De preromantyk is in literêre streaming tusken likernôch 1740 en 1780 dy't op de Romantyk foarútrûn.

Rhijnvis Feith

It wie in reaksje op de ferstanlik artistike opfettings fan it klassisisme. De preromantyk lei de klam op yntuysje, gefoel en persoanlike kreativiteit. Oerdruwing dêrfan late ta in sterk sentimintalisme, dat earst yn de Romantyk op oannimlike wize yntegrearre wurde soe. Typysk is de Ingelske graveyard poetry (tsjerkhôfpoëzy); dêrnjonken ûntstie de sentimintalistyske roman, fol fan deugdsume en edelmoedige helden en heldinnen.

Nederlânske preromantisy wienen ûnder oaren Jacobus Bellamy en Rhijnvis Feith.

Prof. dr. Willem van den Berg, kenner fan de Romantyk, hat oars earnstige beswieren ynbrocht tsjin de term Preromantyk; hy is fan betinken dat de term in skerp ûnderskiedend histoarysk begryp net dúdliker makket.

  NODES