Nij-Breunswyk

(Trochferwiisd fan New Brunswick)

Nij-Breunswyk (Ingelsk: New Brunswick; Frânsk: Nouveau-Brunswick) is ien fan 'e tsien provinsjes fan Kanada, en de iennichste dy't offisjeel twatalich is. It leit yn it uterste súdeasten fan it lân, dêr't it mei Nij-Skotlân en Prins Edwardeilân gauris beflapt wurdt ûnder de namme fan de Kustprovinsjes (the Maritimes). Teffens heart it ta Atlantysk Kanada. Wat oerflak oanbelanget is Nij-Breunswyk ien fan 'e lytste provinsjes fan Kanada, mei mar 0,7% fan it nasjonaal grûngebiet. De haadstêd fan 'e provinsje is Fredericton. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie Nij-Breunswyk doe goed 750.000 ynwenners, wat delkomt op 2,2% fan 'e totale Kanadeeske befolking.

Nij-Breunswyk
New Brunswick / Nouveau-Brunswick
flagge wapen
Latyn: Spem reduxit ("De hope weromwûn")
lokaasje yn Kanada
algemien
ôfkoarting NB
lân Kanada
status (jier) provinsje (1867)
haadstêd Fredericton
grutste stêd Saint John
offisjele taal Ingelsk, Frânsk
sifers
ynwennertal 751.171 (2011)
befolkingstichtens 10,5 / km²
oerflak 72.908 km² (ynkl. wetter)
71.450 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC -4
webside www.gnb.ca

De provinsje is neamd nei de Dútske lânstreek (foarhinne in foarstedom) Breunswyk (Dútsk: Braunschweig), dat yn it Ingelsk bekend stiet as Brunswick, en dat hjoed de dei diel útmakket fan 'e dielsteat Nedersaksen. Dat gebiet wie it foarâlderlike thús fan kening George III fan Grut-Brittanje, dy't út it Hûs fan Hannover stamde. Dêrfandinne dat ien fan 'e Noardamerikaanske koloanjes dernei ferneamd waard.

 
De kliffen by Kaap Enrage.

Nij-Breunswyk hat in oerflak fan 72.908 km², wêrfan't 71.450 km² út lân bestiet en 1.458 km² út wetter. De provinsje grinzget yn it noardwesten oan it Gaspé-skiereilân, dat diel útmakket fan 'e Kanadeeske provinsje Kebek, en yn it súdwesten oan 'e Amerikaanske steat Maine. Yn it noarden en noardeasten leit Nij-Breunswyk oan 'e kust fan 'e Saint Lawrencebaai, en yn it suden en súdeasten oan 'e kust fan 'e Fundybaai, dat allebeide dielen fan 'e Atlantyske Oseaan binne. Yn it easten soarget de Lâningte fan Chignecto foar in smelle lânbrêge mei de provinsje Nij-Skotlân, dy't op it Nij-Skotlânskiereilân leit.

Yn 'e Fundybaai, dy't Nij-Breunswyk skiedt fan it grutste part fan it Nij-Skotlânskiereilân, fynt twa kear deis de tijbeweging mei it grutste hichteferskil fan 'e wrâld plak: trochstrings 16 m. By opkommend tij rint eltse kear 100 miljard ton seewetter yn 'e 290 kilometer lange baai.[1]

Noardlik Nij-Breunswyk wurdt dominearre troch de noardlike útrinders fan 'e Appalachen. It noardwesten bestiet út 'e ôfhandige en wylde Miramichiheechlannen en de Nôtre Damebergen, mei it heechste punt op 817 m, op 'e top fan 'e Mount Carleton. It eastlike en sintrale diel fan 'e provinsje wurdt foar it meastepart foarme troch leechlân dat trochsnien wurdt troch rivieren, wylst har by de súdlike en súdeastlike kusten lâns de Caledoniaheechlannen en de St. Croixheechlannen útstrekke, mei in maksimale hichte fan boppe de 400 m. De grutte befolkingssintra lizze allegear yn it suden fan Nij-Breunswyk.

De oarspronklike bewenners fan Nij-Breunswyk wiene de Mikmak (Micmac), dy't rûchwei de eastlike helte fan 'e provinsje en de noardkust behearsken, de Malisiit (Maliseet) yn it westen en de Passamakwoddy (Passamaquoddy) yn it uterste súdwesten. Hoewol't it mooglik is dat de Wytsingen yn 'e Midsiuwen oant Nij-Breunswyk trochkrongen, wie it ierst bekende besyk fan in Jeropeaan oan it grûngebiet fan 'e tsjintwurdige provinsje dat fan 'e Frânske ûntdekkingsreizger Jacques Cartier, yn 1534. Yn 1604 waard der in Frânske koloanje stifte yn Nij-Skotlân, en dêrwei wreide de kolonisaasje troch de blanken him yn 'e folgjende oardel iuw stadichoan út oer dielen fan Nij-Breunswyk. De hiele regio fan 'e Kustprovinsjes (mei dêropta noch grutte parten fan Maine) foarme doedestiden de Frânske koloanje Akadia.

 
De Mount Carleton.

Doe't Frankryk by de Frede fan Utert, yn 1713, Nij-Skotlân ôfstean moast oan 'e Britten, wennen de measte Frânske kolonisten, de Akadianen, ynienen oan 'e ferkearde kant fan 'e grins. De rest fan Akadia, dêr't Nij-Breunswyk it grutste part fan foarme, wie mar tinbefolke. Under de Frânske en Yndiaanske Oarloch (1754-1763), de Noardamerikaanske útsprantel fan 'e Jeropeeske Sânjierrige Oarloch, foltôgen de Britten harren ferovering fan Akadia. Doe't se ûntdieken dat ûngeregelde Akadiaanske boargermilysjes oan 'e Frânske kant meifochten, brûkten se dat as ferlechje om yn 1755 by de Grutte Utwizing de hiele Akadiaanske befolking út Nij-Skotlân en Nij-Breunswyk te ferbaljen, wêrby't se de lju yn gammele boatsjes de see opstjoerden, wat hûnderten deaden ta gefolch hie. Party Akadianen yn Nij-Breunswyk flechten de wyldernis yn, dêr't se noch jierrenlang in gûerylja-oarloch wei fierden tsjin 'e Britske besetters.

Nei 1763 waarden it hjoeddeistige Nij-Breunswyk en dielen fan Maine opnommen yn 'e koloanje Nij-Skotlân. Nij-Breunswyk wie nei de deportaasje fan it grutste part fan 'e Akadianen frijwol ûntfolke, en dy sitewaasje bleau foarearst sa, want it loek mar in bytsje Britske kolonisten. Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch waarden der yn 1776, 1777 en 1779 ferskate fjildslaggen tusken de Amerikaanske opstannelingen en Britske troepen útfochten op it grûngebiet fan Nij-Breunswyk, en eefkes liek it wol as soe de koloanje Nij-Skotlân ûnderdiel fan 'e Feriene Steaten wurde, mar dat kaam sa net. Nei de oarloch krige Nij-Breunswyk einlings wer nije ynwenners doe't 14.000 Amerikaanske loyalistyske flechtlingen, dy't oan 'e kant fan 'e Britten fochten hiene, har der nei wenjen setten. Under harren wiene heechoplate lju lykas Edward Winslow, dy't harsels as de natuerlike lieders fan 'e koloanje seagen en ferwachten dat harren trou oan 'e Britske Kroan no beleanne wurde soe. Dêr tochten de oarspronklike Britske kolonisten yn Nij-Skotlân lykwols oars oer, en der ûntstie grutte deilisskip tusken de beide groepen. Uteinlik besleaten de Britske autoriteiten dêrom en spjalt de koloanje midstwa, sadat de Amerikaanske loyalisten harsels bestjoere kinne soene. En sa ûntstie yn 1784 de koloanje Nij-Breunswyk.

 
De Dicksonwetterfal yn it Nasjonaal Park Fundy.

Hoewol't de measte loyalisten har yn 'e omkriten fan Saint John (doe noch Parrtown) nei wenjen set hiene, besleaten de koloniale autoriteiten om 'e haadstêd fan 'e nije koloanje, dy't Fredericton kaam te hjitten, 150 km fan 'e kust ôf oan 'e rivier de Saint John oan te lizzen, mei't er dêr minder kwetsber wêze soe foar in Amerikaanske oanfal. Tagelyk mei de stêd waard yn 1785 de Universiteit fan Nij-Breunswyk stifte, dy't de âldste Ingelsktalige universiteit yn Kanada en de earste iepenbiere universiteit yn Noard-Amearika wie. Oan 'e ein fan 'e achttjinde en it begjin fan 'e njoggentjinde iuw groeide de loyalistyske befolking oan en fersprate him by de kustline fan 'e Fundybaai en de rivieren de Kennebecasis en de Saint John lâns. Yn deselde snuorje kearden frij grutte oantallen Akadianen temûk werom nei wat se beskôgen as harren heitelân, en setten har oan 'e noard- en noardeastkust nei wenjen, dêr't se lang yn relative en fierhinne selsopleine isolaasje libben. Yn 'e njoggentjinde iuw kamen der ek mear Jeropeeske ymmigranten yn Nij-Breunswyk oan, út Skotlân en westlik Ingelân wei, en, nei 1845, fral ek út Ierlân, as gefolch fan 'e Jirpelhongersneed dêre. Sawol Saint John as de Miramichi-regio hawwe sels hjoed de dei noch in ûnûntstriidber Ierske útstrieling.

 
J.C. Van Horne Brêge yn Campbellton, oer de rivier de Restigouche.

De grins tusken Maine en Nij-Breunswyk wie nea sekuer fêstlein, en dat late yn 'e jierren 1838-1839 hàst ta in wapene konflikt, wêrby't sawol Nij-Breunswyk as Maine de eigen milysje mobilisearre. Dizze saneamde Aroostookoarloch waard lokkigernôch ôfkeard, mar de sitewaasje wie in pear jier tige spand. It ferrin fan 'e grins waard úteinlik fêststeld by it Webster-Ashburton-Ferdrach fan 1842.

Yn 1867 wie Nij-Breunswyk (mei Ontario, Kebek en Nij-Skotlân) ien fan 'e oprjochtsjende provinsjes fan 'e Kanadeeske Konfederaasje. Dat waard bepankoekbakt troch de liedende figueren yn 'e Nijbreunswykske polityk, mar it gewoane folk wie der hoegenamt net bliid mei, om't men bang wie dat it lytse Nij-Breunswyk weiwurde soe yn sa'n grut steatsferbân, en dat de belangen fan 'e provinsje negearre wurde soene. In protte politisy dy't de oansluting by de konfederaasje stipe hiene, rekken by de folgjende ferkiezings dan ek harren sit kwyt. Mar tsjin dy tiid wie it al sa en koe it net mear weromdraaid wurde.

De tsjinstanners krigen gelyk doe't Kanada belied trochfierde en hannelsbarriêres opsmiet dy't de histoaryske bannen fan 'e Kustprovinsjes mei it Amerikaanske Nij-Ingelân trochsnie, wat yn Nij-Breunswyk rampsillige gefolgen hie foar de ekonomyske sitewaasje. Dat waard noch oanboaze troch de Grutte Brân fan Saint John, yn 1877, en tûzenen Nijbreunswyksters moasten ferfarre nei oare dielen fan Kanada of nei de Feriene Steaten, inkeld om itende te bliuwen. Mei de tweintichste iuw brieken bettere ekonomyske tiden oan foar de provinsje, al bleau de wurkleazens noch lange tiid heech, wylst de Grutte Depresje de Nijbreunswykse ekonomy in nije knau joech. Pas nei de Twadde Wrâldoarloch libbe de sitewaasje fierhinne op, mar fan 'e jierren santich ôf rekke de ekonomy wer yn it ûnleech, mei massale migraasje nei Ontario as gefolch.

 
It parlemintsgebou fan Nij-Breunswyk.

Nij-Breunswyk hat in provinsjaal parlemint mei 55 sitten. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt (riding), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde kiesstelsel as yn Grut-Brittanje). De provinsje wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in minister-presidint. Yn Kanada is it trouwens wenst (mar gjin wet) dat de minister-presidinten fan 'e ûnderskate provinsjes oantsjut wurde as premier, wylst de federale minister-presidint de prime minister is. Yn it federale Kanadeeske parlemint yn Ottawa wurdt Nij-Breunswyk yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 10 fan 105 sitten (9,5%), en yn it Legerhûs troch 10 fan 308 sitten (3,2%).

De stedske gebieten yn súdlik Nij-Breunswyk hawwe in moderne ekonomy basearre op 'e tsjinstesektor, wêrby't benammen it bank- en fersekeringswêzen, it ûnderwiis, de sûnenssoarch en de detailhannel wichtich binne. Dêrnjonken beskikt Saint John oer in grutte seehaven en swiere yndustry; wurdt Fredericton dominearre troch oerheidstsjinsten, universiteiten en it leger; en hat Moncton him ûntjûn ta in sintrum fan kommersje, transport en distribúsje, mei wichtige spoar- en loftfeartfasiliteiten.

 
De Hartlandbrêge by 't winter.

De ekonomy op it Nijbreunswykske plattelân moat it fral hawwe fan mynbou (wêrûnder lead- en sinkminen), boskbou, de papieryndustry en de lânbou. Wat dat lêste oanbelanget, giet it benammen om mingde bedriuwen en melkfeehâlderij. It wichtichste lânbougewaaks is de jirpel. Oan 'e kust wurdt ek in protte oan fiskerij dien, mei as kostberste fangst kreeft, kaammoksels en keningskrabbe. Yn it uterste súdeasten binne fiskkwekerijen mei salm as wichtichste produkt.

Neffens de Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie Nij-Breunswyk doe 751.171 ynwenners, en in befolkingstichtens fan 10,5 minsken de km². Yn 2006 telde de provinsje noch 749.168 ynwenners,[2] en yn 2001 wienen dat der 729.498.[3] De haadstêd Fredericton is net de grutste stêd fan 'e provinjse; dat is Saint John. Oare gruttere plakken binne Bathurst, Campbellton, Dieppe, Edmundston, Miramichi, Moncton en Woodstock.

 
Moncton by sinne-ûndergong.
 
De skyline fan Saint John.

De mearderheid fan 'e Nijbreunswyksters is fan Noardjeropeesk komôf. By de Kanadeeske folkstelling fan 2001 identifisearren de grutste groepen harsels sa (tink derom dat dit gjin objektive sifers binne, mar poer op selsidentifikaasje berêst):

Befolkingsgroep Oantal %
Kanadezen 242.220 33,7%
Frânsen 193.470 26,9%
Ingelsen 165.235 23,0%
Ieren 135.835 18,9%
Skotten 127,635 17,7%
Dútsers 27.490 3,8%
Akadianen 26.220 3,6%
lânseigen groepen
(Yndianen en Métis)
23.815 3,3%
Nederlanners 13.355 1,9%
Welsen 7.620 1,1%
mear as ien befolkingsgroep 173.585 24,1%

Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2011 sa'n 77% fan 'e befolking fan Nij-Breunswyk út kristenen, wêrûnder 52% roomsen en 25% protestanten. De grutste protestantske denominaasjes wiene de baptisten (8%), de feriene protestantske United Church of Canada (7%), de anglikanen (7%) en de pinksterkristenen (3%). Neffens de De folkstelling fan 2001[4] foarmen fierders de ateïsten en agnosten doe 7,8% fan 'e befolking, wylst de oare godstsjinsten, yn folchoarder fan grutte, wiene: de islaam (1.275 oanhingers of 0,2%); it joadendom (670 of 0,1%); it boedisme (545 of 0,1%); it hindoeïsme (475 of 0,1%); en de lânseigen religyen fan 'e Yndianen (360 of 0,1%). Tusken 1991 en 2001 wie de oanwaaks fan religieuze groepen by de moslims (410%) en de oanhingers fan lânseigen religyen (380%) it grutst.

 
Dominante talen yn Nij-Breunswyk per distrikt. (Read en oranje jouwe in grutte en lytsere Ingelsktalige mearderheid oan; blau en grien in grutte en lytsere Frânsktalige mearderheid.)

Nij-Breunswyk rint der mank de Kanadeeske provinsjes út om't it as iennichste offisjeel twatalich is. It Ingelsk wie altyd al in offisjele taal, en dat is neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 ek de memmetaal fan in romme mearderheid (65,6%) fan 'e befolking fan 'e provinsje. Under it regear fan minister-presidint Louis Robichaud waard yn 1969 lykwols de Wet op 'e Offisjele Talen (Official Languages Act) oannommen, dy't it Frânsk yn Nij-Breunswyk in gelikense status as it Ingelsk joech. De Frânsktalige minderheid (31,9%) is konsintrearre yn it noarden fan 'e provinsje en bestiet út trije ûnderskate groepen: de Kebekanen, dy't fierwei de grutste groep foarmje, yn it noardeasten, de Akadianen yn it noarden en de Brajonnen om Edmundston hinne. Yn 'e achttjinde en njoggentjinde iuw waard der noch in trêde iere kolonistetaal yn Nij-Breunwyk sprutsen, nammentlik it Skotsk-Gaelysk, yn 'e krite fan Campbellton en Dalhousie, mar dat is dêr oan it begjin fan 'e tweintichste iuw útstoarn. De lânseigen talen yn 'e provinsje binne it Mikmak (Micmac) en it Malisiit (Maliseet).

 
It Imperial Theatre, yn Saint John.

Top 10 fan yn Nij-Breunswyk sprutsen talen yn 2011:

# Taal Tal sprekkers %
1. Ingelsk 479.930 65,6%
2. Frânsk 233.530 31,9%
3. Mikmak 3.035 0,4%
4. Sineesk 1.825 0,3%
5. Koreaansk 1.810 0,3%
6. Dútsk 1.805 0,3%
7. Arabysk 1.325 0,2%
8. Spaansk 1.135 0,2 %
9. Nederlânsk 925 0,1%
10. Filipynsk 585 0,1%

Oars as de oare Kustprovinsjes, dy't hielendal of frijwol hielendal troch de see omjûn wurde en sadwaande in evenredich seeklimaat hawwe, hat Nij-Breunswyk de see mar oan ien kant. Dêrfandinne dat it klimaat yn it grutste part fan Nij-Breunswyk mear wei hat fan in lânklimaat as fan in seeklimaat, wat betsjut dat de ferskillen tusken de jiertiden grutter binne, mei waarmere simmers en strangere winters.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes

  1. Government of New Brunswick (2004): About New Brunswick - Geography.
  2. Canada's National Statistical Agency (2006): Canada's population
  3. Government of New Brunswick (2004): 'About New Brunswick - Population'
  4. http://www12.statcan.ca/english/census01/products/highlight/Religion/Page.cfm?Lang=E&Geo=PR&View=1a&Code=13&Table=1&StartRec=1&Sort=2&B1=13&B2=All

boarnen
Foar oare boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


 
               Kanada
 
provinsjes
Alberta • Britsk-Kolumbia • Kebek • Manitoba • Nijfûnlân en Labrador • Nij-Breunswyk • Nij-Skotlân • Ontario • Prins Edwardeilân • Saskatchewan
territoaria
Yukon • Noardwestlike Territoaria • Nûnavût
  ·   ·  
  NODES
languages 1
mac 2
os 7
web 3