Psychiatry is in medyske spesjaliteit wêrby behanneling, stúdzje en previnsje fan psychyske steuringen by de minske op it aljemint komt.

Der binne boarnen dy't ferwize nei psychiatryske behannelingen yn de 5e iuw f.Kr., fan de midsiuwen is bekend dat geastesiken behannele waarden yn sikehûzen. Yn de 18e iuw ûntjout de psychiatry him en der komt stadichoan mear erkenning, de behannelings wurde better en mear humaan. Yn de 19e iuw rint it tal pasjinten aardich op mar pas yn de 20e iuw wurde de psychyske oandienings kategorisearre en de behannelings wurde dêrop oanpast. Yn de sechstiger jierren fan de 20e iuw protestearren anty-psychiatryske groepen tsjin de psychiatryske steatssikehûzen yn de Feriene Steaten.

Diagnoatysk systeem

bewurkje seksje
 
Funksjonele MRI scans kinne in help wêze foar psychiaters.

Psychysk ûndersyk wurdt skaaimerke troch it fêststellen fan de mentale status en it omskriuwen fan de foarskiednis fan de oanbelangjende persoan, in simpele psychyske test kin ek in útkomst biede. Oer it generaal kin de stúdzje nei psychyske steuringen fan sosjale, biologryske of psychologyske aard wêze. Psychysk ûndersyk kin dien wurde mei help fan neurobylden of oare neuropsychologyske ynstruminten.

Referinsjeramt

bewurkje seksje

It fêststellen fan in diagnoaze kin op ferskate wizen dien wurde, lykwols bard dat meastentiids neffens in referinsjeramt lykas de ICD fan de Wrâld Sûnens Organisaasje en de Diagnostic and Statistical Manual (DSM) fan de Amerikaanske Psychiatryske Beropsorganisaasje. Yn Sina hat de Sineeske Psychiatryske Sosiëteit in eigen referinsjeramt, omskreaun yn it Sineeske Klassifisearringsramt foar Psychyske Steuringen. Doel fan in referinsjeramt om diagnoazes mei te stellen is it kategorisearjen fan psychyske oandienings en pas de behanneling dêrop oan. Sa'n referinsjeramt is net altiten tige krekt en it kin wêze dat guon symptoanen inoar oerlappe.

De psychiatry hat de neikommende dielmêden:

  • Aldereinpsychiatry
  • Berne- en jongereinpsychiatry
  • Biologyske psychiatry
  • Forensyske psychiatry
  • Militêre psychiatry
  • Neuropsychiatry
  • Sikehûspsychiatry
  • Sosjale psychiatry
  • Transkulturele psychiatry

Foar it behanneljen fan psychyske steuringen binne der medisinen en psychoterapy, in behanneling dy't wat mindert faak brûkt wurdt is elektroterapy. Psychyske behannelings kinne dus sawol biologysk as sosjologysk tapast wurde. In autorisearre ynstânsje mei, as it nedich is, tsjin de wil fan de pasjint in behanneling tapasse. It foech fan twongen psychyske behannelingen stiet yn de wet omskreaun.

Foar de ferskate wizen fan moderne psychiatryske behanneling binne der "multy-modale" konsepten. Dêrby sil der mear as eartyds, omtinken jûn wurde oan it libben fan de pasjint by de behanneling. De wichtichste rjochtlinen foar de moderne psychiatryske behanneling binne omskreaun mei de neikommende haadregels:

  • Frijdom is wichtiger as sûnens. Op it foarste plak betsjut dat, dat pasjinten it rjocht hawwe en wegerje in behanneling.
  • Lykberjochting fan geastesiken en lichaamlike siken. Dit prinsipe is tige fan belang foar dyjingen dy't de siken fan help foarsjen moatte.
  • Fersoarging yn 'e neiste omkriten: Pasjinten hawwe it rjocht om yn kliniken en ynrjochtings behannele te wurden, dy't net te fier fan har wenplak ôf lizze.
  • Doel fan in psychiatryske behanneling is net inkeld genêzing. Stabyl yn 't libben stean of omgean kinne mei in sykte binne like wichtich.
  • Terapeuten út alle fakgebieten yn de psychiatry stypje it wolwêzen fan pasjinten dy't op ferskate wize stimulearre wurde kin (ambulante behanneling, wenje mei tafersjoch, oanpast wurk).
  NODES