Roely Boer is in Fryske sjoernaliste en skriuwster út Aldehaske.

Roely Boer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist, redakteur

Roely Boer wurke fan 1978 oant 1981 foar de Meppeler Courant. Tusken 1981 en 2000 wie se sjoernaliste en redaktrise by de Friese Pers.

Oant 1988 wurke se as sjoernaliste foar nijs- en deiblêden. Dêrnei waard se selsstannich ûndernimmer en redakteur fan Friesland Post. Sûnt 2001 skreau Boer as kommunikaasjemeiwurker fan de gemeente It Hearrenfean ûnder oare boargerjierferslagen, nijsbrieven, personielsblêd, taspraken en brosjueres. Fan 1988 ôf hat se ek har eigen tekstbedriuw Dialooch Tekstproduksjes. Roely Boer fersoarge ek it skûtsjeblêd Gerben van Manen en die oant 2019 de redaksje fan it ledeblêd fan It Fryske Gea. Op It Hearrenfean wie hja belutsen by de Iepen Monumintedagen.

Ein jierren njoggentich ferskynden fan har hân non-fiksje boeken en biografyen. Sûnt 2000 skriuwt se ek (berne)toanielstikken en film- en telefyzjesenario's.

  NODES