Pirmasens is in kreisfreie stadt yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De stêd leit oan de westlike râne fan it Paltserwâld, net fier fan de grins mei Frankryk. It Landkreis dat Pirmasens omslút droech fan 1818 oant 1997 de namme fan de stêd, mar hiet tsjintwurdich Südwestpfalz.

Pirmasens
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Rynlân-Palts
Sifers
Ynwennertal 40.046 (31-12-2014)
Oerflak 61,37 km²
Befolkingstichtens 653 /km²
Hichte 387 m.
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.pirmasens.de

De namme fan de stêd giet werom op de hillige Pirminius, dy't it kleaster yn it oanbuorjende Hornbach stifte.

Fan de 19e iuw ôf oan florearre de stêd troch de fabrikaazje fan skuon, mar hjoeddedei heart de stêd by de ekonomysk swakkere regio's fan Dútslân.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de stêd foar it earst op 9 augustus 1944 troch allieare loftoanfallen rekke. It oarspronklike doel fan de oanfal, wêrby't in soad boargers it libben lieten, wiene de stêden Stuttgart en München. Om't it waar lykwols net meiwurke moast dat bysteld wurde en sa waard Pirmasens it slachtoffer. Mei in folgjend bombardemint op 15 maart 1945 waard de binnenstêd hielendal ferwoastge. Ien wike letter, op 22 maart 1945, namen Amerikaanske troepen de stêd yn.

De oanwêzigens fan Amerikaanske troepen yn Pirmasens waard oant 1997 hast hielendal ôfboud.

Berne yn Pirmasens

bewurkje seksje


Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Rynlân-Palts  
Regierungsbezirke

Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts

Landkreise

Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis

Kreisfreie Städte

Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken

  ·   ·  
  NODES
os 1
web 1