Orson Krennic (folút: Orson Callan Krennic) is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy waard yn 2016 yntrodusearre yn 'e roman Catalyst, fan James Luceno, mar hy waard it bekendst út 'e film Rogue One: A Star Wars Story, dy't letter datselde jiers útkaam. De geastlike heit fan it personaazje wie special effects-technikus John Knoll, dy't al yn 2003 de plot fan Rogue One betocht. Krennic is in ambisjeus militêr en bestjoerder, dy't opklimt ta direkteur fan it wapenprogramma fan it Galaktysk Keizerryk. Hy is direkt ferantwurdlik foar de ûntwikkeling fan 'e Deadsstjer, in massaferneatigingswapen fan sa'n krêft, dat it hiele planeten ferdylgje kin. Neffens Krennic sil dat rêst en oarder yn it Stjerrestelsel bringe. De rol fan Krennic waard yn 'e film spile troch de Australyske akteur Ben Mendelsohn.

Orson Krennic
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske (Lexrulysk)
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt militêr, bestjoerder
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Galen Erso
Wilhuff Tarkin
Darth Vader
Jyn Erso
geastlike heit John Knoll
ûntstean 2016

Fiktive biografy

bewurkje seksje

Orson Krennic wurdt berne yn 'e stêd Sativran op 'e planeet Lexrul, 51 jier foar de Slach by Yavin. Yn syn stúdzjetiid rekket er befreone mei in oare studint, de briljante Galen Erso. Nei't er ôfstudearre is, tsjinnet Krennic yn 'e Kloane-oarloggen by de sjeny fan it Grutte Leger fan 'e Republyk. Sa rekket er belutsen by it topgeheime wapenprogramma fan 'e Galaktyske Republyk.

Orson Krennic wurdt yntrodusearre yn 'e prequelroman Catalyst: A Rogue One Novel fan James Luceno, dy't yn novimber 2016 útkaam. Dêryn rêdt er syn âlde freon Galen, dy syn frou Lyra en harren dochterke Jyn as se fermoarde driigje te wurden yn 'e gaos fan 'e steatsgreep wêrby't kânselier Palpatine de Galaktyske Republyk ûnder fuotten hellet en yn it stee dêrfan it Galaktysk Keizerryk oprjochtet. Under it nije rezjym klimt Krennic op ta direkteur fan it Keizerlik wapenprogramma. Neitiid freget en kriget Krennic de help fan Galen by de ûntjouwing fan technology om 'e enerzjy te brûken dy't opslein leit yn 'kyberkristallen'.

Krennic makket syn freon wiis dat de resultaten fan syn wurk ynset wurde sille foar ûnbaatsuchtige doelen, mar eins hawwe hat er der ferlet fan foar de ûntwikkeling fan it superlaserkanon fan 'e Deadsstjer, it nije massaferneatigingswapen anneks romtestasjon fan 'e boasaardige keizer Palpatine, dat sa krêftich wurde moat dat hiele planeten mei ien skot ferdylge wurde kinne. Galen en Lyra krije der lang om let aan fan dat se bedragen wurde, en begjinne plannen te meitsjen om harren húshâlding te befrijen fan 'e ynfloed fan Krennic-en-dy troch út te piken en ûnder te dûken.

Yn Rogue One

bewurkje seksje

Yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story, dy't yn desimber 2016 yn premiêre gie, binne Galen Erso en syn húshâlding ûnderdûkt op 'e planeet Lah'mu, dêr't Krennic harren lykwols nei fjouwer jier opspoart. Yn 'e konfrontaasje mei Krennic wurdt Lyra deasketten, wylst Jyn wit te ûntkommen en letter oppikt wurdt troch de rebel Saw Gerrera, mei wa't Galen konneksjes hat. Galen sels wurdt lykwols troch Krennic en syn trewanten finzen nommen en meifierd om wer oan it wurk set te wurden foar de ûntwikkeling fan 'e Deadsstjer.

Fyftjin jier letter is it massaferneatigingswapen, dat de foarm hat fan in romtestasjon ter grutte fan in lytse moanne, frijwol klear. Keizer Palpatine stjoert syn fertrouling grut-moff Wilhuff Tarkin om tafersjoch te hâlden oer it wurk fan Krennic-en-dy, mei't him berjochten berikt hawwe oer de desersje fan in frachtpiloat fan it wapenprogramma. De earste prioriteit fan Tarkin is om te kontrolearjen oft de Deadsstjer it wol echt docht. Op dat stuit draait it romtestasjon yn in baan om 'e moanne Jedha hinne, dêr't Krennic de kyberkristallen út 'e Hillige Stêd stelle litten hat. Krennic stelt foar om 'e hiele moanne te ferneatigjen, mar Tarkin bedimmet him en seit dat it wol takin mei allinnich de Hillige Stêd. De proef is in súkses en de stêd wurdt yn ien klap ferneatige, wêrnei't de konsintryske skokweagen har dêrwei oer de hiele moanne útwreidzje en alle libben ferdylgje.

Tarkin lokwinsket Krennic mei it wolslagjen fan it projekt, en nimt dan de lieding oer de Deadsstjer oer. Krennic is poerrazen, mar Tarkin wiist derop dat sa'n gefoelich wapen as de Deadsstjer net oan him tabetroud is, de desertearre piloat yn acht nommen en it lek yn 'e organisaasje fan Krennic dêr't dy desersje op tsjut. Hy wriuwt Krennic fyntsjes yn dat de piloat net allinnich wurke, mar fan it Enerzjyomsettingslaboratoarium op 'e planeet Eadu kaam, dêr't er kontakt hân hawwe moat mei ien fan Krennic syn wittenskippers.

Wisberet om regaad te meitsjen mei de ferrieder, set Krennic ôf nei Eadu. Dêr oankommen, lit er alle wittenskippers gearroppe en driget er de hiele kloft troch syn liifwachten deasjitte te litten as de ferrieder himsels net bekend makket. Uteinlik jout Galen Erso ta en bekent er dat hy de ferrieder is en dat er fia de desertearre piloat Bodhi Rook ynformaasje oer de Deadsstjer oan it Rebelleferbûn trochspile hat. Krennic brekt syn wurd en lit alle oare wittenskippers dochs noch deasjitte. Mei Galen hat er likemin folle goeds yn 't sin, mar wàt krekt, dat bliuwt ûnbekend, want op dat stuit fiere X-wjukjagers fan it Rebelleferbûn in bombardemint fan it laboratoarium út, wêrby't Galen omkomt. Krennic wit sels nauwerneed oan 'e dea te ûntsnappen.

Neitiid wurdt er ûntbean yn 'e fêsting fan Darth Vader op 'e planeet Mustafar. Dêr moat Krennic him foar de rjochterhân fan keizer Palpatine oer ferantwurdzje foar de oanfal mei de Deadsstjer op Jedha, dêr't er hielendal gjin tastimming foar krigen hie. Krennic skoot de skuld ôf op Tarkin en besiket in audiïnsje by de keizer los te krijen, mar de yrritearre Vader knypt him de kiel ticht mei de Krêft en befellet him om der earst mar ris op ta te sjen dat der gjin fierdere lekken ûntsteane.

Om dêr wis fan te wêzen, bejout Krennic him nei it Keizerlik Argyfkompleks op 'e planeet Scarif. Mei't dêr de blaudrukken fan 'e Deadsstjer opslein binne, is dat it iennichste plak yn it Stjerrestelsel behalven de Deadsstjer sels dêr't men mear oer it massaferneatigingswapen te witten komme kin. Hy is fan doel om 'e blaudrukken ferdwine te litten en sa in potinsjeel takomstich lek al by foarbaat te tichtsjen. Koart nei't er op 'e tropyske planeet oankommen is, wurdt it argyfkompleks lykwols oanfallen troch rebellen dy't op 'e iene of oare wize troch it wrâldomfetsjende enerzjyskyld slagge binne. Krennic nimt de lieding oer de ferdigening fan it kompleks, mar as er berjocht kriget dat de argyfklûs kompromittearre is, beseft er wêr't it de rebellen om te dwaan is. Hy stjoert daliks fersterkings nei it argyf ta. De werprogrammearre Keizerlike oarlochsandroïde K-2SO, dy't diel útmakket fan it rebelleteam en de tagong ta de klûs bewekket, wit gâns stoarmtroepers te deadzjen, en as se him oermânsk wurde, fersegelet er de klûs en fernielt er it kompjûtersysteem dat de klûs bestjoert.

Krennic kringt de argyftoer fia in oare tagong binnen. Hy treft dêr twa rebellen oan dy't de argyfrekken beklimme nei de top fan 'e toer en besjit harren. De man wurdt rekke, komt te fallen en stoart in ein nei ûnderen ta, dêr't er bewegingsleas lizzen bliuwt. De frou klimt fierder nei boppen en ûntkomt út 'e toer troch in fentilaasjeskacht. Krennic nimt de lift nei it platfoarm mei de grutte skûtelantenne, boppe-op 'e toer. Dêr kriget er de jonge frou wer yn it fizier en freget wa't sy is. Se antwurdet dat se Jyn Erso is, de dochter fan syn âlde freon Galen. Se fertelt him ek dat har heit mei opsetsin in swak plak yn 'e Deadsstjer ynboud hat, en dat it Rebelleferbûn de blaudrukken brûke sille om troch it ferrie fan har heit it libbenswurk fan Krennic te ferneatigjen. Krennic merkt lykwols op dat se de blaudrukken noch net ferstjoerd hat, en mei't er risselwearret har te deadzjen, sil dat ek net barre. Mar ear't er har deasjitte kin, wurdt er sels fan efteren delsketten as Jyn har ferwûne selskipsman, de rebel Cassian Andor, it antenneplatfoarm berikt.

Wylst Krennic swierferwûne op it platfoarm leit, moat er tasjen hoe't Jyn de blaudrukken ferstjoert nei de rebellefloat. Underwilens is de Deadsstjer by Scarif arrivearre, en yn in (te let) besykjen om it stellen fan 'e blaudrukken tsjin te kearen, jout Tarkin befel om it wapen tsjin it argyfkompleks te brûken. It superlaserkanon fjurret op 'e nij in skot mei lege yntinsiteit ôf, dat Scarif yn see rekket, in ein foarby it argyfkompleks. De skokweach is lykwols op 'e nij genôch om alle libben op 'e planeet te ferdylgjen. Op it antenneplatfoarm sjocht de swierferwûne Krennic de skokweach oankommen foar't dy him deadocht.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono
  NODES