De Polsleat is in feart yn Akkrum, dy't rint fan de Alde Boarn nei de Djippe Sleat.

De Polsleat is yn 1693 al opnaam yn de Schotanusatlas. Yn 1699 waard it Brêgegat yn de Súdlike Boarndyk iepene, wat de Polsleat in ferbining joech mei de Boarn. Dizze brêge waard letter part fan de Ljouwerterdyk.

Polsleatmole

bewurkje seksje

Earder stie hjir de Polsleatmole. Yn 2004 waard de mole ferpleatst nei de ouwer fan It Deel by it pontsje fan Nijskou. De mole waard wol yn bytsje feroare en krige de namme: Mellemole.

Yn de rin fan de 20e iuw is it ferkear foar dizze brêge oer de Polsleat lykwols te folle wurden. Yn 2005 is de gemeente Boarnsterhim fan doel in beslút te nimmen in rûnwei om Akkrum hinne oan te lizzen, sa't oer de brêge, no in fêste bregge en part fan de Buorren, minder ferkear komme sil. Dêrfoar sil der ek in nije, súdlikere brêge oer de Polsleat oanlein wurde moatte, mar oer it plak fan de rûnwei en fan de nije brêge oer de Polsleat is de polityk it noch net iens.

  NODES