De narteks is in smelle festibule of foarhal by de haadyngong oan de westkant fan âlde kristlike en Byzantynske tsjerken, benammen basiliken. Hy rint oer de hiele breedte fan it gebou en is bygelyks troch in arkade mei it skip ferbûn. De narteks laat nei de naos, de tsjerkeseal. As de narteks hielendal yn it tsjerkegebou sit, hjit hy esonarthex (binnennarteks), as er bûten de gevel leit, wurdt er oantsjut mei exonarthex (bûtennarteks). In binnen- en bûtenste narteks kinne ek tegearre foarkomme as aparte dielen fan in narteks.

Plak fan de Narteks
Plattegrûn fan de Goaratsjerke mei in bûten en in binnen narteks (Istanbûl)

Foar de narteks kin ek noch in atrium lizze (in fjouwerkant foarplein, ferlykber mei de krúsgong fan it midsiuwsk kleaster). Yn gefal fan âlde kristlike basiliken, kin it foarplein omjûn fan portiken ek narteks neamd wurde.[1]

Te ferlykjen festibules yn oare tsjerkegebouwen, bygelyks by in romaanske basilyk of in goatyske katedraal, wurde net narteks neamd.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wilfried Koch: Baustilkunde. Das Standardwerk zur europäischen Baukunst von der Antike bis zur Gegenwart. Gütersloh 2009, s. 470.
  2. Koepf/Binding: Bildwörterbuch der Architektur. Kröner, Stuttgart 2005. ISBN 3-520-19404-X, s. 536, 540.
  NODES