Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen

De Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen (Latyn: Belgica Foederata) is de namme fan de sân provinsjes yn de Nederlannen dy't harren fan 1568 ôf yn de Tachtichjierrige Kriich ûnôfhinklik makken fan it Habsburgske ryk. De republyk bestie oant 1795, doe't dy oan it begjin fan de Frânske tiid ferfongen waard troch de Bataafske Republyk, en waard letter part fan it Frânske Keizerryk.

Oersichtskaart fan de Republyk, fan Johannes Janssonius; út syn samling Belgii Foederati Nova Descriptio, Amsterdam 1658
 
Willem fan Oranje

It besykjen fan de hearsker fan de Nederlânske gewesten Filips II om it absolutisme te festigjen en de Roomsk-Katolike Tsjerke as ienige godstsjinst ta te stean, late yn 1568 ta in wapene opstân ûnder lieding fan Willem fan Oranje, de saneamde Tachtichjierrige Oarloch. Kearn fan dat ferset wienen fan 1572 ôf Hollân en Seelân. Mei de pasifikaasje fan Gint (1576) krige de opstân in mear algemien karakter. De ienheid tusken de Nederlânske gewesten rûn lykwols skea op troch it ta stân kommen fan de Uny fan Utert en de Uny fan Atert yn 1579.

Yn 1581 swarden de feriene gewesten yn de Uny fan Utert Filips II ôf as lânhear dêr't de kym mei lein waard foar de skuorring fan de Nederlannen. Nei de ôfswarring waard besocht om in Frânske prins, de hartoch fan Anjou as soeverein foarst oan te lûken, wylst yn Hollân en Seelân in protte oan steedhâlder Willem fan Oranje de soevereiniteit opdrage woenen. Nei de moard op Oranje yn 1584 waard earst noch steun socht by keninginne Elizabeth I fan Ingelân, mar sûnt it fuortgean fan har fertsjintwurdiger út de Nederlannen, Leicester (1587) wienen de gewesten feitlik in republyk. Tanksij de militêre súksessen fan Maurits en Freark Hindrik, de soannen fan Willem fan Oranje, koe de Republyk har grûngebiet konsolidearje. By de Frede fan Munster (1648) erkende Spanje de ûnôfhinklikens fan Nederlân, dat fan dat stuit ôf ek formeel losmakke waard fan it Dútske Ryk.

Steedhâlders en steedhâlderleaze tiidrekken

bewurkje seksje
 
Johan de Witt

Yn it tiidrek fan de Republyk bestie in skerpe tsjinstelling tusken de steedhâlders en de patrisyske (Hollânske) reginten (fan oarsprong grutkeaplju), dy't it twa kear slagge it stedhâlderskip (útsein yn Fryslân) ôf te skaffen: yn 1650 nei de dea fan Willem II en yn 1702 nei de bernleaze dea fan Willem III. Oan it earste steedhâlderleaze tiidrek, doe't de lieding oer de Republyk feitlik yn hannen fan by Johan de Witt wie, kaam in ein yn 1672, doe't der sprake wie fan in needsituaasje. De Republyk waard dat jier fan alle kanten bedrige en ûnder druk hjirfan waard Willem III ta steedhâlder ferheft. Willem III, dy't yn 1688 teffens op de Ingelske troan kaam, waard lieder fan in ynternasjonale koalysje fan lannen dy't de Frânske hegemony yn Jeropa bestried yn de (Njoggenjierrige Oarloch, Spaanske suksesjeoarloch).

It twadde steedhâlderleaze tiidrek einige yn 1747, doe de Fryske steedhâlder, Willem IV, ek wer as gefolch fan bûtenlânske driging ta (erflik) steedhâlder fan alle gewesten en kaptein-generaal en admiraal-generaal fan de striidkrêften útroppen waard.

De Gouden Iuw

bewurkje seksje

Yn de 17e iuw belibbe de Republyk in bloei sûnder wjergea op polityk en ekonomysk mêd. In skoft lang wie it de grutste maritime steat fan de wrâld, mei admiraals as Maarten Tromp en Michiel de Ruyter. Earst yn de rin fan de 18e iuw ferlear it stadichoan dy posysje oan Ingelân, dêr't Nederlân fjouwer seeoarloggen mei fierde (sjoch: de Ingelsk-Nederlânske Oarloggen). De Hollânske en Siuwske stêden, al yn de Boergondyske tiid sintra fan hannel en skipfeart, kamen ta grutte bloei, fral ek troch de ûntwikkeling fan it koloniale ryk (Feriene Eastyndyske Kompanjy en Westyndyske Kompanjy).

Nederlân liet yn dat tiidrek ek in bloeiend geastlik libben sjen, mooglik makke troch de relative ferdraachsumens dy't hjir hearske, nettsjinsteande de befoarrjochte posysje fan de Grifformearde Tsjerke, wêryn sûnt de Synoade fan Dordrecht de ortodoksy triomfearre. Ek de keunsten (benammen de skilderkeunst) en wittenskip bloeiden.

De 18e iuw joech op sawat alle gebieten in tanimmend ferfal te sjen. Wol koe Amsterdam, fanwege de grutte rykdommen dy't yn de foarrige iuw sammele wie, noch in grutte rol spylje as finansjeel sintrum fan de doetiidske wrâld.

De ein fan de Republyk

bewurkje seksje

Yn de twadde helte fan de 18e iuw krongen de ideeën fan de Ferljochting troch yn Nederlân, wat de polityk oanbelanget it ûntstean fan de Patriottenbeweging ta gefolch hie. De Republyk waard ferskuord troch fûleindige partijtwisten, dêr't de patriotten hieltyd mear de winnende hân yn krije soene, oant yn 1787, in ynfal fan Prusyske troepen, te help roppen troch prinses Wilhelmina (in suster fan de kening fan Prusen), in restauraasje fan it steedhâlderlik gesach ta gefolch hie. Lykwols makke de ynfal fan de Frânsken yn 1795, in ein oan de Republyk (sjoch: de Frânske tiid).

De sân geaen fan de Nederlannen dy't harren oansletten by de Republyk:

  1. Fryslân
  2. Gelre
  3. Hollân
  4. Oerisel
  5. Stêd en Lân (Grinslân)
  6. Utert
  7. Seelân

Steatsrjocht

bewurkje seksje

It oergesach yn de Republyk berêste by de Steaten-Generaal, wylst de gewestlike steaten oer in grutte mjitte fan selsstannigens beskikten. Yn de Steaten-Generaal wie foar wichtige beslissingen ienstimmigens fereaske, itjinge faak ta fûleindige strideraasje liede, û.o. ûnder it Tolvejierrich bestân, doe't Van Oldenbarnevelt terjochtsteld waard, en yn 1650 doe't prins Willem II Amsterdam oermastere. De Republyk telde sân folweardige gewesten: Hollân, Seelân, Utert, Gelderlân, Oerisel, Fryslân en Grinslân; dêrneist stie it 'lânskip', dat wol selsbestjoer hie, mar net yn de Steaten wie fertsjintwurdige. De gebieten yn it suden fan it lân, dy't earst letter befrijd wienen, waarden as de Generaliteitslannen troch de Steaten-Generaal bestjoerd. In semi-monargale posysje yn de Republyk naam it Hûs fan Oranje yn. De ôfstammelingen fan Willem fan Oranje, Maurits (1585-1625), Freark Hinderik (1625-1647), Willem II (1647-1650) en Willem III (1672-1702) kombinearren it steedhâlderskip fan de measte gewesten (wêrûnder hieltyd Hollân en Seelân) sûnt 1625 mei it oerbefel oer lân- en seemacht (kaptein en admiraal-generaalskip).

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  NODES
Idea 1
idea 1
todo 1