Piet Paulusma

Frysk waarman

Pieter (Piet) Paulusma (Tsjom, 15 desimber 1956Ljouwert, 20 maart 2022) wie in Fryske waarman.

Piet Paulusma
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Piet docht it waar foar SBS 6 op de Jouwer yn desimber 2003.
Piet docht it waar foar SBS 6 op de Jouwer yn desimber 2003.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Pieter Paulusma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 15 desimber 1956
berteplak Tsjom
stoarn 20 maart 2022
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as waarman
medium Radio & Telefyzje
wurksum by Omrop Fryslân (1985-2022),
SBS 6 (1996-2019),
Omrop MAX (2020-2022)
jierren aktyf 1985 - 2022

Libben en wurk

bewurkje seksje

Nei de middelbere skoalle begûn Paulusma doe't er 18 jier wie op de ôfdieling Kalkulaasje by de PTT Telecom, it lettere KPN Telecom. Hy koe him troch it folgjen fan opliedingen en ynterne kursussen opwurkje ta manager fakturearring. Yn syn frije tiid hold Paulusma him fan de jierren 1970 ôf mei it waar dwaande as hobby. Syn earste kontakt mei de meteorology wie in kursus fan de Teleac en it bestudearjen fan natuerferskynsels. Letter learde er by fia selsstúdzje en mei advizen fan syn sweager, dy't kolleezjes meteorology joech.

Piet Paulusma begûn yn 1985 op de radio as waarman by Omrop Fryslân. Paulusma foarsei alle dagen it waar, by Omrop Fryslân en Radio Noard. Karakteristyk foar syn waarpraatsje wie dat it op lokaasje opnaam waard. Ek karakteristyk wie syn fêste ôfsluting: Wy moatte moarn, mar wer even, yn it waar sjen.

Sûnt septimber 1996 foarsei Paulusma ek it lânlike waar by de lânlike stjoerder SBS 6. Dêr hat er in kultstatus opboud troch syn praatsjes oer it Nêderlânske waar, meastal bûtendoar, oeral troch Nederlân hinne, op te nimmen en it ôf te sluten mei it Fryske "Oant moarn!", dat meast troch de minsken dy't op de eftergrûn steane meiroppen waard. Yn 1999, 2000 en 2006 waard Piet Paulusma keazen ta populêrste waarman fan it jier.

Paulusma fersoarge it waarberjocht ek in skoft op Noordzee FM en letter Radio 10 Gold. Fierder skreau er ienris de wike syn waarberjocht yn de Harlinger Courant en alle dagen yn it Friesch Dagblad.

Op 4 febrewaris 2019 waard buorkundich makke dat syn kontrakt mei SBS 6 nei 23 jier net ferlinge wurde soe. Op 30 desimber 2019 stoppe er mei it waarberjocht op SBS6.

Mei yngong fan 1 jannewaris 2020 wie Piets Weer te sjen by omrop MAX-programma's lykas Tijd voor MAX.

Op 21 jannewaris 2022 waard Paulusma beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Paulusma ferstoar yn de âlderdom fan 65 jier yn it sikehûs fan Ljouwert oan de gefolgen fan kanker.[1]

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  NODES