Premjêre

(Trochferwiisd fan Premiêre)

In premjêre of in premiêre (fan it Frânske première, "earste") is de earste publike opfiering fan in muzyk-, dûns- of toanielstik of de earste publike fertoaning fan in film. Foar sa'n premjêre wurde yn 'e regel de wichtichste belutsenen by de tastânkomming fan 'e oangeande foarstelling of film útnûge, lykas de filmprodusinten en de sponsors, en yn it gefal fan in film ek de akteurs. As it om in feestlik barren mei reade loper en ferneamde gasten giet, neamt men it in galapremjêre. By de alderearste opfiering of fertoaning sprekt men ek wol fan 'e wrâldpremjêre, wêrnei't yn oare lannen letter noch nasjonale premjêres plakfine kinne. Soms wurdt der foarôfgeande oan in filmpremjêre noch in lytse publike fertoaning holden om 'e reäksjes fan it publyk te peilen; sa'n ûnoffisjele premjêre wurdt in sneakpreview neamd.

In premjêre by Grauman's Chinese Theatre yn Hollywood.
Galapremjêre fan de Nederlânske spylfilm Het mes yn it City-Theater, Amsterdam (1961)

By live-foarstellings hjit de lêste repetysje foarôfgeande oan 'e premjêre de generale repetysje. By filmpremjêres wurdt foar de stjerren en oare hege gasten faak in reade loper útrôle op it trotwaar foar de bioskoop dêr't de feestlike gearkomste holden wurdt. It idee en de organisaasje fan 'e earste filmpremjêre wurde taskreaun oan 'e Hollywoodske sakeman Sid Grauman (1879-1950). De term 'premjêre' wurdt ek wol yn oerdrachtlike sin brûkt foar oare saken, lykas wannear't immen bygelyks foar it earst in beskate opfallende útspraak docht of wat opmerkliks of bysûnders prestearret.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
Done 1