Naturalis Historia

De Naturalis Historia (Frysk: Natuerlike Histoarje) is in Latynsk wurk fan Plinius de Aldere. De Natuerlike Histoarje is it grutste wurk dat bewarre bleaun is fan it Romeinske Ryk oant hjoed-de-dei en is in samling fan ynformaasje dy't sammele is by oare âlde auteurs. Nettsjinsteande de titel fan it wurk is it ûnderwerp net beheind ta wat hjoed-de-dei ûnder natuerlike skiednis ferstien wurdt; Plinius sels definiearret syn wurk as 'de natuerlike wrâld, of it libben'. [1] It is in ensyklopedysk wurk, mar de struktuer is net lykas dy fan in moderne ensyklopedy. It is it iennige wurk fan Plinius dat bewarre bleaun is en it lêste dat er publisearre. Hy publisearre de earste 10 boeken yn 77 nei Kristus, mar hie de rest noch net definityf neisjoen doe't er stoar by de útbarsting fan de Vesuvius yn 79 nei Kristus. De rest waard postúm publisearre troch Plinius syn neef, Plinius de Jongere.

Earste side út 'e editio princeps fan Historia Naturalis printe yn 1469 yn Feneesje troch Johann fan Speyer. Bibliothèque nationale de France

It wurk bestiet út 37 boeken, ûnderferdield yn 10 dielen. Dy behannelje ûnderwerpen as astronomy, wiskunde, geografy, etnografy, antropology, minsklike fysiology, soölogy, plantkunde, lânbou, túnbou, farmakology, mynbou, mineralogy, byldhoukeunst, keunst en edelstiennen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Natural History I:13
  NODES
Done 1
Story 1