Red Hot Chili Peppers

Red Hot Chili Peppers is in band út de Feriene Steaten, oprjochte yn Los Angeles yn 1983 troch Anthony Kiedis en Flea.

Red Hot Chili Peppers
band
Red Hot Chili Peppers op Pinkpop 2006
Red Hot Chili Peppers op Pinkpop 2006
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Rock
bestean 1983 – No
label(s) EMI,
Warner Bros.
prizen Grammy, (1993, 2000, 2007, 2012)
âld-leden Cliff Martinez drums (1983–1986)
Hillel Slovak gitaar (1985–1988) †
Jack Irons drums (1986–1988)
Josh Klinghoffer gitaar & toetsen (2009–2019)
leden
Sang Anthony Kiedis
Gitaar & Toetsen John Frusciante
Bas Flea
Drums Chad Smith

Begjinjierren

bewurkje seksje

De oaren yn de oarspronklike band wienen Hillel Slovak en Jack Irons. Om't Slovak en Irons mei in oare band, What Is This?, in kontrakt by MCA hiene, namen Kiedis en Flea it earste album, The Red Hot Chili Peppers, op mei gitarist Jack Sherman en drummer Cliff Martinez. It twadde album, Freaky Styley, waard al opnaam mei Hillel Slovak, mar east by it tredde album, The Uplift Mofo Party Plan spile gâns de band by de opnammen. Dit wie lykwolsek de lêste kear. Yn 1988 ferstoar Slovak troch in oerdoasis heroïne, en yn reaksje stoppe ek Irons mei de band.

Kommersjeel sukses

bewurkje seksje

Yn 1989 kamen Chad Smith en John Frusciante by de band. Yn dy formaasje brocht de band yn 1989 Mother's Milk út en twa jier letter Blood Sugar Sex Magik. Mei Blood Sugar Sex Magik waard de band ferneamd oer de wrâld, benammen troch de single Under the Bridge, dy't yn 1992 ûnder oare yn Nederlân op 1 yn de hitlist stie.

Dat jier naam Frusciante wer ôfskied. Hy hie neat mei de populariteit fan de band en boppedat rekke er ferslave oan heroïne. Nei in pear ferskate gitaristen kaam Dave Navarro by de band. Mei him brochten se it sechsde studio-album, One Hot Minute, út. De chemy mei Navarro wie lykwols minder as earder mei Slovak en Frusciante.

Frusciante werom

bewurkje seksje

Flea hie kontakt holden mei Frusciante, dy't healwei jierren njoggentich yntusken swier ferslave wie. Navarro stapte yn 1997 út de band en se fregen Frusciante om werom te kommen. Dy wie in jier letter fan de drugs ôf, mei help fan Kiedis, Flea en Johnny Depp.

Yn de suksesformaasje fan 1989-1992 naam de band it album Californication op, dat se útbrochten yn 1999. Dat waard op 'e nij in kommersjeel sukses, mei hits as Scar Tissue, Californication en Otherside. Trije jier letter hold dat kommersjele sukses oan mei By the Way. Yn 2006 brocht de band it dûbeldalbum Stadium Arcadium út. Dêrfoar wûnen se yn 2007 in Grammy Award foar bêste album en ek it nûmer Dani California waard bekroane.

Klinghoffer ferfangt Frusciante

bewurkje seksje

Nei in skofte rêst waard yn 2009 bekend dat Frusciante de band op 'e nij ferliet. Diskear net om in drugsferslaving, mar it spyljen yn in ferneamde rockband befoel him net mear. Josh Klinghoffer waard de opfolger fan Frusciante. Sy wiene en binne goede freonen en ha earder ek mei syn twaen albums útbrocht. Klinghoffer wie boppedat al langer belutsen by de band, bygelyks as twadde gitarist by optredens.

Mei Klinghoffer as gitarist brochten de Peppers yn 2011 har tsiende studio-album út, mei de namme I'm With You. Yn 2012 publisearre de band nûmers dy't se tagelyk mei I'm With You opnaam hiene, mar it album net hellen. Yn novimber 2013 waarden dy nûmers mei-inoar op ien LP útbrocht (I'm Beside You).

Yn febrewaris 2014 spile de band tegearre mei Bruno Mars yn de halftime-show fan de Super Bowl. Letter dat jier begûnen se oan de opnamen fan in nij studio-album, dat letter de namme The Getaway krije soe. The Getaway waard yn 2016 útbrocht.

 
In optreden fan de band

De band bestiet út:

Studio-albums

bewurkje seksje
Album Utbrocht op Label Single(s)
The Red Hot Chili Peppers 10 augustus 1984 EMI Get Up and Jump
Freaky Styley 16 augustus 1985 Jungle Man,
Hollywood (Africa)
The Uplift Mofo Party Plan 29 septimber 1987 Fight Like a Brave
Mother's Milk 16 augustus 1989 Higher Ground,
Knock Me Down,
Taste the Pain
Blood Sugar Sex Magik 24 septimber 1991 Warner Bros. Give It Away,
Under the Bridge,
Suck My Kiss,
Breaking the Girl,
If You Have to Ask
One Hot Minute 12 septimber 1995 Warped,
My Friends,
Aeroplane,
Shallow Be Thy Game,
Coffee Shop
Californication 8 juny 1999 Scar Tissue,
Around the World,
Otherside,
Californication,
Road Trippin,
Parallel Universe
By The Way 9 july 2002 By the Way,
The Zephyr Song,
Can't Stop,
Dosed,
Universally Speaking
Stadium Arcadium 9 maaie 2006 Dani California,
Tell Me Baby,
Snow (Hey Oh),
Desecration Smile,
Hump de Bump
I'm With You 26 augustus 2011 The Adventures of Rain Dance Maggie,
Monarchy of Roses,
Look Around,
Brendan's Death Song
The Getaway 17 juny 2016 Dark Necessities,
Go Robot,
"Sick Love,
Goodbye Angels
Unlimited Love 1 april 2022 Black Summer
Return of the Dream Canteen 14 oktober 2022 Tippa My Tongue
Album Utbrocht op Label
Live in Hyde Park 3 augustus 2004 Warner Bros.
Cardiff, Wales: 6/23/04 17 maart 2015 ûnbekint

Kompilaasje-albums

bewurkje seksje
Album Utbrocht op
Sock-Cess 1989
What Hits!? 29 septimber 1992
Live Rare Remix Box 1994
The Plasma Shaft 13 oktober 1994
Out in L.A. 1 novimber 1994
The Best of the Red Hot Chili Peppers 1994
Under the Covers:

Essential Red Hot Chili Peppers

31 maart 1998
Greatest Hits 18 novimber 2003
10 Great Songs 2009
Road Trippin' Through Time 2011
I'm Beside You 29 novimber 2013
Oar útbrocht guod
  NODES
Done 1
jung 1
jung 1
see 1