Palts
De Palts (Dútsk: Pfalz) is in regio yn it súdwesten fan Dútslân en yn it suden fan de dielsteat Rynlân-Palts. It gebiet beslacht in oerflak fan 5.451 km² en der wenje sa om-ende-by 1,4 miljoen minsken.
Geografy
bewurkje seksjeYn it westen grinzet de Palts oan it Saarlân. It Paltser Wâld beslacht likernôch in tredde fan de Palts. De Palts grinzet oan Frânske regio Elsas yn it suden. Dêr rint it Paltser Wâld oer yn de Fogezen. Eastlik fan it Paltser Wâld leit in grutte wynstreek dy't ek wol de Deutsche Weinstraße neamd wurdt. Eastlik fan de wynstreek leit de Rynflakte. It noarden fan de Palts is suver allinnich berchlân. De Donnersberch is mei 687 meter boppe seenivo it heechste punt fan de Palts.
Grutte stêden yn de Palts binne Frankenthal, Kaiserslautern, Ludwigshafen am Rhein, Neustadt an der Weinstraße, Pirmasens, Speyer en Zweibrücken.
Ferdivedaasje
bewurkje seksjeOp it kulturele mêd is de Palts ferneamd om de wyn dy't dêr makke wurdt. Yn de regio Deutsche Weinstraße wurde nei de rispinge fan 'e druven rûnom wynfeesten hâlden. Dat binne faak feesten mei muzyk en merke, dêr't de minsken wyn priuwe kinne. As belangrykste fuotbalferiening kin 1. FC Kaiserslautern neamd wurde. De fuotbalklup út Kaiserslautern hat fjouwer kear lânskampioen fan Dútslân west.