Posttraumatysk stress-syndroom

    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

Posttraumatysk stress-syndroom of posttraumatyske stress-steuring (PTSS), ek wol bekend ûnder Ingelske ôfkoarting PTSD (fan post-traumatic stress disorder) is in geastlike steuring yn 'e foarm fan in psychologysk trauma, dy't him by de minske ûntjaan kin nei't men bleatsteld is oan in traumatysk foarfal of in rige traumatyske foarfallen, lykas ferkrêfting of oare foarmen fan seksueel misbrûk, in gewelddiedige berôving of mishanneling, oarlochfiering, in slim ferkearsûngemak of in útslaande brân. PTSS of soartgelikense geastlike steurings waarden al dokumintearre troch de âlde Griken. In spesifike foarm fan PTSS is shellshock, dat foarkomt by militêren dy't lange tiid ûnder fjoer lein hawwe. Yn it ferline waard dat net erkend as sykte en waarden lju dy't deroan litten sjoen as simulanten of lefferts. Under de Earste Wrâldoarloch waarden in protte shellshockte soldaten eksekutearre as lânferrieders. De term 'posttraumatyske stress-steuring' kaam yn 'e 1970-er yn gebrûk doe't grutte oantallen Amerikaanske feteranen út 'e Fjetnamoarloch mei dizze krupsje oanhelle rekken. Pas yn 1980 waard PTSS as in echte oandwaning erkend.

Terapy foar minsken mei posttraumatyske stresssteurnis mei help fan virtual reality

Mooglike symptomen fan PTSS binne: ûntrêstigjende gedachten, gefoelens of dreamen dy't yn ferbân steane mei it trochmakke foarfal; geastlike en/of lichaamlike swierrichheden dy't har foardogge by dingen dy't jin it trauma wer tebinnenbringe; it bewust of ûnbewust mijen fan dingen dy't jin it trauma wer tebinnenbringe; gebrek oan konsintraasjefermogen; strukturele feroarings yn tinkpatroanen; in gruttere agresje; en in gruttere seksuële opwining. Om fan PTSS sprekke te kinnen moatte sokke symptomen langer oanhâlde as in moanne nei it traumatyske foarfal. By bern iepenbierje har sokke symptomen minder troch hâlden en dragen, mar mear yn it boartsjen. Persoanen dy't oan PTSS lije, rinne in folle heger risiko om selsmoard te dwaan as sûne minsken.

De measte lju dy't in traumatysk foarfal trochmeitsje, sille gjin PTSS krije. Minsken dy't it slachtoffer wurde fan in ynterpersoanlik trauma lykas, ferkrêfting, mishanneling of bernemisbrûk, hawwe in folle gruttere kâns om PTSS op te dwaan as lju dy't it slachtoffer wurde fan ûnpersoanlike trauma's, lykas in ferkearsûngemak of in brân. Ungefear de helte fan 'e ferkrêftingsslachtoffers ûntjout in foarm fan PTSS. By bern is de kâns op it opdwaan fan PTSS lytser as by folwoeksenen, benammen as it giet om bern fan ûnder de tsien jier. Yn 'e Feriene Steaten lijt 3,5% fan alle folwoeksenen oan in foarm fan PTSS en kriget 9% fan 'e minsken der op in stuit yn harren libben lêst fan. Yn 'e rest fan 'e wrâld lizze dy persintaazjes folle leger, en hat mar ½-1% fan 'e minsken PTSS. Yn oarlochsgebieten leit dat persintaazje fansels wol wer in stik heger. Wrâldwiid liket PTSS mear foar te kommen by froulju as by manlju.

De wichtichste behannelmetoaden foar minsken dy't lije oan PTSS binne psychoterapy en medikaasje. Op it mêd fan terapy giet it om traumarjochte kognitive gedrachsterapy, wêrby't der ferskate foarmen binne dy't helpe kinne, wêrûnder ien-op-ienpetearen en groepssesjes mei lotgenoaten. Op it mêd fan medikaasje wurde faak antydepressiva, sliepmiddels en eangstremmers foarskreaun. Faak hawwe PTSS-pasjinten ek baat by it medisinaal smoken fan kannabis, wierskynlik om't se in tekoart hawwe oan 'e kalmearjende neurotransmitter anandamide, dat in kannabinoïde stof is (dy't yn kannabis sit).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES