In romansearje of romanrige is in boekesearje fan romans of novelles dy't byinoar hearre, soms oanfolle mei koarte ferhalen. Yn 'e regel giet it dêrby om romans dy't deselde haadpersoan(en) hawwe of ek wol oer romans dy't deselde setting of tiidline diele. Meastal wurde romansearjes skreaun troch ien en deselde auteur, mar it komt ek foar dat ferskillende skriuwers gearwurkje oan ien rige, dy't dan wol publisearre wurdt troch ien inkele útjouwerij. Romansearjes komme in protte foar yn sjenrefiksje, lykas detektives, science fiction, fantasy of westerns, en teffens op it mêd fan berneboeken.

It kin wêze dat in romanrige ien lang ferfolchferhaal foarmet, wêrby't de ûnderskate romans beslist yn ien beskate folchoarder lêzen wurde moatte, om't men in stik fan it ferhaal mist as men in diel oerslacht, en der neat fan begrypt as men midden yn 'e searje begjint mei lêzen. Searjes fan dat soarte binne bgl. The Sharing Knife fan Lois McMaster Bujold, de Foreigner-searje fan C.J. Cherryh en de Harry Potter-rige fan J.K. Rowling. It komt lykwols ek in protte foar dat de ôfsûnderlike dielen fan in romansearje fierhinne op harsels steane en los faninoar of yn in willekeurige folchoarder lêzen wurde kinne, om't der mar komselden nei eardere foarfallen ferwiisd wurdt en de personaazjes frijwol gjin karakterûntwikkeling trochmeitsje. Foarbylden fan sokke searjes binne de Miss Marple-detektiveromans fan Agatha Christie en de berneboeken fan De Kameleon-searje, fan H. de Roos. Guon searjes sitte wat tusken dy beide ekstremen yn, mei't der wol karakterûntwikkeling plakfynt en der ferwizings nei eardere ferhalen opnommen binne, dy't lykwols net steurend wurkje en de útkomst fan eardere ferhalen net ferklappe (behalven dan fansels it feit dat de haadpersoan dy aventoeren oerlibbe hat). Soksoarte searjes binne bgl. de Vorkosigan-kroniken, fan Lois McMaster Bujold, en de Mercy Thompson- en Alpha and Omega-searjes fan Patricia Briggs.

Foar searjes fan beskate oantallen romans besteane aparte nammen: in searje fan twa boeken wurdt in duology neamd, ien fan trije boeken in trilogy, ien fan fjouwer boeken in tetralogy, ien fan fiif boeken in pentalogy, ien fan seis boeken in heksalogy en ien fan sân boeken in heptalogy. Soms wurde ek non-fiksje-wurken yn searjefoarm publisearre. Om dat te beneamen wurdt de term boekerige of boekesearje brûkt, dy't breder is as romanrige of romansearje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side.

  NODES
os 3