Orale seks is in foarm fan seksuële aktiviteit wêrby't de geslachtsdielen fan 'e sekspartner stimulearre wurde troch it brûken fan 'e mûle, de tonge, de tosken en/of de kiel. Minsken kinne oan orale seks dwaan as in ûnderdiel fan it foarspul foarôfgeande oan seksuële mienskip, mar it kin ek in ûnderdiel foarmje fan 'e seksuële mienskip sels, of in tuskenspul wêrmei't dy mienskip ûnderbrutsen wurdt, en teffens kin it dien wurde ynstee fan seksuële mienskip. Der kinne in stikmannich ferskillende farianten fan orale seks ûnderskaat wurde:

  • fellatio is it oraal stimulearjen fan 'e penis;
    • autofellatio is de foarm fan fellatio wêrby't de eigen penis oraal stimulearre wurdt;
    • yrrumasio is de foarm fan fellatio wêrby't de penis aktyf yn 'e mûle fan 'e sekspartner staat wurdt;
    • deepthroating is de foarm fan fellatio wêrby't de penis oant yn 'e kiel fan 'e sekspartner ynbrocht wurdt, itsij troch dejinge dy't de orale seks jout, itsij troch dejinge dy't it ûntfangt;
  • testilingus is it oraal stimulearjen fan 'e testikels;
    • teabagging is de foarm fan testilingus wêrby't de testikels fan 'e sekspartner foar in part of hielendal yn 'e mûle nommen wurde;
  • kunnilingus is it oraal stimulearjen fan 'e fagina en de klitoris;
  • anilingus is it oraal stimulearjen fan 'e anus.
Temûke orale seks op in wetterferveskilderij fan 'e Frânske keunstskilder Achille Devéria (1800-1857).

Orale stimulaasje fan oare dielen fan it lichem troch tútsjen, slikjen of sûgen, lykas boarsten, spiennen, stuten, nâle, fingers en teannen, wurdt yn 'e regel net beskôge as orale seks.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES