Nij-Skotlân

(Trochferwiisd fan Nova Scotia)

Nij-Skotlân (Ingelsk: Nova Scotia, útspr.: ['no:uvǝ 'sko:uʃǝ]; Frânsk: Nouvelle-Écosse; Skotsk-Gaelysk: Alba Nuadh) is ien fan 'e tsien provinsjes fan Kanada. It leit yn it uterste súdeasten fan it lân, dêr't it mei Nij-Breunswyk en Prins Edwardeilân gauris beflapt wurdt ûnder de namme fan de Kustprovinsjes (the Maritimes). Teffens heart it ta de regio Atlantysk Kanada. Wat oerflak oanbelanget is Nij-Skotlân ien fan 'e lytste provinsjes fan Kanada, mei mar 0,6% fan it nasjonaal grûngebiet. De haadstêd en teffens de grutste stêd fan 'e provinsje is Halifax. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie Nij-Skotlân doe hast 922.000 ynwenners, wat delkomt op 2,8% fan 'e totale Kanadeeske befolking.

Nij-Skotlân
Nova Scotia
flagge wapen
Latyn: Munit haec et altera vincit
("De iene ferdigenet en de oare oerwint")
lokaasje yn Kanada
algemien
ôfkoarting NS
lân Kanada
status (jier) provinsje (1867)
haadstêd Halifax
grutste stêd Halifax
offisjele taal Ingelsk (de facto)
sifers
ynwennertal 921.727 (2011)
befolkingstichtens 17,3 / km²
oerflak 55.283 km² (ynkl. wetter)
53.338 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC -4
webside www.gov.ns.ca

De Ingelske namme foar de provinsje, Nova Scotia, is gewoan de Latynske oersetting fan wat oars New Scotland wêze soe. De provinsje kaam oan dy latinisearre namme yn in keninklike Ingelske oarkunde út 1621, wêryn't oan sir William Alexander, greve fan Stirling it rjocht takend waard om it gebiet te kolonisearjen dat no de Kustprovinsjes beslacht. Yn 'e oare beide iere kolonistetalen fan 'e provinsje, it Frânsk en it Skotsk-Gaelysk, is de namme Nouvelle-Écosse, resp. Alba Nuadh, wat beide kearen gewoan "Nij-Skotlân" betsjut.

 
Lânkaart fan Nij-Skotlân.

Nij-Skotlân hat in oerflak fan 55.283 km², wêrfan't 53.338 km² út lân bestiet en 2.599 km² út wetter. De provinsje leit op it Nij-Skotlânskiereilân, en wurdt frijwol hielendal omsletten troch dielen fan 'e Atlantyske Oseaan. It noardeastlikste fyfdepart fan Nij-Skotlân wurdt foarme troch it grutte Kaap Bretoneilân, dat fuort tsjin it Nij-Skotlânskiereilân oan leit en der tsjintwurdich mei ferbûn wurdt troch in seedyk, de Canso Causeway, troch de Cansostrjitte.

Yn it noarden skiedt de Strjitte fan Noardumberlân Nij-Skotlân fan 'e provinsje Prins Edwardeilân, wylst it mear nei it easten oan 'e kust leit fan 'e Saint Lawrencebaai. Yn it noardeasten foarmet de Cabotstrjitte de skieding tusken Kaap Bretoneilân en Nijfûnlân, yn 'e provinsje Nijfûnlân en Labrador. De súdeast- en súdkusten fan 'e provinsje grinzgje oan 'e iepen Atlantyske Oseaan, wêryn't op in ôfstân fan sa'n 175 km it frijwol ûnbewenne eilân Sable leit, dat ferneamd is om 'e withoefolle skipbrekken dy't dêr yn it ferline foarkommen binne, en om 'e keppel ferwyldere hynders dy't dêr libbet.

 
De fjoertoer fan it eilân Sambro, de âldste fan Noard-Amearika.

Yn 'e Fundybaai, dy't Nij-Skotlân yn it westen skiedt fan Nij-Breunswyk, fynt twaris deis de tijbeweging mei it grutste hichteferskil fan 'e wrâld plak: trochstrings 16 m. By opkommend tij rint eltse kear 100 miljard ton seewetter yn 'e 290 km lange see-earm. Oan 'e noardkant fan dat wetter, ynklamme tusken de Strjitte fan Noardumberlân yn it noarden en de Fundybaai yn it suden, soarget de Lâningte fan Chignecto foar in smelle lânbrêge mei de provinsje Nij-Breunswyk, op it Kanadeeske fêstelân.

De oarspronklike bewenners fan Nij-Skotlân binne de Mikmak-Yndianen, dy't dêr al taholden doe't yn 1604 de earste Jeropeänen arrivearren. Yn 1605 stiften Frânske kolonisten yn Nij-Skotlân, te Port Royal, oan 'e kust fan 'e Fundybaai, de earste permaninte Jeropeeske delsetting yn Kanada (en teffens de earste yn Noard-Amearika benoarden Sint-Augustinus, yn Floarida). Dat wie it oanbegjin fan 'e Frânske koloanje Akadia. De folgjende oardel iuw wiene de Frânske kolonisten, de Akadianen, en de Mikmak, dêr't se in bûnsgenoatskip mei ûnderholden, de dominante befolkingsgroepen yn Nij-Skotlân, ek al waarden der al yn 'e earste trijefearns iuw net minder as njoggen grutte slaggen útfochten tusken de Frânsen en de Ingelsen (letter de Britten) om it besit fan 'e koloanje.

 
Fort Edward, it âldste blokhûs yn Noard-Amearika.

De oarloggen om Nij-Skotlân foarmen ien fan 'e wichtichste ûnderdielen fan 'e striid tusken de Frânsen en Britten om 'e hegemony yn hiel Noard-Amearika. Yn 'e Oarloch fan Kening Willem (1688-1697) wisten de Frânsen de fijân noch op ôfstân te hâlden, mar ûnder de Oarloch fan Keninginne Anne, dy't yn 1702 útbriek, feroveren de Britten yn 1710 it Nij-Skotlânskiereilân, wat yn dy tiid inkeld it eastlike part fan 'e koloanje omfieme. It wie lykwols al fierwei it tichtstbefolke diel, en sadwaande befûn de mearderheid fan 'e Akadianen him doe ynienen oan 'e ferkearde kant fan 'e grins. By de Frede fan Utert, yn 1713 joech Frankryk formeel syn sizzenskip oer it Nij-Skotlânskiereilân op, mar it behold de oare dielen fan 'e koloanje Akadia, te witten: Kaap Bretoneilân (doedestiden Île Royale) Prins Edwardeilân (doe Île Saint-Jean) en it lettere Nij-Breunswyk.

Sa kaam yn 1713 offisjeel de koloanje Nij-Skotlân ta wêzen. Under it Britske bestjoer waard de namme fan 'e haadstêd feroare fan Port Royal yn Annapolis Royal. Yn 1749 waard de sit fan it koloniale regear ferpleatst nei it nij stifte Halifax. De oarloggen mei de Frânsen giene troch oant Frankryk yn 1763, oan 'e ein fan 'e Frânske en Yndiaanske Oarloch (1754-1763), de Noardamerikaanske útsprantel fan 'e Jeropeeske Sânjierrige Oarloch, frijwol al syn Noardamerikaanske besittings oan Grut-Brittanje ôfstean moast, mei dêrûnder ek Kaap Bretoneilân, Prins Edwardeilân en Nij-Breunswyk. Doe't de Britten ûntdieken dat yn dy oarloch ûngeregelde Akadiaanske boargermilysjes oan 'e Frânske kant meifochten, brûkten se dat as ferlechje om yn 1755 by de Grutte Utwizing de hiele Akadiaanske befolking út Nij-Skotlân en Nij-Breunswyk te ferbaljen, wêrby't se de lju yn gammele boaten de see opstjoerden, wat hûnderten deaden ta gefolch hie. Party Akadianen yn Nij-Breunswyk flechten de wyldernis yn, dêr't se noch jierrenlang in gûerylja-oarloch wei fierden tsjin 'e Britske besetters. Tusken 1759 en 1768 loeken de Britten kolonisten út 'e súdliker koloanjes fan Nij-Ingelân oan om it plak fan 'e Akadianen yn Nij-Skotlân yn te nimmen. De lange snuorje fan oarloch waard yn Nij-Skotlân yn 1761 beëinige by in formele seremoanje wêrby't letterlik de striidbile tusken de Britten en de Mikmak begroeven waard. Neitiid kearden guon Akadianen werom nei it gebiet dat se as harren heitelân beskôgen.

 
It stânbyld fan steatsman Joseph Howe foar it provinsjaal parlemintsgebou yn Halifax.

Nei 1763 waarden it hjoeddeistige Nij-Breunswyk, Prins Edwardeilân en dielen fan Maine opnommen yn 'e koloanje Nij-Skotlân. Prins Edwardeilân waard yn 1769 in aparte koloanje. Nij-Breunswyk waard nei de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch befolke troch Amerikaanske loyalistyske flechtlingen, dy't oan 'e kant fan 'e Britten meifochten hiene. Doe't der deilisskip ûntstie oer it bestjoer fan 'e koloanje tusken dy nijynkommelingen en de eardere Nijskotlânske kolonisten, makken de Britten yn 1784 Nij-Breunswyk ta in selsstannige koloanje. Datselde jiers waard ek Kaap Bretoneilân bestjoerlik losmakke fan Nij-Skotlân, mar dat soe der yn 1820 wer byfoege wurde. Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch liek it trouwens in hoartsje as soe Nij-Skotlân, "de 14de Amerikaanske koloanje", him by de Amerikaanske opstannelingen oanslute. Der ûntstie grutte opskuor ûnder de Britske kolonisten, dy't late ta de Slach om Fort Cumberland en it Belis fan Saint John. Uteinlik waard yn Nij-Skotlân de rebûlje lykwols delslein en bleau it in Britske koloanje.

Yn 'e njoggentjinde iuw wie Nij-Skotlân de earste Britske koloanje yn Noard-Amearika dy't selsbestjoer krige, yn 1848, fierhinne troch de ynspannings fan 'e steatsman Joseph Howe. Yn 1867 wie Nij-Skotlân (mei Ontario, Kebek en Nij-Breunswyk) ien fan 'e oprjochtsjende provinsjes fan 'e Kanadeeske Konfederaasje. Dat waard bepankoekbakt troch de liedende figueren yn 'e Nijskotlânske polityk, mar it gewoane folk wie der hoegenamt net bliid mei, om't men bang wie dat it lytse Nij-Skotlân weiwurde soe yn sa'n grut steatsferbân, en dat de belangen fan 'e provinsje negearre wurde soene. De anty-konfederaasjepartij waard oanfierd troch Joseph Howe, en wûn datselde jiers by de ferkiezings 18 fan 'e 19 Nijskotlânske sitten yn it konfederale parlemint, en 36 fan 'e 28 yn 'e provinsjale assimblee. Mar tsjin dy tiid wie it al sa en koe it net mear weromdraaid wurde.

 
Halifax, de haadstêd fan Nij-Skotlân.

De tsjinstanners krigen gelyk doe't Kanada belied trochfierde en hannelsbarriêres opsmiet dy't de histoaryske bannen fan 'e Kustprovinsjes mei it Amerikaanske Nij-Ingelân trochsnie, wat yn Nij-Skotlân rampsillige gefolgen hie foar de ekonomyske sitewaasje. Mei de tweintichste iuw brieken bettere ekonomyske tiden oan foar de provinsje, al bleau de wurkleazens noch lange tiid heech, wylst de Grutte Depresje de Nijskotlânskse ekonomy in nije knau joech. Pas nei de Twadde Wrâldoarloch libbe de sitewaasje fierhinne op, mar fan 'e jierren santich ôf rekke de ekonomy wer yn it ûnleech, mei massale migraasje nei Ontario as gefolch.

Nij-Skotlân hat in provinsjaal parlemint mei 51 sitten. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt (riding), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde kiessysteem as yn Grut-Brittanje). De provinsje wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in minister-presidint. Yn Kanada is it trouwens wenst (mar gjin wet) dat de minister-presidinten fan 'e ûnderskate provinsjes oantsjut wurde as premier, wylst de federale minister-presidint de prime minister is. Yn it federale Kanadeeske parlemint yn Ottawa wurdt Nij-Skotlân yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 10 fan 105 sitten (9,5%), en yn it Legerhûs troch 11 fan 308 sitten (3,6%).

 
Kreeftefiskersboaten yn 'e haven fan Yarmouth.

It bruto provinsjaal produkt fan Nij-Skotlân wie yn 2010 K$38.475, wat in stik leger is as it Kanadeeske gemiddelde. Sûnt it begjin fan 'e ienentweintichste iuw hat de ekonomyske groei yn 'e provinsje folle minder west as yn 'e rest fan it lân. De ekonomy fan Nij-Skotlân is fan âlds fierhinne basearre op 'e eksploitaasje fan natuerlike helpboarnen. Sa is de fiskerij noch altyd tige wichtich, en waard de provinsje slim rekke troch it ynstoarten fan 'e kabeljaufiskerij troch oerbefisking yn 'e jierren njoggentich. Likegoed is Nij-Skotlân noch altyd wrâlds grutste eksporteur fan kreeft, en de totale wearde fan 'e eksport fan alle fiskerijprodukten wurdt rûsd op mear as K$1 miljard jiers.

In oare wichtige sektor foar de provinsje is de boskbou; Nij-Skotlân is ek de grutste eksporteur yn 'e wrâld fan krystbeammen. In oare oan 'e boskbou besibbe sektor is de papieryndustry. Fierders binne de mynbou en ek de lânbou fan belang. Sûnt 1991 is de offshore oalje- en gasyndustry grut wurden, al begjinne de opbringsten dêrfan de lêste jierren tebek te rinnen. Ta einbeslút moat dan noch it toerisme neamd wurde, dat yn 'e provinsje foar hast 40.000 banen soarget. Elts jier wurdt Halifax oandien troch 200.000 cruiseskippassazjiers út 'e hiele wrâld.

Neffens de Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie Nij-Skotlân doe 921.727 ynwenners, wat 0,9% mear is as yn 2006. De befolkingstichtens wie yn 2011 17,3 minsken de km². De mearderheid fan 'e Nijskotlanners is fan Noardjeropeesk etnysk komôf, mei as wichtichste groepen Skotten (28,3%), Ingelsen (28,1%), Ieren (19,9%), Frânsen (17,7%), Dútsers (10,0%) en Nederlanners (3,9%). De lânseigen befolking, besteande út Mikmak-Yndianen en Métis, makket 10,2% fan 'e ynwenners fan 'e provinsje út, en de Frânsktalige Akadianen 1,2%. Afro-Kanadezen, foar in part ôfstammelingen fan loyalistyske swarte ynwenners fan 'e noardlike Amerikaanske koloanjes dy't har nei de ein fan 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch yn Nij-Skotlân nei wenjen setten, foarmje 2,3% fan 'e befolking.

 
De haven fan it plakje Peggys Cove.

Op it mêd fan godstsjinst bestiet 85,9% fan 'e befolking fan Nij-Skotlân út kristenen, wêrûnder 49,1% protestanten, 36,5% roomsen en 0,3% eastersk-otterdoksen. De grutste protestantske denominaasjes binne: de feriene protestantske United Church of Canada (15,9%), de anglikanen (13,4%), de baptisten (10,6%), de presbyterianen (2,5%), de luteranen (1,2%) en de pinsterkristenen (1,0%). Ateïsten en agnosten foarmje 11,6% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten binne, yn folchoarder fan grutte: de islaam (0,4%); it joadendom (0,2%); it boedisme (0,2%); it hindoeïsme (0,1%); it Westersk heidendom (0,1%); en it sikhisme (<0,1%). Fierders wiene der yn 2010 270 (0,03%) oanhingers fan 'e lânseigen religy fan 'e Mikmak.

Nij-Skotlân hat eins gjin offisjele taal dy't as sadanich by wet fêstlein is, mar it Ingelsk fungearret as de de facto offisjele taal. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 is dat ek de memmetaal fan in grutte mearderheid (92,5%) fan 'e befolking. De Frânsktalige minderheid bestie yn 2011 út rom 31.000 minsken (3,4%), wêrûnder rom 11.000 Akadianen. Nei it Ingelsk en it Frânsk wie it Arabysk mei krapoan 6.000 sprekkers (0,7%) de trêde taal fan 'e provinsje. It Mikmak, de taal fan 'e lânseigen Mikmak-Yndianen, kaam op it fjirde plak, mei 4.600 sprekkers (0,5%). It Skotsk-Gaelysk wurdt al fan 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw ôf op Kaap Bretoneilân sprutsen. Dêrby giet it neffens offisjele sifers fan it Nijskotlânske Office of Gaelic Affairs om sa'n 2.000 sprekkers (0,2%).

It klimaat wurdt yn Nij-Skotlân sterk beynfloede trochdat de provinsje frijwol hielendal troch de see omjûn wurdt. Der hearsket sadwaande in seeklimaat, al skoarret dat tige deun tsjin in lânklimaat oan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side.


 
               Kanada
 
provinsjes
Alberta • Britsk-Kolumbia • Kebek • Manitoba • Nijfûnlân en Labrador • Nij-Breunswyk • Nij-Skotlân • Ontario • Prins Edwardeilân • Saskatchewan
territoaria
Yukon • Noardwestlike Territoaria • Nûnavût
  ·   ·  
  NODES
Note 1
os 13
web 1