De Oresteia, yn it oarspronklike Aldgryksk Ὀρέστεια, is in toanieltrilogy fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Aiskylos of Aeschylus525455 f.Kr.). It omfettet de trageedzjes Agamemnon, De Offerplingsters en De Eumeniden. De trilogy waard foar it earst opfierd yn 458 f.Kr., as ûnderdiel (en winner) fan 'e jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus, yn 'e mande mei it ferlern giene saterspul Proteüs.

Oresteia
algemiene gegevens
oarspr. titel Ὀρέστεια
auteur Aiskylos
taal Aldgryksk
foarm toanieltrilogy
sjenre trageedzje
skreaun 458 f.Kr.
1e opfiering 458 f.Kr., Atene
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Oresteia
publikaasje (net útjûn)
oersetter Klaas Bruinsma

Mei de namme "Oresteia" waard oarspronklik wierskynlik nei alle fjouwer toanielstikken ferwiisd, mar hjoed de dei wurdt it brûkt as oantsjutting foar de trije oerlevere stikken. De Oresteia is de iennichste bewarre bleaune toanieltrilogy út 'e Grykske Aldheid, mei't de Tebaanske Trilogy (fan Sofoklês) eins in moderne sammelnamme fan trije oerlevere stikken mei nau besibbe ûnderwerpen is. De Oresteia, wêrfan't de namme ôflaat is fan dy fan it personaazje Orestês, giet oer it weinimmen fan 'e flok dy't op it Hûs fan Atréus rêst. Alletrije stikken fan 'e Oresteia binne troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't ek ferantwurdlik wie foar û.m. de Fryske fertalings fan Homêros syn Ilias en Odyssee, oerset yn it Frysk.

Agamemnon
  De Wikipedy hat ek in side Agamemnon (toanielstik).

Yn Agamemnon wurdt de Myseenske kening Agamemnon nei syn lang befochten oerwinning op 'e Trojanen yn 'e Trojaanske Oarloch, koart nei syn thúskomst fermoarde troch syn frou Klytemnêstra.

De Offerplingsters
  De Wikipedy hat ek in side De Offerplingsters.

De Offerplingsters fertelt hoe't de bern fan Agamemnon en Klytemnêstra, Elektra en Orestês, inoar moetsje nei't se apart faninoar grutbrocht binne, en hoe't se dêrnei tegearre wraak nimme op harren mem foar de moard op harren heit.

De Eumeniden
  De Wikipedy hat ek in side De Eumeniden.

Yn De Eumeniden wurdt beskreaun hoe't Orestês troch de god Apollo nei it plak ta brocht wurdt dêr't er berjochte wurdt troch de goadinne Atene foar de moard op syn mem.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

  NODES
Note 1
os 3