6 wiken wurde der yn 'e perioade fan april oant juny 4–6 jongen smiten. Yn ekstreme gefallen kin ien smeet 2–12 jongen telle. Yn seldsume gefallen helpt it mantsje by it fersoargjen fan 'e jongen, mar ornaris wurdt dy taak ferfolle troch it wyfke allinne. Foar de befalling lûkt it wyfke har gauris werom yn in ferlitten kninehoale of in fokseboarch. Mar ek holle beammen of gatten yn muorren wurde dêr wol foar brûkt. De murd smyt mar ienris yn 't jier. By de berte hawwe de jongen side-eftich wyt hier en weagje se 9–10 g. Nei 3–4 wiken begjint in dûnkere pels te groeien. Mei likernôch in moanne wurde de jongen ôfwûn en nei in fearnsjier binne se selsstannich. Yn it wyld berint de libbensferwachting fan murden heechút 5–6 jier. Yn finzenskip kinne se wol 14 jier wurde.

 
In jonge murd.

De murd is in fûleindich rôfdier dat njonken mûzen, rotten en kikkerts ek in (folle gruttere) hin of wylde knyn net út 'e wei giet. Fierders fret er ek wolris (oare) fûgels, wjirms, ynsekten, hagedissen en ies. As it in murd slagget om in hinnehok yn te kringen, folget der in woaste moardpartij wêrby't er in soad fan 'e (of alle) hinnen deamakket.

Murden brûke ferskate taktiken om harren proai te deadzjen: in kikkert wurdt yn 'e nekke biten, in mûs yn 'e kop en in knyn yn 'e noas. De murd leit foarrieden fretten oan. Yn of by guon hoalen wurde soms wol tsientallen deade of ferlamme kikkerts en podden fûn.

Natuerlike fijannen

bewurkje seksje

De murd hat net folle natuerlike fijannen, útsein fansels de minske. Lykwols is der teminsten ien dokumintearre gefal fan in stienmurd (Martes foina) dy't in murd deade. Men mei oannimme dat de wolf (Canis lupus) en mooglik de Jeraziatyske lynks (Lynx lynx) in murd ek net rinne litte sille as se de kâns krije om der ien te pakken. Yn gebieten dêr't ek de Amerikaanske nerts (Neogale vison) foarkomt, dy't yn Jeropa in eksoat is, hat de murd it swier, om't de Amerikaanske nerts deselde proaien pakt. Fral yn wiete biotopen, lykas moerassen, leit de murd it yn gefallen fan direkte konkurrinsje ôf tsjin 'e Amerikaanske nerts.

De murd hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der gjin kâns op útstjerren bestiet om't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Yn Nederlân mei der net mear op murden jage wurde, wat foarhinne in protte foarkaam fanwegen de kostbere feltsjes. In soad arbeiders út 'e Wâlden fertsjinnen der op dy manear in pear sinten by. Soks waard dien mei in spesjaal dêrta belearde "murdehûn", wat yn 'e regel in wetterhûn wie. Murdejeien barde nachts, en man en hûn moasten der wol tûk foar wêze. Oars as foarhinne beskôget men de murd hjoed de dei as in geunstige ynfloed op syn proaidieren, mei't er krekt as oare rôfdieren de sike, swakke en ûnoanpaste proaien it earst pakt, sadat de populaasjes fan syn proaidiersoarten sûn en sterk holden wurde.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne 7 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e murd (Mustela putorius), wêrfan't ien útstoarn is:

 
In Welske murd, fan 'e ûndersoarte dy't op 'e Britske Eilannen foarkomt.

De Murd yn it Frysk

bewurkje seksje

Yn it Frysk binne der in protte sprekwurden en siswizen mei murden, dy't gauris ferwize nei harren stank of ûnderstelde gemienens.[1]

  • Ynwenners fan Húns wurde ek wol Húnzer Murden neamd.
  • Sa kwea as in murd
  • Sa sinnich as in murd
  • Sa skier as in murd
  • Sa skier as in murd dy't yn 't lêste simmerhier is
  • Sa sliepperich as in murd
  • Sa slûch as in murd
  • Sa snoad as in murd
  • Sa swart as in murd
  • Sa taai as in murd
  • Sa wurch as in murd
  • Gnize as in murd
  • Gnize as in murd foar 't goatsgat
  • Gnuve as in murd
  • Kleie as in murd
  • Laitsje as in murd
  • Laitsje as in murd foar 't goatsgat
  • Sjen as in murd
  • Stjonke as in murd
  • Fjochtsje as murden
  • Raze as murden
  • Tsiere as murden
  • In murd fan in jonge (in slûchslimmenien)
  • Men fangt ek wolris in murd yn in rottefalle (in snoadenien rint der soms ek wolris yn)
  • Goenacht mei-inoar, sei de murd, en stoep yn it hinnehok.
  • Nim it my net kwea-ôf, sei de murd, en biet de hoanne de kop ôf.

Yn 'e boeken fan Rink van der Velde komt gauris murdejeien foar. Yn Dûm de Murd hat skriuwer S. Bangma it libben fan in murd, sjoen troch de eagen fan it bist sels, beskreaun.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 636.M

  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770, s. 164–166.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES