Pin-upgirl

(Trochferwiisd fan Pin-up)

In pin-upgirl of pin-upmodel (fan it Ingelske to pin up, "opspjeldzje") is in glamourmodel of neakenmodel fan wa't massaprodusearre foto's mei in pikante útstrieling yn 'e popkultuer tige populêr binne. Pin-upfoto's binne bedoeld foar ynformele fermiddens, oftewol, sa't de namme al seit, om se oan 'e muorre fêst te spjeldzjen. Pin-upgirls hoege gjin foltiids modellen te wêzen, mar kinne ek sjongsters of aktrises wêze dy't sok wurk derby dogge. De term pin-upgirl kin ek ferwize nei skildere keunstwurken fan soksoarte modellen op muorren, fiertugen, fleanmasines, ensfh.

Klassike pin-upgirl Betty Grable.
In pin-upgirl op 'e noas fan in Amerikaanske bommesmiter út 'e Twadde Wrâldoarloch.
Bernie Dexter, in moderne pin-upgirl.

Pin-upgirls wiene fral fan 'e Earste Wrâldoarloch oant de 1960-er jierren tige populêr. Ien fan 'e earste pin-upgirls wie Fernande Barrey, dy't koart foar de Earste Wrâldoarloch sawol plaatsjes fan in goed folle dekolletee as neakenfoto's publisearre. Ferneamde lettere pin-upgirls wiene/binne:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES