Seksuele penetraasje

(Trochferwiisd fan Penetraasje (seks))

Seksuele penetraasje is by dierlik seksueel hâlden en dragen it ynbringen fan 'e penis yn 'e fagina. By minsklike seksuele aktiviteit is it in breder begryp, dat net inkeld it ynbringen fan 'e penis yn 'e fagina omfiemet, mar ek it ynbringen fan in oar lichemsdiel, lykas in finger of de tonge, of fan in foarwerp, yn 'e fagina of yn in oare lichemsiepening, lykas de mûle of anus. Dêrby moat it doel wol seksueel fan aard wêze; in dokter dy't in termometer yn 'e anus fan in pasjint docht om syn of har temperatuer op te nimmen, falt dúdlik net ûnder dit begryp.

Seksuele penetraasje yn 'e misjonarishâlding op in gravuere fan Agostino Carracci.

By seksuele penetraasje is, ôfhinklik fan 'e brûkte lichemsiepening, sprake fan:

As term wurdt 'seksuele penetraasje' it measte brûkt by de omskriuwing fan sedemisdriuwen, bgl. yn wetboeken of plysjerapporten. Seksuele oantaasting (bgl. betaasten of oare foarmen fan ûnwinske seksualisearre oanreitsjen) feroaret dêrby yn ferkrêfting sadree't der sprake is fan seksuele penetraasje. Hoewol't yn 'e folksmûle mei ferkrêfting nei ûnwinske penetraasje mei de penis ferwiisd wurdt, of soms nei seksuele penetraasje mei in foarwerp, jilde ûnder de wet it ûnwinske binnenkringen fan 'e fagina of anus mei in finger en sels it ûnwinske binnenkringen fan 'e mûle mei de tonge by in tongtút ek al as foarmen fan ferkrêfting.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES