In nachtdier is in bist dat nachts aktyf is en de dei sliepend trochbringt. It byhearrende eigenskipswurd is nokturnaal.

Ulen binne nachtdieren by útstek.

Nachtdieren hawwe oer it algemien in heech ûntwikkele gesichtsfermogen, mar om't de funksjonaliteit dêrfan yn it nachtlik tsjuster beheind is, hawwe se faak ta kompinsaasje ek sterke oare sintugen evoluëarre, lykas gehoar en rooksin. Guon nachtdieren, lykas katten en fretten, hawwe eagen dy't har oanpasse kinne oan sawol lege as hege ljochtnivo's, wat har by steat steld om ek by ljochtskyndei op 'e lapen te kommen. Oaren, lykas galago's (in famylje fan healapen dy't miskien better bekend is ûnder de Ingelske namme bushbabies) en guon flearmûzen, kinne allinne mar nachts sjen en kinne deis sadwaande net funksjonearje. In soad nachtdieren, lykas ûlen, hawwe tige grutte eagen yn ferhâlding ta har lichemsgrutte, om 'e legere ljochtnivo's by nacht te kompinsearjen.

It tsjinstelde fan in nachtdier is in deidier, dat net nokturnaal is mar diurnaal, en dus inkeld by ljochtskyndei aktyf. Dêrta hearre bygelyks iikhoarntsjes en sjongfûgels. Dan binne der noch de saneamde skimerdieren, dy't skimeraktyf of krepuskulêr binne, wat sizze wol dat se de foarkar jouwe oan 'e tuskenbeiden perioade fan 'e moarns- en de jûnsskimer. Foarbylden fan dizze groep binne kninen, stjonkdieren en hyena's. Ta ein beslút binne der de saneamde metaturnale bisten, lykas liuwen, dy't it hiele etmiel rûn aktyf wêze kinne. Minsken binne fan natuere diurnaal, al ûntwikkelje party nokturnale gewoanten neigeraden dat se âlder wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES