Veliki Novgorod

in stêd yn Ruslân
(Trochferwiisd fan Novgorod)

Veliki Novgorod (Russysk: Вели́кий Но́вгород, letterlik: "Grut Nijstêd"), ek wol koartwei bekend as Novgorod, is ien fan de meast histoaryske stêden fan Ruslân en de haadstêd fan de oblast Novgorod. De stêd leit oan de Russyske federale wei M10, dy't Moskou mei Sint-Petersburch ferbynt. De stêd wurdt troch de rivier de Volchov midstwa snien. De lofter kant fan de rivier wurdt de Sofiakant neamd, de rjochterkant de Hannelskant.

Veliki Novgorod
Kremlyn fan Novgorod
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Novgorod
Sifers
Ynwennertal 225 019 (gemeente) (2021)
Oerflak 90,08 km²
Befolkingstichtens 2.498 ynw. /km²
Hichte 25 m boppe seenivo (sintrum)
Oar
Stifting 859
Tiidsône UTC +3
Koördinaten 58° 31' N 31° 16' E

Eartiids wie de stêd oant 1999 allinne bekend as Novgorod ("Nije Stêd"). Doe't de stêd Gorki syn âlde namme Nizjni Novgorod werom krige waard Veliki oan Novgorod tafoege om betizing tefoarren te kommen. 'Veliki' bestjut 'de grutte' (Novogrod de Grutte).

Veliki Novgorod leit yn in gebiet fan sompen en bosk dêr't in soad turf stutsen wurdt.

 
Volchov-rivier

Novgorod leit yn it noardwestlike diel fan it Europeeske diel fan Ruslân. De stêd leit 164 km fan Sint-Petersburch en 494 kilometer fan Moskou. Fanút it suden nei it noarden streamt de Volchov, dy't de stêd midstwa snijt. It stedsgebiet is likernôch 90 km². Ungefear 60% fan it gebiet om de stêd hinne bestiet út bosk, dêr't fral ipebeammen steane. Súdlik fan Novgorod yn 'e omkriten fan de Ilmenmar is it tige sompich. Om de stêd lizze grutte feangebieten, dêr't turf ôfgroeven wurdt.

De geografyske lokaasje foar it skipferkear is geunstich om't de rivieren Lovat, Sjelon, Msta en Volchov de see ferbine mei de stêd. De Wolchow mûnet yn de Ladogamar, fan wêr't oer Sint-Petersburch in ferbining rint mei de Eastsee. Oer de rivieren yn it suden fan de stêd binne wetterferbinings oant yn de Swarte See.

Yn de lêste iistiid leine de Skandinavyske gletsjers oant yn it gebiet fan Novgorod. De 2,5 oant 10 meter djippe Imenmar is in restant fan in ea glasiaal mar fan raant iis.

Alhoewol't Novgorod 'nije stêd' betsjut, is Veliki Novgorod ien fan de alderâldste stêden fan it lân. Novgorod waard foar it earst yn de Earste Sofiakronyk neamd by it jier 859. Yn de Nestorkronyk stiet dat tusken 862 en 879 de Warjaachske foarst Rjoerik oer de stêd hearske. Yn dy tiid wie de stêd neffens de boarnen in wichtich hannelspunt op de wei fan de Warjagen nei de Griken.

 
Kremlyn fan Novgorod

Argeologyske opgravings tusken healwei en it ein fan de 20e iuw hawwe lykwols allinne kultuerlagen bleatlein dy't werom geane op it ein fan de 10e iuw, doe't it lân fan de Rûs kristene waard, in iuw nei't de stêd neffens de tradysje stifte waard. Argeologyske datearing is ienfâldich en aardich krekt binnen 15-25 jier fêst te stellen, om't hout oer de strjitten lei en de hûzen ek fan hout wiene, sadat it datearjen fan jierringen mooglik is.

De Varjaachske namme fan de stêd 'Holmgård' (Holmgarðr of Holmgarðir) komt yn âldere Noarske saga's foar, mar leginde en histoarje binne dreech fan inoar te skieden. Holmgård ferwiisde nei Rjoerikovo Gorodisjtsje, in plak op 2 kilometer fan it sintrum fan de sted, dat yn 1999 by de stêd foege is. Argeologyske opgravings lykje der op te wizen dat Gorodisjtsje ("fersterking"), lykas it plak lang neamd waard, de sit wie fan de 'knjaz' (foarst) en al sûnt de 9e iuw bestie. Novgorod ûntstie net earder as yn de 10e iuw, wat de namme 'nije stêd' (Novogorod, yn it Aldnoarsk Naugard) ferklearje soe.

Neffens de leginde fan de earste Russyske grutfoarst Rjoerik setten de earste Noaren harren om 858-860 yn it gebiet nei wenjen. Alder is de tektst yn de Annales Bertiniani (skreaun oant 882) oer de Skandinavyske kolonisaasje fan de regio, wêryn't skreaun wurdt dat in Russyske delegaasje op de weromreis fan in reis nei Konstantinopel yn 838 ûnderfrege waard troch de Frankyske keizer Loadewyk de Fromme (778-840) yn Ingelheim am Rhein, tsjin wa't hja seine dat hja fan komôf Skandinaviërs wiene, mar yn it noarden fan Ruslân wennen. Harren lieder neamden hja 'chacanus' (Latyn foar 'Khagan'), in titel dy't hja nei alle gedachten oernaam hiene fan de Avaren.

Foarstendom fan it Kiëvske Ryk

bewurkje seksje

De opfolger fan Rjoerik, Oleg fan Novgorod, oermastere yn 882 Kiëv en stifte de steat Kiëvske Rûs. Novgorod waard yn dat ryk polityk, ekonomysk, kultureel en wat grutte oanbelanget de twadde stêd fan dat ryk. Neffens de wizânsje waard de âldste soan en erfgenaam fan de hearksjende foarst nei Novgorod stjoerd om oer de stêd te hearskjen, ek al wied er noch minderjierrich. Novgorod waard bestjoerd troch posadniks, lykas de legindaryske Gostomysl, Dobrynya, Konstantin en Ostromir.

 
Sofiakatedraal

Fan alle foarsten wie Jaroslav de Wize wol de meast populêre foarst fan Novgorod, dy't fan 1010 oant 1019 oer Novgorod hearske, wylst syn heit Vladimir de Grutte oer Kiëv hearske. Jaroslav feardige de earste skreaune wetten út yn it hiele East-Slavyske gebiet (letter yntegrearre yn de Rûsskaja Pravda. Fan him wurdt ek sein dat hy de stêd in soad privileezjes ferliende, dêr't de ynwenners letter fakentiden nei referearren yn harren kontakten mei oare prinsen. Syn soan Vladimir soarge foar de finansiering fan de bou fan de Sofiakatedraal (ek: de Katedraal fan de Hillige Wiisheid) dy't ek hjoeddedei noch yn Novgorod stiet.

Earste bûtelânske betrekkingen

bewurkje seksje

Yn Noarske saga's wurdt de stêd de haadstêd fan Gardariki neamd. In soad Wytsing-keningen kamen nei Novgorod om har skûl te hâlden foar tsjinstanners, lykas Olaf I fan Noarwegen, Olaf II fan Noarwegen, Magnus I fan Noarwegen en Harald Hardrada. Al twa desinnia nei de dea yn 1030 en hillichferklearring fan Olaf II fan Noarwegen liet de stêd in nije tsjerke oan de kening wije, de yn de 14e iuw ôfbaarnde Sint-Olaftsjerke.

Visby op Gotlân wie it hannelssintrum yn Baltikum foardat it Hânzebûn it oernaam. Yn 1080 krigen keaplju fan Visby yn Novgorod in hannelspost, dy't de namme 'Gutagard' (of Gotenhôf) krige. Letter yn de earste helte fan de 13e iuw wisten ek hannelers út it noarden fan Dútslân in hannelspost yn Novgorod op te setten, dat bekend stie as 'Peterhôf'. Likernôch yn 'e selde tiid (1229) krigen Dútske keaplju privileezjes, dy't harren posysje yn Novgorod bestevige.

Yn 1136 setten de bewenners fan de stêd harren prins Vsevolod Mstislavitsj fan Novgorod en Pskov ôf. Dat wurdt as it tradisjonele begjin sjoen fan de Republyk Novgorod. De stêd soe de folgjende twa iuwen prinsen yn tsjinst nimme en yn guon gefallen ek dien jaan, mar de monargy waard nea ôfskaft. Machtige prinsen, lykas Aleksander Nevski, koene likegoed in swier stimpel op de stêd sette, wat de bewenners dêr sels dan ek fan fûnen. De stêd kontrolearre it grutste part fan it noardeasten fan Europa, fan de lannen eastlik fan Estlân oant de bergen fan de Oeral , en dêrmei wie it ien fan de grutste steaten fan it midsiuwske Europa, alhoewol't in grut part fan it gebiet noardlik en eastlik fan de Ladogamar en Onegamar leech en sûnder polityk bestjoer wie.

Ien fan de wichtichste minsken yn Novgorod wie de posadnik of boargemaster, in offisjeel keazen persoan troch de Vetsje (de stedsried) út de rûnten fan de bojaren. De Vetsje keas ek de 'tysjatski', it haad fan de plysje en letter in kommersjeel en juridysk amtner. In oare wichtige amtner fan de stêd wie de aartsbiskop fan Novgorod. Aartsbiskoppen waarden troch de Vetsje keazen of somtiden ek troch it lûken fan in loatsjes. Nei harren ferkiezing waarden hja nei de metropolyt stjoerd foar de wijing yn harren amt.

It is ûndúdlik wêr't de grinzen fan de macht fan de ien einige en dy fan de oar begûn. Hoe't ien en oar grûnwetlik fêstlein wie is likemin bekend. Unbekend is ek wer't de Vetsje út bestie. Guon skiedkundigen wolle ha dat it in demokratysk bestjoer wie, oare gelearden sizze dat it mear in ynstrumint foar de hearskjende elite wie en de demokrasy net it measte foarstelde.

 
Novgorod Kodeks
 
Dokumint op bjirkebast

Yn de midsiuwen wie de florearjende stêd in kultureel sintrum. By opgravings binne in soad op bjirkebast skreaune dokuminten fûn, dat tsjutte kin op in grut tal belêzen ynwenners. Yn Novgorod waard de Novgorod Kodeks, it noardlik fan Bulgarije âldste yn it Slavysk skreaune boek, en de âldske Finske ynkripsje fûn. Guon of de âldste Russyske kroniken binne skreaun yn it skriptoarium fan de aartsbiskoppen, dy't ek de ikonografy en de tsjerkebou befoarderen. De Novgorodske keapman Sadko waard in populêre held yn de Russyske folkloare.

Novgorod waard yn de tiid fan de Mongoalske ynfaazje fan Ruslân nea oermastere. De Mongoalske troepen bleaune op sa'n 200 kilometer ôfstân fan de stêd, mooglik om't de kommandanten benaud wiene harren te ferliezen yn 'e sompen dy't de stêd omfiemen. Dochs betelle ek Novgorod skatting oan de Gouden Horde, dy't troch de prinsen fan Moskou (fral Joeri Danilovitsj en syn broer Ivan Jildsek) foar de Mongoalske khans garre waard.

Yn 1259 late de gong fan Mongoalske belestinggarders nei Novgorod ta politike opskuor yn 'e stêd. Om't in tal funksjonarissen Aleksander Nevski him as grutfoarst fan Vladimir en syn Mongoalske opperhearen fergen, liet er har straffe en de noas ofsnije. Njoere piraten út Novgorod diene yn de 14e iuw útfallen oant yn Kazan en Astrachan en holpen de stêd by de kriich tsjin it Grutfoarstendom Moskou.

Nei it grutte skisma hie de stêd yn de 13e iuw te lijen fan Sweedske, Deenske en Dútske ynfallers. Novgorod hie 26 kear kriich mei Sweden en 11 kear mei de Oarder fan de Swurdbruorren. Tegearre mei Deenske en Sweedske feodale hearen foelen Dútske ridders tusken 1240 en 1242 in rige fan oanfallen út op Novgorod. By de Slach oan de Neva yn 1240 waard in Sweedsk leger ferslein. De Dútske oanfallen op de stêd einigen yn 1242 mei de Slach op it Iis. Nei de bou fan it Viborg-kastiel yn 1293 wisten de Sweden in bolwurk te stiftsjen yn Kareelje. Op 12 augustus 1323 tekenen Sweden en Novgorod it Ferdrach fan Nöteborg, wêryn't foar it earst harren grinzen fêstlein waarden.

 
Moskouse troepen driuwe yn 1471 de Vetsje om stêdhalder Marfa Boretskaja útinoar (Klavdi Lebedev (1852–1916)) )

De delgong fan de stêd wie foar in diel te witen oan it ûnfermogen om de grutte befolking iten te jaan, sadat de stêd ôfhinklik wie foar nôt út de regio Vladimir-Sûzdal. De wichtichste stêden Moskou en Tver brûkten dy ôfhinklikens om fet te krijen op Novgorod. Lang om let anneksearre Ivan III mei geweld de stêd yn 1478. Der waard in ein oan de Vetsje makke en in grut part fan de aristokrasy, de keaplju en lytse grûnbesitters fan Novgorod waard nei sintraal Ruslân deportearre. It hânzekantoar waard yn 1494 sletten en al it guod dat dêr opslein lei waard troch Moskou yn beslach nommen.

Yn de tiid fan de anneksaasje fan Novgorod wie de stêd mei sa'n 25.000 oant 30.000 ynwenners de op twa nei grutste stêd fan Moskoovje. Dat bleau sa oant de hongersneed fan de jierren 1560 en de Slachting yn Novgorod fan 1570. By de Slachting yn Novgorod liet Ivan de Ferskriklike syn opritsjniki de stêd plonderje en tûzenen ynwenners deadzje. De elite fan de stêd waard nei Moskou, Jaroslavl en oare plakken deportearre. De lêste jierren fan de 16e iuw wiene yn ferhâlding foar de stêd wer wat better, doe't Boris Godûnov maatregels fan Ivan de Ferskriklike weromdraaide, de hannelsprivileezjes werom joech en fan de stêd in biskopsstêd makke. Yn 1603 waard it de Dútsers tastien om wer in hannelspost te iepenjen.

 
De stêd yn 1675

Yn de Tiid fan Unrêst joegen de Novgorodiërs harren yn de simmer fan 1611 oer oan de Sweedske troepen ûnder lieding fan Jakob De la Gardie. Seis jier letter waard de stêd yn it ramt fan it Fredesferdrach fan Stolbovo werom jûn oan Moskoovje. De tiid late ta in fierdere ûntfolking: it tal pleatsen fan de stêd naam fan 1158 yn 1607 ôf oant mar 493 yn 1617; de saneamde Sofiakant fan de rivier (it diel dêr't de Sofiakatedraal stiet) wie sels hielendal ferlitten. Pas tsjin it ein fan de iuw soe de stêd wer wat fan de âlde wolfeart werom krijge, doe't prestizjeuze projekten lykas de Katedraal fan it Teken en it Vjazjisjtsjski-kleaster boud waarden. Ien fan de ferneamste patriargen fan Moskou, patriarch Nikon, wurke tusken 1648 en 1652 yn Novgorod.

Nei it skisma yn de Russyk-Otterdokse Tsjerke waard Novgorod ien fan de bolwurken fan de âldleauwigen. De stêd bleau in wichtich hannelssintrum, ek al krige it jimmeroan mear konkurrinsje fan Archangelsk. Der waard hannele mei de Baltyske Steaten en Stockholm, wylst Sweedske keaplju nei Novgorod kamen, dêr't hja sûnt 1627 in eigen hannelspost krigen. Novgorod produsearre klokken, kanonnen en oare wapens en de sulversmeden fan Novgorod wiene ferneamd. Ek de kisten dy't yn Novgorod makke waarden, wiene yn it hiele lân bekend.

Russyske Ryk

bewurkje seksje

Yn 1727 waard de stêd it bestjoerssintrum fan it gûvernemint Novgorod fan it Russyske Ryk. Foar dy tiid foel it gebiet ûnder it gûvernemint Sint-Petersburch. Dat bleau sa oant 1927. Tusken 1927 en 1944 wie de stêd ûnderdiel fan de oblast Leningrad. Dêrnei waard Novgorod de haadstêd fan de oblast Novgorod.

Nei de Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje
 
Monumint ta oantinken fan de oerwinning op Nazy-Dútslân

Op 15 augustus 1941 waard de stêd beset troch de Dútske Wehrmacht. De Twadde Wrâldkriich brocht in soad skea oan de histoaryske monuminten. Doe't it Reade Leger de stêd op 19 jannewaris 1944 befrijde wiene noch mar fjirtich fan de 2.536 stiennen gebouwen oerein bleaun. Nei de befrijing waard it sintrum stadichoan wer restaurearre.

De wichtichste monuminten fan de stêd waarden yn 1992 op de UNESCO-list fan it wrâlderfgoed ynskreaun as de "Histoaryske Monuminten fan Novgorod en Omkriten". De stêd krige yn 1999 offisjeel de namme Veliki Novgorod.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Novgorod is ien fan de Russyske stêden mei de measte en âldste midsiuwske monuminten. Net te missen binne de yn opdracht fan Vladimir Jaroslavitsj (de soan fan Jaroslav de Wize) boude Sint-Sofiakatedraal (1045-1050). Vladimir leit mei syn mem Anna yn de katedraal begroeven. De Sofiakatedraal is de bêst bewarre 11e-iuwske tsjerke fan Ruslân, nei alle gedachten it âldste Russyske gebou dat noch jimmeroan brûkt wurdt en it ierste foarbyld fan wat de tradisjonele Russyske tsjerkebou fertsjintwurdiget: ienfâldige muorren en fiif helmeftige koepels.

 
It monumint ta oantinken fan it 1000-jierrich bestean fan Ruslân (foto 1883)

Yn it kremlyn fan Novgorod, ek bekend ûnder de namme 'Detinets', stiet it âldste paleis fan Ruslân (de saneamde Fasettenkeamer út 1433). It waard troch de aartsbiskoppen fan Novgorod brûkt foar gearkomsten. Ek yn it kremlyn stiet de âldste Russyske klokketoer (healwei 15e iuw) en de âldste stiennen klokkestoel (1673). Under de nijere monuminten binne it keninklik paleis fan 1771 en it yn 1862 ûntbleate brûnzen monumint dat stifte waard om it 1000-jierrich jubileum yn 1862 fan Ruslân te fieren.

 
Sint-Nikolaaskatedraal

Bûten de muorren fan it kremlyn steane trije grutte tsjerken, dy't ûnder it bewâld fan Mstislaf de Grutte boud binne. De Sint-Nikolaaskatedraal (1113–1123) mei fresko's fan de famylje fan Mstislaf stiet oan it Jaroslafhôf. It Joerjev-kleaster is ien fan de âldste kleasters fan Ruslân (1030) en hat in trijekoepelige katedraal út 1119. In gelikense katedraal út 1117 is te sjen yn it troch Antonius fan Rome stifte Antonievkleaster.

 
Joerjevkleaster

De stêd is noch in soad oare midsiuwske en jongere tsjerken ryk. Guon dêrfan binne troch de nazy's opblaasd, mar nei de befrijing rekonstruearre. De âldst bewarre tsjerken binne de Petrus en Paulustsjerke op de Swelleheuvel (1185-1192), de Ferkundigingstsjerke fan it doarp Matsjino (1179), de Ferkundigingstsjerke yn it doarp Volotovo en de Sint-Paraskevatsjerke yn Jaroslavhôf (1207). It grutste keunstwurk fan de iere Novgorod-arsjitektuer is lykwols de Ferlossertsjerke op de Nereditsa (1198).

 
Ferlossertsjerke op de Nereditsa

Yn de 13e iuw binne in soad lytse tsjerkjes boud, lykas de Marije-Bertekapel fan it Perynkleaster (1230) en de om de fresko's ferneamde Nikolaastsjerke (1292) op it eilân Lipno. De folgjende iuw waarden twa nije tsjerke-ûntwerpen ûntwikkele, fan it iene type is de Téodoor Stratilatestsjerke oan de Beek (1360-1361) mei moaie fresko's út de jierren 1380) en fan it oare de Transfiguraasjetsjerke yn de Iljastrjitte (1374, beskildere yn 1378 troch Teofanus de Gryk). De Ferlosserstsjerke yn Kovalevo (1345) wie oarspronklik beskildere mei fresko's troch Servyske keunstners, mar de tsjerke waard yn de Twadde Wrâldkriich ferneatige en dêrnei werboud sûnder de rekonstruksje fan de fresko's.

Yn de iuwen neitiid folge de bou fan mear tsjerken, mar dy wiene foar harren tiid minder fernijend. Nei't Ivan de Grutte Novgorod yn 1478 oermastere, feroare de arsjitektuer fan de stêd. Moskouse arsjitekten yntrodusearren de arsjitektuer neffens de Moskouse tsjerkearsjitektuer, lykas de Ferlosserkatedraal fan it Chûtin-kleaster (1515), de Katedraal fan de Mem Gods fan it Teken (1688) en de Sint-Nikolaaskatedraal fan it Vjazjisjtsjski-kleaster (1685). Dochs bleaune guon parochytsjerke de lokale boutradysjes yn eare hâlden, lykas de Boris- en Glebtsjerke út 1586 en de Tsjerke fan de Mirredragende froulju (1510).

Yn Vitoslavlitsi net fier fan it Joerjevkleaster is in museum mei houten arsjitektuer. It museum brocht sûnt 1964 mear as 10 houten tsjerken en houten hûzen en mûnen byinoar út de tiid fan de 14e oant de 19e iuw. De bouwurken komme út de hiele Novgorod-regio.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Veliky Novgorod

  NODES
mac 3
os 39