Robert De Niro

(Trochferwiisd fan Robert de Niro)

Robert De Niro (Ingelske útspr.: [də 'nɪəɹoʊ], likernôch: "duh nea-roo"; Italjaanske útspr.: [de 'ni:ro], likernôch: "dee nii-roo"; folút: Robert Anthony De Niro jr.; New York, 17 augustus 1943) is in Amerikaansk akteur, regisseur en filmprodusint fan mingd, mar foar it meastepart Italjaansk etnysk komôf. Hy spilet gauris yn misdiefilms, en wurket datoangeande faak gear mei regisseur Martin Scorsese. De Niro begûn syn karriêre as akteur yn 1963 en briek yn 1974 troch mei syn rol as de jonge Vito Corleone yn The Godfather Part II, fan regisseur Francis Ford Coppola. Foar dy rol wûn er in Oscar foar bêste byrol fan in akteur. Yn 1980 wûn er boppedat in Oscar foar bêste akteur mei syn rol as bokser Jake LaMotta yn Raging Bull, in film fan Scorsese.

Robert De Niro
akteur
Robert De Niro yn 2016 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes.
Robert De Niro yn 2016 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Robert Anthony De Niro jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
Italjaansk (sûnt 2006)
berne 17 augustus 1943
berteplak New York (New York)
etnisiteit Dútsk
Frânsk
Iersk
Ingelsk
Italjaansk
Nederlânsk
jierren aktyf 1963 – no
prizen Oscar 1975, 1981
Golden Globe 1981
Gouden Eareliuw 1993
Légion d'Honneur 1997
Sulveren Bear 2007
Cecil B. DeMille Award 2011
Pres. Frijheidsmedalje 2016
Satellite Award 2017
offisjele webside
www.tribecafilm.com

Oare bekende dramafilms dêr't De Niro yn spile, wiene Taxi Driver, Once Upon a Time in America, The Deer Hunter, Cape Fear, The Mission, Goodfellas en The Untouchables. Ek wied er te sjen yn komeedzjes as Analyze This, Meet the Parents, Meet the Fockers, The Intern en Dirty Grandpa. Njonken twa Oscars hat De Niro foar yndividuele films ek in Golden Globe, in Sulveren Bear en in Satellite Award wûn, en foar syn hiele oeuvre de Cecil B. DeMille Award en de Gouden Liuw foar it Oeuvre fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. Fierders waard De Niro yn 2016 de Presidinsjele Frijheidsmedalje takend. Hy wurdt beskôge as ien fan de bêste akteurs fan syn generaasje.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Robert De Niro waard yn 1943 berne yn 'e wyk Greenwich Village, yn 'e borough Manhattan fan 'e stêd New York. Hy wie it ienlingsbern fan Robert De Niro sr. en dy syn frou Virginia Admiral, dy't allebeide keunstskilders wiene. (Skilderijen fan syn heit meitsje tsjintwurdich diel út fan ferskate museumkolleksjes, wêrûnder dy fan it Metropolitan Museum of Art yn New York.) Oan syn heite kant hat De Niro benammen Italjaansk en ek wat Iersk bloed, wylst er oan syn memme kant fan mingd Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk en Dútsk etnysk komôf is.

Syn âldelju, dy't mei inoar yn 'e kunde kommen wiene doe't se beiden in kursus skilderkeunst fan Hans Hoffmann yn Provincetown (Massachusetts) folgen, skieden doe't de lytse Robert De Niro noch mar in pjut fan twa jier wie. De oanlieding dêrfoar wie it út 'e kast kommen fan Robert De Niro sr. as homoseksueel. Mei't syn mem in ateïst wie, en syn heit in ôffallige roomse, wie De Niro net doopt, mar doe't syn âldelju yn skieding leine, útfanhuze er by syn goedroomske pake en beppe oan heitekant, dy't him temûk en tsjin 'e mei klam útsprutsen winsk fan syn âlden dochs noch dope lieten.

De Niro waard troch syn allinnichsteande mem grutbrocht yn 'e buerten Greenwich Village en Little Italy fan Manhattan. Hy gie earst nei PS 41, in iepenbiere legere skoalle, mar folge de lêste pear jier fan syn leger ûnderwiis oan 'e Elisabeth Irwin High School, in priveeskoalle. Neitiid waard er foar de middelskoalle akseptearre oan 'e High School of Music and Art, mar dêr wied er mar in koart skoftsje foar't er fan skoalle feroare en de middelskoalle ôfmakke oan 'e iepenbiere Charles Evan Hughes Junior High School. It middelber ûnderwiis folge De Niro oan 'e priveeskoallen de McBurney School en de Rhodes Preparatory School, hoewol't er by gjinien fan beiden in diploma behelle.

Yn dy tiid hie De Niro yn syn buert de bynamme Bobby Milk ("Bobby Molke") omreden fan syn ljochte hûdskleur. As opslûpen jonge hong er om mei in groep strjitbern yn Little Italy, fan wa't guon libbenslange freonen fan him waarden. De Niro makke syn debút as akteur mei tsien jier, doe't er de Leffe Liuw spile yn in skoalleproduksje fan The Wonderful Wizard of Oz, fan L. Frank Baum. De Niro hie aardichheid oan aktearjen, mei't er gjin lêst hie fan syn karakteristike skrutenens as er him yn in rol ynlibbe. Om't er fassinearre rekke troch it medium film gied er mei sechstjin jier fan skoalle om in aktearkarriêre nei te stribjen. Neitiid folge er aktearlessen oan sawol de HB Studio, it Stella Adler Konservatoarium as de Actors Studio fan Lee Strasberg.

 
Robert de Niro yn 1988 op it Festival foar Amerikaanske Films fan Deauville.

Aktearkarriêre

bewurkje seksje

Iere jierren

bewurkje seksje

De Niro makke syn debút as filmakteur yn 1963, doe't er tweintich jier wie, mei de rol fan Cecil yn The Wedding Party, fan regisseur Brian De Palma. Dy film waard lykwols pas útbrocht yn 1969. De earste rol dêr't er foar it filmpublyk yn te sjen wie, wie sadwaande dy fan 'e omkesizzer yn 'e koarte film Encounter, út 1965. Yn 'e twadde helte fan 'e 1960-er jierren hie De Niro figuranteroltsjes yn Three Rooms in Manhattan (1965) en Les Jeunes Loups (1968), in lyts roltsje yn Greetings (1968) en de titelrol yn Sam's Song (1969).

Nei't The Wedding Party einlings útkommen wie, spile De Niro yn 1970 de rol fan 'e histoaryske krimineel Lloyd Barker yn 'e film Bloody Mama, fan regisseur Roger Corman. Ek wied er te sjen yn 'e komeedzjefilm Hi, Mom! Nei The Wedding Party en Greetings wie dat de trêde film fan De Palma dêr't De Niro oan meiwurke, en foar elts fan dy projekten krige er mar $50 betelle. Yn 1971 hie De Niro byrollen yn 'e films Jennifer on My Mind, Born to Win en The Gang That Couldn't Shoot Straight. Hy wûn yn 1973 syn earste bekendheid by it bioskooppublyk mei syn rol as in stjerrende honkballer yn Bang the Drum Slowly. Datselde jiers begûn er ek syn langjierrige gearwurking mei regisseur Martin Scorsese, mei syn rol fan Johnny Boy Civello yn 'e film Mean Streets.

Trochbraak en heechtijdagen

bewurkje seksje

De grutte trochbraak kaam foar De Niro yn 1974, doe't er de rol fan 'e maffiabaas Vito Corleone op jongere jierren spile yn flashbacks yn 'e film The Godfather Part II, fan regisseur Francis Ford Coppola. Dy film wie in ferfolch op it mei in Oscar foar bêste film bekroande The Godfather, út 1972. De Niro hie foar The Godfather audysje dien foar mar leafst fjouwer rollen (dy fan Sonny Corleone, Michael Corleone, Carlo Rizzi en Paulie Gatto), mar Coppola fûn net ien fan dy rollen rjocht gaadlik foar him. De regisseur hie him lykwols ûntholden en frege him twa jier letter foar The Godfather Part II. Foar syn optreden yn dy film waard De Niro nominearre foar in BAFTA foar bêste nijynkommeling, en boppedat wûn er in Oscar foar bêste byrol fan in akteur. Dy priis moast op 'e útrikking troch Coppola yn ûntfangst nommen wurde, om't De Niro der sels net by wie. Hy wie de earste akteur ea dy't in Oscar wûn foar in rol wêryn't er foar it meastepart in oare taal as it Ingelsk spriek (te witten: Sisyljaansk). Hy en Marlon Brando, dy't in Oscar foar bêste akteur wûn foar syn rol fan Vito Corleone yn The Godfather, binne de iennichste akteurs dy't in Oscar foar deselde rol wûn hawwe (hoewol net yn deselde film).

Nei The Godfather Part II spile De Niro yn 1976 op 'e nij ien fan 'e wichtichste rollen út syn karriêre, nammentlik dy fan Travis Bickle yn 'e psychologyske skriller Taxi Driver. Foar dy film wurke er op 'e nij gear mei regisseur Martin Scorsese. Om him op 'e rol fan Bickle ta te rieden, frege De Niro echt in taksyfergunning oan en makke er nei't it skynt in skoftke wurkdagen fan tolve oeren as taksysjauffeur yn New York. De rol fan Bickle wurdt noch altyd sjoen as ikoanysk, benammen de "You talkin' to me?"-monolooch, dy't letter withoefolle kearen imitearre is. Eins stie dy net yn it senario fan 'e film, mar kaam fierhinne fuort út ymprovisaasje fan De Niro. Foar syn oprtreden yn Taxi Driver waard De Niro nominearre foar in Oscar, in Golden Globe en in BAFTA, allegear yn 'e kategory bêste akteur.

 
Robert De Niro nimt yn 1993 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje de Gouden Eareliuw yn ûntfangst.

Yn 1976 wie De Niro ek te sjen yn 1900 en The Last Tycoon. 1900 (útspr.: Novecento) is in Italjaanske film fan regisseur Bernardo Bertolucci oer it libben yn Itaalje foarôfgeande oan 'e Twadde Wrâldoarloch, sjoen troch de eagen fan twa freonen út folslein ferskillende maatskiplike klassen. De dramafilm The Last Tycoon waard regissearre troch Hollywoodleginde Elia Kazan, dy't neitiid yn in fraachpetear fertelde dat De Niro "hast alles wol dwaan woe om súkses te hawwen." Sa foel er foar syn rol yn The Last Tycoon ôf fan 77 oant 58 kg. Neffens Kazan wie De Niro de iennichste akteur mei wa't er ea gearwurke hie, dy't him frege oft se op snein ek trochgean koene mei repetearjen. De Niro waard foar syn rol fan Monroe Stahr yn The Last Tycoon troch de filmkritisy fan alle kanten tajubele, mar de film flopte yn 'e bioskopen.

It folgjende filmprojekt fan De Niro wie de musical New York, New York (1977), fan Martin Scorsese, dêr't er foar nominearre waard foar in Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzje. Dêrnei folge yn 1978 it oarlochsdrama The Deer Hunter, fan regisseur Michael Cimino, oer de Fjetnamoarloch en de psychologyske swierrichheden dêr't oarlochsfeteranen mei te krijen hawwe. Foar syn rol fan feteraan Michael Vronsky waard De Niro op 'e nij nominearre foar de Oscar, Golden Globe en BAFTA foar bêste akteur. It wie De Niro dy't by Cimino aktrise Meryl Streep oanrette foar de rol fan 'e freondinne fan Vronsy, nei't er har yn in toanielstik sjoen hie. Akteur John Cazale, dy't yn The Godfather de rol fan Fredo Corleone spile hie, wie al cast foar in rol yn The Deer Hunter doe't by him in terminale foarm fan kanker ûntdutsen waard. Dêrop besleaten de produsinten him út syn rol te setten om't it tefolle kostje soe om foar him in syktekostefersekering ôf te sluten. De Niro betelle de fersekeringskosten doe út eigen bûse.

Yn 1980 wurke De Niro op 'e nij gear mei Martin Scorsese, doe't er yn it troch dyselde regissearre biografysk sportdrama Raging Bull de rol fan bokser Jake LaMotta spile. Nei ferskate kearen foar de priis nominearre west te hawwen, wûn De Niro mei de rol fan LaMotta einlings de Oscar foar bêste akteur. Dêropta wûn er ek de Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm en waard er nominearre foar in BAFTA Award foar bêste akteur.

1980-er jierren

bewurkje seksje

Om't De Niro noed krige dat er typecast drige te wurden foar maffiarollen, begûn er yn 'e 1980-er jierren aktyf nei oarsoartige rollen te sykjen. Yn 1981 spile er de roomske preester Des Spellacy yn neo-noirfilm True Confessions, en yn 1983 wied er as de mislearre komyk Rupert Pupkin te sjen yn 'e swarte komeedzje The King of Comedy, op 'e nij in film fan Martin Scorsese. Foar dy rol waard er wer nominearre foar in BAFTA Award foar bêste akteur. Yn 1984 wied er lykwols op 'e nij te sjen as krimineel yn 'e misdiefilm Once Upon a Time in America, fan regisseur Sergio Leone. Yn 'e midden fan 'e 1980-er jierren spile De Niro yn it romantysk drama Falling in Love (1984), mei Meryl Streep, de dystopyske science fiction-film Brazil (1985), mei Katherine Helmond en Bob Hoskins, en de histoaryske dramafilm The Mission, mei Jeremy Irons.

De Niro waard nominearre foar in Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur foar syn rol yn 'e psychologyske horrorfilm Angel Heart, út 1987, mei Mickey Rourke, Lisa Bonet en Charlotte Rampling. Datselde jiers fertolke er de rol fan gangster Al Capone yn 'e plysjefilm The Untouchables, mei Kevin Costner en Sean Connery. Teffens wie De Niro yn 1987 foarsitter fan 'e sjuery op 'e fyftjinde edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Moskou. Yn 'e aksjekomeedzje Midnight Run (1988), mei Charles Grodin en Yaphet Kotto, spile er de opjage preemjejager Jack Walsh, in rol wêrfoar't er nominearre waard foar in Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzje. Oare films fan De Niro út 'e ein fan 'e 1980-er jierren wiene de dramafilm Jacknife (1989), mei Ed Harris, de komeedzje We're No Angels (1989), mei Sean Penn en Demi Moore, en de romantyske film Stanley & Iris (1990), mei Jane Fonda.

 
Robert De Niro yn 2011 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes.

Yn 1988 frege Martin Scorsese De Niro foar de rol fan Jezus Kristus yn syn film The Last Temptation of Christ, mar De Niro hie dêr gjin belangstelling foar. Doe't er dêr letter yn in fraachpetear nei frege waard, antwurde er: "The Last Temptation wie wat dêr't ik nea gjin ynteresse foar hie om yn te spyljen. Mar ik haw wol tsjin [Scorsese] sein: 'Ast echt in probleem hast, ast echt wolst dat ik it doch, en hast ferlet fan my, dan doch ik it. Ast mei de rêch tsjin 'e muorre stietst en gjin oare útwei sjochst, docht ik it, by wize fan freonetsjinst. […] Ik hie der gjin belangstelling foar om Kristus te spyljen. It is krekt as it spyljen fan Hamlet. Ik woe it gewoan net dwaan. Marty en ik hawwe it deroer hân. We dogge guon dingen tegearre om't we graach mei-inoar wurkje meie, mar ek om ferskillende redens. Ik haw myn redens as akteur, hy sines as regisseur. Dat is ek mar it bêste."

1990-er jierren

bewurkje seksje

Yn 1990 hie De Niro twa fan syn bekendste rollen, dy fan Jimmy the Gent Conway yn Scorsese syn misdiefilm Goodfellas, en dy fan 'e út syn koma ûntwekjende pasjint Leonard Lowe yn 'e dramafilm Awakenings, fan regisseur Penny Marshall. Foar syn optreden yn Goodfellas waard er nominearre foar in BAFTA foar bêste akteur, en foar syn rol yn Awakenings, wêrfoar't er gearwurke mei Robin Williams yn 'e rol fan dokter Malcolm Sayer, waard er nominearre foar in Oscar foar bêste akteur. Nei in rol as in foar kommunistyske sympatyen ferfolge regisseur yn 'e histoaryske dramafilm Guilty by Suspicion (1991) spile De Niro in brânûndersiker yn 'e brânwachtskriller Backdraft (1991). Datselde jiers wied er ek te sjen as de sadistyske eks-detinearre Max Cady, yn Scorsese syn psychologyske skriller Cape Fear, mei Nick Nolte en Jessica Lange. Foar dy rol waard De Niro op 'e nij nominearre foar in Oscar en in Golden Globe foar bêste akteur. Nei't it skynt betelle er in toskedokter tûzenen dollars om syn gebit der min fersoarge útsjen te litten, en liet er syn tosken neitiid troch deselde toskedokter foar noch mear jild wer yn 'e âlde (fersoarge) steat werombringe.

De Niro spile yn 1992 yn it komeedzjedrama Mistress en de misdiefilm Night and the City, en yn 1993 yn it komeedzjedrama Mad Dog and Glory en it coming-of-agedrama This Boy's Life. Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje fan 1993 waard him foar syn oeuvre de Gouden Eareliuw takend. Om dy tiid hinne waard him de rol fan 'e psychoatyske moardner Mitch Leary oanbean yn 'e aksjefilm In the Line of Fire. Yn dy film soe De Niro de tsjinspiler west hawwe fan Clint Eastwood, dy't in agint fan 'e Secret Service spile. Hy moast it oanbod lykwols ôflslaan om't er oare ferplichtings hie, en as gefolch dêrfan waard Leary spile troch John Malkovich, dy't der in Oscar-nominaasje foar yn 'e wacht sleepte. De oare ferplichtings fan De Niro hiene te krijen mei de dramafilm A Bronx Tale, dêr't er net inkeld as haadrolspiler, mar ek as regisseur en filmprodusint by belutsen wie. Hy stimde deryn ta om 'e rezjy fan 'e film te dwaan nei't er in ienmanstoanielstik fan 'e senarioskriuwer Chazz Palminteri op Broadway sjoen hie. Yn A Bronx Tale spile De Niro in bussjauffeur dy't wrakselet om syn soan út 'e klauwen fan in pleatslike gangster te hâlden.

Yn 1994 wie De Niro te sjen yn 'e rol fan it meunster fan Frankenstein yn 'e horrorfilm Mary Shelley's Frankenstein, fan regisseur Kenneth Branagh. Hy wie ek as produsint yn dy film behelle, en krige foar syn rol in nominaasje foar in Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur. Nei in nije gearwurking mei Martin Scorsese foar de misdiefilm Casino, yn 1995, mei Joe Pesci en Sharon Stone, wie De Niro datselde jiers ek te sjen yn 'e skriller Heat, fan Michael Mann. Dêryn wurke er foar it earst gear mei syn freon Al Pacino (hoewol't se allebeide yn The Godfather Part II spile hiene, wiene se dêr nea yn deselde sêne te sjen). Yn 'e midden fan 'e 1990-er jierren wie De Niro te sjen yn One Hundred and One Nights (1995), The Fan (1996) en Sleepers (1996). Foar syn rol yn Marvin's Room, út 1996, waard er mei syn tsjinspilers nominearre foar in Screen Actors Guild Award foar bêste cast. Yn 1997 waard De Niro as ridder (chevalier) opnommen yn it Frânske Légion d'Honneur. Dat jiers spile er yn it misdiedrama Cop Land, fan regisseur James Mangold, mei Sylvester Stallone en Harvey Keitel, en yn 'e misdiefilm Jackie Brown, fan regisseur Quentin Tarantino, mei Pam Grier, Samuel L. Jackson, Michael Keaton, Bridget Fonda en Robert Forster.

 
In graffityportret fan Robert De Niro yn Opatija (Kroaasje).

Yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren spile De Niro yn 'e politike parody Wag the Dog (1997), de modernisearre literêre ferfilming fan Charles Dickens syn Great Expectations (1998), en de aksjeskriller Ronin (1998), foar't er yn 1999 in protte súkses hie mei de komeedzjefilm Analyze This. Dêryn sette er mei de rol fan Paul Vitti it karikatuer fan in maffiabaas del, mei Billy Crystal yn 'e rol fan syn folle pleage mar yntimidearre psychiater. Foar syn optreden yn Analyze This waard De Niro nominearre foar in Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzje. De film wie sa súksesfol dat der yn 2002 in ferfolch op makke waard, mei as titel Analyze That, wêryn't De Niro en Crystal op 'e nij yn deselde rollen te sjen wiene. Yn 1999 spile De Niro ek yn 'e misdiekomeedzje Flawless.

2000-er jierren

bewurkje seksje

Yn 2000 spile De Niro yn trije films: de mingde live action-animaasjefilm The Adventures of Rocky and Bullwinkle, en fierders Men of Honor en Meet the Parents. Yn 'e biografyske film Men of Honor, oer it libben fan Carl Brashear, de earste Afro-Amerikaan dy't masterdûker by de Amerikaanske Marine waard, fertolke De Niro de byrol fan sersjant-majoar Billy Sunday. Foar dy rol waard er nominearre foar in Satellite Award foar bêste byrol fan in akteur. Yn 'e komeedzjefilm Meet the Parents wie De Niro de tsjinspiler fan Ben Stiller, as Jack Byrnes, in stiif en strang âld-CIA-man dy't fuortendaliks in hekel hat oan Stiller syn personaazje Greg Focker. Focker, oan 'e oare kant, de oansteande brêgeman fan Byrnes syn dochter, is der alles oan gelegen om in wyt fuotsje te heljen by syn skoanheit, wat liedt ta in opienfolging fan brike foarfallen. De Niro wie by Meet the Parents ek belutsen as filmprodusint, en hy waard foar syn rol fan Byrnes fannijs nominearre foar in Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzje. De film wie sa súksesfol, dat der noch twa ferfolgen op makke waarden: Meet the Fockers, út 2004, wêryn't Byrnes en de frou mei de bern op besite geane by Greg Focker syn hippy-âlden, spile troch Barbra Steisand en Dustin Hoffman, en Little Fockers, út 2010, wêryn't Byrnes leare moat om te gean mei it feit dat er no pake is.

Yn 'e earste helte fan 'e 2000-er jierren wie De Niro fierders te sjen yn 15 Minutes (2001), The Score (2001), Showtime (2002) mei as tsjinspiler Eddie Murphy, City by the Sea (2002), Godsend (2004) en Hide and Seek (2005). Yn 'e animaasjefilm Shark Tale, út 2004, liende er syn stim as stimakteur oan it maffiabaas-eftige personaazje Don Lino, en yn The Bridge of San Luis Rey, ek út 2004, spile er de aartsbiskop fan Lima. Ek presintearre er 9/11, in dokumintêre út 2002 oer de oanslaggen fan 9/11 op it World Trade Center yn New York. Dy film wie gearstald út opnamen makke troch de Frânske bruorren Jules en Gédéon Naudet fan it wurk fan 'e leden fan 'e New Yorkske brânwacht ûnder en nei ôfrin fan 'e oanslaggen.

De Niro moast yn 2005 ta syn eigen djippe teloarstelling de haadrol yn 'e misdiefilm The Departed ôfslaan om't er doe djip behelle wie yn it meitsjen fan 'e spionaazjefilm The Good Shepherd (2006), mei Matt Damon en Angelina Jolie. Yn dy film, dy't er sels ek regissearre en produsearre, wurke De Niro ek wer gear mei Joe Pesci, dy't er earder al as tsjinspiler hân hie yn Raging Bull, Once Upon a Time in America, Goodfellas, A Bronx Tale en Casino. Foar syn rol fan generaal Bill Sullivan yn The Good Shepherd wûn De Niro mei de oare akteurs yn 2007 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn de Sulveren Bear foar bêste cast. Dêrnjonken waard de film sels nominearre foar in Gouden Bear (foar bêste film). Fierders wurke De Niro yn 2006 as stimakteur ek mei oan 'e tekenfilm Arthur and the Invisibles, fan regisseur Luc Besson.

 
Robert De Niro yn 2008.

Yn juny 2006 skonk De Niro syn persoanlike filmargyf mei skripts, kostúms en rekwisiten oan it Harry Ransom Center fan 'e Universiteit fan Teksas te Austin. Fan 27 april 2009 ôf wie de kolleksje dêr te besichtigjen foar it publyk. Yn 2007 spile De Niro yn 'e romantyske fantasyfilm Stardust, mei Claire Danes, Charlie Cox, Peter O'Toole en Sienna Miller, en yn 2008 wied er mei Al Pacino te sjen harren twadde filmprojekt tegearre, de plysjefilm Righteous Kill. Fierders hied er yn 'e twadde helte fan 'e 2000-er jierren rollen yn 'e satire What Just Happened (2008) en it drama Everybody's Fine (2009).

Lettere jierren

bewurkje seksje

Yn 2010 makke De Niro bekend dat er in rol hawwe soe yn 'e ferfilming fan 'e BBC-misdiesearje Edge of Darkness. Lykwols, fuort nei't de opnamen fan dy film begûn wiene, ferliet De Niro it projekt omreden fan "kreätive ûnienichheid". Hy waard neitiid ferfongen troch Ray Winstone. Wol wie De Niro yn 2010 noch te sjen as senator John McLaughlin yn 'e aksjefilm Machete, en teffens fertolke er dat jiers in haadrol yn 'e skrillerfilm Stone. Yn 2011 spile er yn 'e aksjefilms Killer Elite en Limitless, de romantyske komeedzje New Year's Eve en de Italjaanske film Manuale d'Amore 3, dy't ek bekend is ûnder de Ingelske titel The Ages of Love. Fierders waard oan De Niro yn 2011 ek de Cecil B. DeMille Award takend, de oeuvrepriis fan 'e Golden Globes, en tsjinne er dat jiers as foarsitter fan 'e sjuery op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes.

Yn 2012 pikte it Amerikaanske tillefyzjenetwurk de pilotôflevering fan 'e tillefyzjesearje NYC 22 op, dy't De Niro produsearre hie. It ûnderwerp dêrfan wie rekruten by it New York Police Department, mar de searje waard al nei fjouwer ôfleverings stopsetten omreden fan ôffallende sjochsifers. Films fan De Niro dy't yn 2012 útkamen, wiene Being Flynn, Red Lights, Freelancers en Silver Linings Playbook. Fral dy lêste film krige in soad lof fan 'e filmkritisy, en De Niro waard foar syn optreden as Pat Solitano sr. nominearre foar in Oscar, in Screen Actors Guild Award en in Satellite Award foar bêste byrol fan in akteur, wylst alle akteurs mei-inoar ek nochris nominearre waarden foar in Screen Actors Guild Award foar bêste cast. Yn 'e folgjende pear jier wie De Niro te sjen yn 'e films The Big Wedding, Killing Season, The Family, Las Vegas, American Hustle en Grudge Match (allegear yn 2013) en The Bag Man (2014).

Yn it mei mylde humor ôfmakke komeedzjedrama The Intern, fan regisseur Nancy Meyers, spile De Niro yn 2015 in pinsjonearre widner op jierren dy't by in moadebedriuw as stazjêr oan it wurk giet. Syn tsjinspylster yn dy film wie Anne Hathaway yn 'e rol fan syn jonge froulike baas, mei wa't er tige goed gearwurke, sa wie de ienriedige miening fan 'e filmkritisy. Yn 2015 wie De Niro ek te sjen as himsels yn 'e koarte film The Audition, fan Martin Scorsese. Fierders hied er datselde jiers in rol yn 'e heistfilm Heist en it komeedzjedrama Joy. Yn 2016 spile De Niro yn 'e gross-outkomeedzje Dirty Grandpa in gleie âld-kommando dy't syn naïve pakesizzer op sleeptou nimt om efter de fammen oan. Ek wied er dat jiers te sjen yn it biografyske boksdrama Hands of Stone (as bokstrainer Ray Arcel) en yn it komeedzjedrama The Comedian. Fierders krige er fan presidint Barack Obama yn 2016 de Presidinsjele Frijheidsmedalje opspjelde, de heechste boargerlike ûnderskieding fan 'e Feriene Steaten, foar syn bydragen oan 'e Amerikaanske kultuer.

 
Robert De Niro lit yn 2013 yn Holly-wood syn hân- en skuonôfdrukken ferivigje yn semint.

Yn 2017 makke De Niro as akteur en útfierend produsint de tillefyzjefilm The Wizard of Lies, oer de fraudeur Bernie Madoff, dy't withoefolle Amerikanen harren jild ûntfytmanne en yn earmoede efterliet foar't er úteinlik pakt waard en foar lange tiid it tichthûs yndraaide. Foar de rol fan Madoff waard De Niro nominearre foar in Golden Globe, in Emmy Award en Screen Actors Guild Award foar bêste akteur yn in tillefyzjefilm of minysearje. Hy wûn de Satellite Award yn dyselde kategory. The Wizard of Lies waard fierders ek nominearre foar in Emmy foar bêste tillefyzjefilm.

Yn 2019 spile De Niro de rol fan praatprogrammapresintator Murray Franklin yn 'e kontroversjele film Joker, oer de supersmjunt The Joker út 'e Batman-strips, spile troch Joaquin Phoenix. Fierders wied er dat jiers ek te sjen yn 'e rol fan Frank "The Irishman" Sheeran, in histoarysk Amerikaansk fakbûnsman en hiermoardner foar de maffia, dy't úthold dat er de bekende, spoarleas ferdwûne fakbûnslieder Jimmy Hoffa fermoarde hie. De Niro spile dy rol yn 'e Netflixfilm The Irishman, fan Martin Scorsese, nei it boek I Heard You Paint Houses fan Charles Brandt. Al Pacino, Harvey Keitel en Joe Pesci wiene ek yn dy film te sjen, dy't fan alle kanten lof taswaaid krige fan 'e resinsinten. Yn 2019 wurke De Niro, as ien fan 'e roasters, ek mei oan The Comedy Central Roast of Alec Baldwin.

Undernimmings en ynvestearrings

bewurkje seksje

Robert De Niro is ien fan 'e eigners fan 'e filmstudio TriBeCa Productions, dy't er yn 1989 tegearre mei filmprodusinte Jane Rosenthal oprjochte en ferneamde nei de buert Tribeca, yn súdlik Manhattan. Sûnt 2003 makket de studio diel út fan it gruttere Tribeca Enterprises, dat ek it Filmfestival fan Tribeca organisearret en eigner is fan Tribeca Cinemas. Fierders is De Niro eigner of mei-eigner fan 'e yn 1993 oprjochte sushi-restaurantkeatling Nobu (mei kok Nobu Matsuhisa), it yn 1990 iepengiene restaurant Tribeca Grill yn Tribeca (mei û.o. Broadwayprodusint Stewart F. Lane en akteur Lou Diamond Phillips), en it Greenwich Hotel, ek yn Tribeca. De Niro is ek oandielhâlder fan it Paradise Found Nobu Resort, in bedriuw dat fan doel is om in lúkse resort te bouwen op it eilân Barbûda, yn it Karibyske steatsje Antigua en Barbûda.

Priveelibben

bewurkje seksje

Relaasjes en bern

bewurkje seksje

De Niro hat twaris troud west. Hy troude yn 1976 mei syn earste frou, de Afro-Amerikaanske aktrise Diahne Abbott, mei wa't er in soan krige, Raphael, in eardere akteur dy't no as makelder wurket. De Niro adoptearre ek de dochter fan Abbott út in eardere relaasje, Drena De Niro, dy't aktrise is. It houlik fan De Niro en Abbott einige yn 1988 yn in skieding. Neitiid hie De Niro jierrenlang in relaasje mei it Afro-Amerikaanske model Toukie Smith. Mei har krige er yn 1995 troch reägearbuisbefruchting de twillingsoannen Julian en Aaron, dy't foldroegen waarden troch in draachmem. Koarte tiid dêrnei giene De Niro en Smith lykwols útinoar.

 
Grace Hightower, de twadde frou fan Robert De Niro fan 1997 oant 2018.

Yn 1997 troude De Niro mei syn twadde frou, de Afro-Amerikaanske aktrise Grace Hightower. Harren soan Elliot, dy't oanhelle is mei autisme, waard yn 1998 berne. De Niro en Hightower skieden yn 1999 fan tafel bêd, mar dêr folge nea in wetlike skieding op, en yn 2004 fernijden se ynstee harren houliksûnthjitten. Yn desimber 2011 krigen se noch in dochter dy't foldroegen waard troch in draachmem. Anno 2012 hie De Niro fjouwer pakesizzers (ien fan Drena en trije fan Raphael). Yn 'e novimber 2018 giene De Niro en Hightower útinoar.

Unreplik goed

bewurkje seksje

De Niro hat sûnt 1989 in diel fan it jild dat er mei syn aktearjen fertsjinne hat, ynvestearre yn ûnreplik goed yn 'e buert Tribeca, yn súdlik Manhattan. Hy besit ek wenten oan 'e East Side en de West Side fan Manhattan. Fierders is er eigner fan in filla mei 32 ha lân yn Gardiner (New York), dêr't er it meastepart fan 'e tiid wennet. Yn 2014 skafte er mei Grace Hightower in appartemint mei fiif sliepkeamers oan yn hertsje Manhattan.

Sûnensswierrichheden

bewurkje seksje

Yn oktober 2003 liet De Niro fia in wurdfierder bekendmeitsje dat der by him prostaatkanker fêststeld wie. Yn desimber fan dat jier waard er dêroan operearre yn it Memorial Sloan-Kettering Cancer Center.

Juridyske swierrichheden

bewurkje seksje

Doe't er yn febrewaris 1998 in film opnaam yn Frankryk, waard De Niro troch de Frânske plysje njoggen oeren lang ûnderfrege as tsjûge yn in prostitúsjesaak. Hy ûntstried by heech en by leech eltse belutsenens by en kennis fan 'e saak, en tsjinne neitiid in formele klacht yn oer syn behanneling. Hy wie dêr sa opsternaat oer dat er sei dat er nea wer nei Frankryk ta woe en syn ûnderskieding fan it Légion d'Honneur, dy't er in jier earder krigen hie, weromjaan woe. Meitiid belune syn lulkens stadichoan, en yn 2011 tsjinne er as foarsitter fan 'e sjuery op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes.

Yn 2006 klage de trust, dêr't De Niro syn lângoed yn Gardiner by ûnderbrocht hat, de gemeente Gardiner oan om't de ûnreplikgoedbelesting te heech wêze soe. Foar it Heechgerjochtshôf fan de Steat New York waard yn 2014 de gemeente yn it gelyk steld, mar de abbekaten fan 'e trust giene daliks yn heger berop. Dêrop makke de gemeente bekend dat it ûnwis wie oft de rjochtsaak noch fuortset wurde koe, om't der sa stadichoan al folle mear útjûn wie oan proseskosten as dat der mei de besteande belestings binnenhelle wurden hie. Hoewol't de oare ynwenners fan Gardiner yn 't earstoan mei De Niro sympatisearren, late dat berjocht ta lulkens en ta in inisjatyf fan guon boargers om it jild foar fuortsetting fan it proses troch in ynsammelingsaksje byinoar te bringen.

It ferslach fan 'e hiele kwestje yn in pleatslike krante waard oernommen troch The New York Times, en ûntjoech him troch De Niro syn belutsenens ta ynternasjonaal nijs. De Niro, dy't nei eigen sizzen troch de trust nea oer de saak ynformearre wie en fan neat wist, waard, yn 'e wurden fan it Gardiner gemeenteriedslid Wiegand, "poerstrontmâl" doe't er it út 'e kranten fernaam. De accountants dy't oer de trust giene, joegen ta dat se it nea nedich fûn hiene om De Niro mei de kwestje lestich te fallen om't se fûnen dat it ôfhanneljen fan dizze saak ûnder harren fidúsjêre ferplichtings foel. Inkele dagen letter mette De Niro mei syn abbekaat de fertsjintwurdigers fan it gemeentebestjoer, oan wa't er oanbea it heger berop yn te lûken en in skeafergoeding foar de proseskosten fan 'e gemeente te beteljen fan $129.000, in bedrach dat ophoaste waard troch it accountantskantoar.

 
De Niro syn oannommen dochter Drena.

Yn oktober 2019 waard De Niro oanklage troch in earder wurknimster, Graham Chase Robinson. Se hold út dat se yn 'e tiid dat se wurke foar De Niro syn filmstudio TriBeCa Productions it slachtoffer wurden wie fan ûnwinske yntimiteiten en geslachtsdiskriminaasje. Se bewearde ek dat De Niro sels "seksueel beladen" opmerkings yn har rjochting makke hie en har ûnderwurpen hie oan "ûnwinske fysyk kontakt". Fierders sei Robinson dat De Niro, doe't se besocht ûntslach te nimmen, drige hie har karriêre te ferrinnewearjen.

Polityk aktivisme

bewurkje seksje

Yn 1998 lobbyde De Niro op eigen inisjatyf by de leden fan it Amerikaanske Kongres tsjin 'e impeachment fan presidint Bill Clinton. By de presidintsferkiezings fan 2008 stipe er de Demokratyske kandidaat Barack Obama. Yn 2012 joech De Niro him by de anty-frackingkampanje Artists Against Fracking.

By de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016 wie De Niro in útsprutsen tsjinstanner fan 'e Republikeinske kandidaat Donald Trump, dy't er "sa skamteleas stom" neamde. Nei't Trump op in ferkiezingsgearkomste sein hie dat er lju dy't dêr tsjin him demonstrearren "wol op 'e bek slaan woe," liet De Niro in fideo publisearje wêryn't er yn in monolooch útfear tsjin Trump en ûnder mear sei: "Hy wol minsken op 'e bek slaan? No, ik soe him wolris op 'e bek slaan wolle!"

Nei't Trump dochs de ferkiezings wûn, joech De Niro him by it ferset tsjin 'e nije presidint. Op 10 juny 2018, doe't er by de 72e útrikkingsseremoanje fan 'e Tony Awards in optreden fan rocksjonger Bruce Springsteen oankundige, krige er fan it publyk in steande ovaasje doe't er sei: "Ik sil noch ien ding sizze: fuck Trump. It is net mear 'fuort mei Trump'. It is 'fuck Trump'!" In pear dagen letter bea De Niro by in moeting mei de Kanadeeske premier Justin Trudeau foar in grutte klibber folk yn Toronto syn ûntskuldings oan foar wat er omskreau as "Trump syn idioate hâlden en dragen".

Fierders hat De Niro Trump omskreaun as in rasist en tajûn dat hysels "nayf" wie oer de twa ferkiezingsoerwinnings fan Obama en wat dy foar de Feriene Steaten te betsjutten hiene. "Ik miende dat we mei wat nijs begûn wiene. Ik besefte net hoe tsjin him oft beskate lju wiene – tsjin him op basis fan syn ras, misledige dat er dêr [yn it Wite Hûs] wie." Yn 'e kampanje foar de Demokratyske foarferkiezing yn 'e oanrin nei de presidintsferkiezings fan 2020 stipe De Niro de iepentlik homoseksuële kandidaat Pete Buttigieg.

Dûbele nasjonaliteit

bewurkje seksje

Sûnt 2006 hat De Niro in dûbele nasjonaliteit, om't er dat jiers fan it Italjaanske regear in Italjaansk paspoart krige boppe-op syn Amerikaanske. Tsjin dy set fan it regear fan Itaalje wie yn 'e Feriene Steaten in protte wjerstân fan 'e Oarder fan de Soannen fan Itaalje yn Amearika, in organisaasje dy't fynt dat De Niro it imago fan 'e Italjanen as etnyske groep skea tabrocht hat troch syn oanhâldende spyljen fan kriminelen.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1965 Encounter de omkesizzer koarte film
1965 Three Rooms in Manhattan kliïnt by it diner net fermeld op 'e ôftiteling
1968 Les Jeunes Loups kliïnt yn Chez Popov net fermeld op 'e ôftiteling
1968 Greetings Jon Rubin
1969 Sam's Song Sam
1969 The Wedding Party Cecil
1970 Bloody Mama Lloyd Barker
1970 Hi, Mom! Jon Rubin
1971 Jennifer on My Mind Mardigian
1971 Born to Win plysjeman Danny
1971 The Gang That Couldn't Shoot Straight Mario Trantino
1973 Bang the Drum Slowly Bruce Pearson
1973 Mean Streets John "Johnny Boy" Civello
1974 The Godfather Part II Vito Corleone wûn Oscar foar bêste byrol fan in akteur
nom. BAFTA foar meast ûnthjittende nijynkommeling
1976 Taxi Driver Travis Bickle nom. Oscar foar bêste akteur
nom. Golden Globe foar bêste akteur – drama
nom. BAFTA foar bêste akteur
1976 1900 Alfredo Berlinghieri
1976 The Last Tycoon Monroe Stahr
1977 New York, New York Jimmy Doyle nom. Golden Globe foar bêste akteur – musical of komeedzje
1978 The Deer Hunter Michael Vronsky nom. Oscar foar bêste akteur
nom. Golden Globe foar bêste akteur – drama
nom. BAFTA foar bêste akteur
1980 Raging Bull Jake LaMotta wûn Oscar foar bêste akteur
wûn Golden Globe foar bêste akteur – drama
nom. BAFTA foar bêste akteur
1981 True Confessions monsênjeur Desmond "Des" Spellacy  
1983 The King of Comedy Rupert Pupkin nom. BAFTA foar bêste akteur
1984 Once Upon a Time in America David "Noodles" Aaronson
1984 Falling in Love Frank Raftis
1985 Brazil Archibald "Harry" Tuttle
1986 The Mission Rodrigo Mendoza
1987 Angel Heart Louis Cyphre nom. Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur
1987 The Untouchables Al Capone
1988 Midnight Run Jack Walsh nom. Golden Globe foar bêste akteur – musical of komeedzje
1989 Jacknife Joseph "Jacknife" Megessey
1989 We're No Angels Ned ek útfierend produsint
1990 Stanley & Iris Stanley Everett Cox
1990 Goodfellas James "Jimmy the Gent" Conway nom. BAFTA foar bêste akteur
1990 Awakenings Leonard Lowe nom. Oscar foar bêste akteur
1991 Guilty by Suspicion David Merrill
1991 Backdraft Donald "Shadow" Rimgale
1991 Cape Fear Max Cady nom. Oscar foar bêste akteur
nom. Golden Globe foar bêste akteur – drama
1992 Mistress Evan M. Wright ek produsint
1992 Night and the City Harry Fabian
1993 Mad Dog and Glory Wayne "Mad Dog" Dobie
1993 This Boy's Life Dwight Hansen
1993 A Bronx Tale Lorenzo Anello ek regisseur en produsint
1994 Mary Shelley's Frankenstein it meunster fan Frankenstein ek produsint
nom. Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur
1995 Casino Sam "Ace" Rothstein
1995 Heat Neil McCauley
1995 One Hundred and One Nights de man fan de stjer
1996 The Fan Gil Renard
1996 Sleepers pastoar Bobby
1996 Marvin's Room dokter Wally ek produsint
nom. SAG Award foar bêste cast
1997 Cop Land resjersjeur Moe Tilden
1997 Jackie Brown Louis Gara
1997 Wag the Dog Conrad Brean ek produsint
1998 Great Expectations Arthur Lustig
1998 Ronin Sam Regazolli
1999 Analyze This Paul Vitti nom. Golden Globe foar bêste akteur – musical of komeedzje
1999 Flawless Walter Koontz
2000 The Adventures of Rocky and Bullwinkle Fearless Leader ek produsint
2000 Men of Honor kommissaris Billy Sunday nom. Satellite Award foar bêste byrol fan in akteur
2000 Meet the Parents Jack Byrnes ek produsint
nom. Golden Globe foar bêste akteur – musical of komeedzje
2001 15 Minutes resjersjeur Eddie Flemming
2001 The Score Nick Wells
2002 Showtime resjersjeur Mitch Preston
2002 City by the Sea Vincent Anthony LaMarca
2002 Analyze That Paul Vitti
2004 Godsend dokter Richard Wells
2004 Shark Tale Don Lino as stimakteur
2004 Meet the Fockers Jack Byrnes ek produsint
2004 The Bridge of San Luis Rey de aartsbiskop fan Lima
2005 Hide and Seek David Callaway / Charlie
2006 The Good Shepherd generaal Bill Sullivan ek regisseur en produsint
nominearre foar de Gouden Bear (foar bêste film) (as regisseur en produsint)
wûn de Sulveren Bear foar bêste cast
2006 Arthur and the Invisibles keizer Sifrat XVI as stimakteur
2007 Stardust kaptein Shakespeare
2008 Righteous Kill resjersjeur Thomas "Turk" Cowan
2008 What Just Happened Ben ek produsint
2009 Everybody's Fine Frank
2010 Machete senator John McLaughlin
2010 Stone Jack Mabry
2010 Little Fockers Jack Byrnes ek produsint
2011 The Ages of Love Adrian
2011 Killer Elite Hunter
2011 Limitless Carl Van Loon
2011 New Year's Eve Stan Harris
2012 Being Flynn Jonathan Flynn
2012 Red Lights Simon Silver
2012 Freelancers Sarcone
2012 Silver Linings Playbook Pat Solitano sr. nom. Oscar foar bêste byrol fan in akteur
nom. SAG Award foar bêste byrol fan in akteur
nom. SAG Award foar bêste cast
nom. Satellite Award foar bêste byrol fan in akteur
2013 The Big Wedding Don Griffin
2013 Killing Season kolonel Benjamin Ford
2013 The Family Fred Blake / Giovanni Manzoni
2013 Last Vegas Paddy Connors
2013 American Hustle Victor Tellegio
2013 Grudge Match Billy "The Kid" McDonnen
2014 The Bag Man Dragna
2015 The Intern Ben Whittaker
2015 The Audition himsels koarte film
2015 Ellis himsels koarte film
2015 Heist Frank "The Pope" Silva
2015 Joy Rudy Mangano
2016 Dirty Grandpa Dick Kelly
2016 Hands of Stone Ray Arcel
2016 The Comedian Jackie
2019 Joker Murray Franklin
2019 The Irishman Frank "The Irishman" Sheeran ek produsint
2020 The War with Grandpa Ed
2020 The Comeback Trail Max Barber
2022 Amsterdam generaal Gil Dillenbeck
2022 Savage Salvation sheriff Church
2023 Killers of the Flower Moon William Hale
tillefyzje
1992-2019 Saturday Night Live himsels / ferskaat / Robert Mueller 9 ôfleverings
nominearre (2019) foar in Emmy Award foar bêste gaststjer yn in komeedzjesearje
2006 Extras himsels ôflevering Jonathan Ross
2007 Sesame Street himsels / hûn / koal / Elmo ôflevering Word 'Dog' Escapes Abby's Book
2011 30 Rock himsels ôflevering Operation Righteous Cowboy Lightning
2017 The Wizard of Lies Bernie Madoff tillefyzjefilm; ek útfierend produsint
nom. Golden Globe foar bêste akteur – minysearje of tillefyzjefilm
nom. Emmy Award foar bêste akteur yn in tillefyzjefilm
nom. Emmy Award foar bêste tillefyzjefilm (as produsint)
nom. SAG Award foar bêste akteur yn in tillefyzjefilm of minysearje
wûn Satellite Award foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm
2019 The Comedy Central Roast of Alec Baldwin   himsels tillefyzjespecial

As ferteller of ynterviewde

bewurkje seksje
Filmografy as ferteller of ynterviewde
jier titel rol of funksje opmerkings
dokumintêres
1982 Elia Kazan, Outsider himsels fraachpetear
1987 Dear America: Letters Home from Vietnam Great Sewer voice-over
1990 Hollywood Mavericks himsels fraachpetear
1990 More than a Movie himsels dielnimmer
1992 Stella Adler: Awake and Dream! himsels fraachpetear
1998 Junket Whore himsels fraachpetear
1998 Lenny Bruce: Swear to Tell the Truth himsels voice-over
2001 America: A Tribute to Heroes himsels akteur
2001 The Concert for New York City himsels akteur
2002 9/11 himsels presintator
2003 Hans Hofmann: Artist/Teacher, Teacher/Artist himsels voice-over
2004 Biography: Liza Minnelli himsels fraachpetear
2006 Tony Bennett: An American Classic himsels akteur
2011 Corman's World: Exploits of a Hollywood Rebel   himsels akteur
2014 The Man Who Saved the World himsels fraachpetear
2014 Remembering the Artist: Robert De Niro, Sr. himsels koarte dokumintêre oer syn heit

As produsint

bewurkje seksje
Filmografy as filmprodusint
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1989 We're No Angels Ned útfierend produsint
1991 Cape Fear Maximilian "Max" Cady net as produsint fermeld op 'e ôftiteling
1992 Thunderheart n.f.t.
1992 Mistress Evan M. Wright
1993 The Night We Never Met n.f.t. net as produsint fermeld op 'e ôftiteling
1993 A Bronx Tale Lorenzo Anello ek regisseur
1994 Mary Shelley's Frankenstein it meunster fan Frankenstein
1995 Panther n.f.t. net as produsint fermeld op 'e ôftiteling
1996 Faithful n.f.t.
1996 Marvin's Room dokter Wally
1997 Wag the Dog Conrad Brean
1998 Witness to the Mob n.f.t. útfierend produsint
1999 Entropy n.f.t.
1999 Flawless n.f.t.
2000 The Adventures of Rocky and Bullwinkle   Fearless Leader
2000 Meet the Parents Jack Byrnes
2000 Holiday Heart n.f.t.
2001 Prison Song n.f.t.
2002 About a Boy n.f.t.
2004 Stage Beauty n.f.t.
2004 Meet the Fockers Jack Byrnes
2005 Rent n.f.t.
2006 The Good Shepherd generaal Bill Sullivan ek regisseur
nominearre foar de Gouden Bear (foar bêste film) (as regisseur en produsint)
wûn de Sulveren Bear foar bêste cast
2008 What Just Happened Ben
2009 Public Enemies n.f.t. útfierend produsint; net as produsint fermeld op 'e ôftiteling
2010 Little Fockers Jack Byrnes
2010 20% Fiction n.f.t. útfierend produsint
2010 36 n.f.t.
2011 Warrior Queen n.f.t.
2011 The Undomestic Goddess n.f.t. útfierend produsint
2019 The Irishman Frank "The Irishman" Sheeran  
ûnwis Artemis Fowl n.f.t. útfierend produsint
tillefyzje
1993 TriBeCa n.f.t. tillefyzjesearje; útfierend produsint
2012 NYC 22 n.f.t. tillefyzjesearje; útfierend produsint
2014 About a Boy n.f.t. tillefyzjesearje; útfierend produsint
2017 The Wizard of Lies Bernie Madoff tillefyzjefilm; útfierend produsint
nom. Golden Globe foar bêste akteur – minysearje of tillefyzjefilm
nom. Emmy Award foar bêste akteur yn in tillefyzjefilm
nom. Emmy Award foar bêste tillefyzjefilm (as produsint)
nom. SAG Award foar bêste akteur yn in tillefyzjefilm of minysearje
wûn Satellite Award foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm
2019 When They See Us n.f.t. minysearje; útfierend produsint
nom. Emmy Award foar bêste minysearje (as produsint)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
Idea 1
idea 1
INTERN 4