Pornoakteur

(Trochferwiisd fan Pornostjer)

In pornoakteur of pornoaktrise (ek stavere as porno-akteur of porno-aktrise; en koart foar pornografysk akteur of pornografysk aktrise) is immen dy't in pornografyske rol spilet (d.w.s. dy't seksuële ferrjochtings docht) yn in film, dat ornaris in pornografyske film wêze sil. Om't sokke pornofilms besykje om in oansprekkende seksuële fantasij ta libben te bringen, wurde pornoakteurs benammen selektearre op lichaamlike skaaimerken dy't by sa'n soarte fantasij passe. It fermogen om wier aktearje te kinnen is dêroan ûnderhearrich. Dat wol net sizze dat pornoakteurs net hoege te aktearjen, sa't gauris beweard wurdt. Want allinnich al om oertsjûgjend te bearen dat men mei immen seks hawwe wol dy't men eins kâld lit of miskien wol net lije mei, ûnoantreklik fynt of sels net útstean kin, is op himsels al in flinke aktearprestaasje.

De Amerikaanske pornoaktrise Nyomi Banxxx.

Ferneamde pornoakteurs

bewurkje seksje
 
Pornoaktrise Lisa Ann waard tusken 2008 en 2011 by in breder publyk bekend as 'Serra Paylin', in parody op 'e Amerikaanske fise-presidints-kandidate Sarah Palin.

Om't de pornoyndustry him benammen rjochtet op heteroseksuële manlju, binne it de pornoaktrises dy't yn 'e regel fierwei it bekendst en populêrst binne. By pornografyske films ûnderskiedt men de haadkategoryen sêfte pornografy of softcore en hurde pornografy of hardcore. By sêfte pornografy hawwe de akteurs gjin wier geslachtsferkear mei-inoar, mar simulearje se dat allinnich mar. By hurde pornografy fynt wier geslachtsferkear plak. Foarbylden fan ferneamde softcore-aktrises binne Sylvia Kristel en Laura Gemser, dy't yn 'e 1970-er jierren de haadrol hiene yn 'e Emanuelle-rige, resp. de Black Emanuelle-rige.

Oer it algemien wurde softcore-aktrises lykwols mar selden sa bekend en populêr as dat hardcore-aktrises faak wurde. Guon bekende Nederlânske hardcore-aktrises binne Kim Holland, Bobbi Eden en Zara Whites. It sintrum fan 'e wrâldwide pornoyndustry is súdlik Kalifornje. Sadwaande binne beskate Amerikaanske pornoaktrises bekend wurden oer de hiele wrâld. Guon fan harren hawwe sels de oerstap (crossover) witten te meitsjen nei de mainstream-entertainmentyndustry, lykas Jenna Jameson, Jesse Jane, Tera Patrick, Lisa Ann, Nikki Benz en Mary Carey. Foarbylden fan manlike pornoakteurs dy't itselde dien hawwe, binne Ron Jeremy en Seymore Butts.

Spesjaliteiten

bewurkje seksje

Faak hawwe pornoakeurs in spesjaliteit binnen it sjenre, en binne hja allinnich bekend by leafhawwers fan dy spesjaliteit. Dêrby kin men yn it foarste plak tinke oan lesbyske, homoseksuële, biseksuële of transseksuële pornografy. Mar ek binnen de heteroseksuële pornografy besteane subsjenres, lykas orale seks, anale seks, dûbele penetraasje, it grutte-boarstesjenre, ynterrasiale pornografy, ebony-pornografy, Aziatyske pornografy, Latino-pornografy, milf- en cougar-pornografy, gangbang-pornografy, bondaazje, parodyen, ensfh. Los fan it sjenre wurdt fan pornoakteurs yn 'e regel ferwachte dat se in grut part fan 'e tiid neaken foar de kamera omspringe.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES