De sânslieper (wittenskiplike namme: Glis glis), miskien better bekend as de relmûs (wat feitliks in hollanistyske ynterferinsje is), is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae) en it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e sânsliepers (Glis). Dizze soarte komt foar yn in grut diel fan kontinintaal Jeropa, mar net yn Nederlân. De sânslieper is de grutste fan alle soarten sliepmûzen, dy't fanwegen syn opfallende plomsturt wol wat wei hat fan in iikhoarntsje. De namme "sânslieper" (Nederlânsk: zevenslaper; Dútsk: Siebenschläfer) komt fuort út it feit dat dit bist in wintersliep hâldt dy't sân moannen duorret.

sânslieper
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje sliepmûzen (Gliridae)
skaai sânsliepers (Glis)
soarte
Glis glis
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     lânseigen ferspriedingsgebiet
     yntrodusearre troch de minske as eksoat

Fersprieding

bewurkje seksje

Algemien foarkommen

bewurkje seksje

De sânslieper is lânseigen yn in grut part fan Jeropa, mei dêrûnder Midden-Jeropa en grutte dielen fan East- en Súd-Jeropa. Yn Skandinaavje komt er net foar. De westgrins fan syn ferspriedingsgebiet rint fan 'e Eastseekust fan noardlik Dútslân yn in bochtsjende line nei de Ardinnen, en dêrwei nei Normandje, en dan súdoan nei de Pyreneeën. Lúksemboarch en súdeastlik Belgje hearre derta, mar Nederlân en Flaanderen net. Op it Ibearysk Skiereilân libbet er inkeld yn it noarden, yn Astuerje, Kantaabrje, Baskelân, Navarra, noardlik Aragon en noardlik Kataloanje. Yn 'e Middellânske See komt er foar op it eilân Ibytsa (mar net op 'e oare Baleären), en fierders yn it binnenlân fan Korsika en Sardynje, op it eastlike diel fan Sisylje en op Kreta en Kefalloania. Utsein de "Hakke" heart de hiele Lears fan Itaalje ta it areaal fan 'e sânslieper. Ek de hiele Balkan heart derta, en de eastgrins rint mei in wide bôge troch de sintrale Oekraïne, westlik Ruslân, noardlik Wyt-Ruslân, súdlik Litouwen en de Russyske eksklave Kaliningrad nei de eastlike kust fan 'e Eastsee.

Eastlik fan dit oaniensletten gebiet befine har noch ferskate isolearre populaasjes sânsliepers, yn sintraal Letlân, sintraal Ruslân, súdwestlik Ruslân en it uterste noardwesten fan Kazachstan, en yn 'e Russyske Koeban. Bûten Jeropa komme der ek sânsliepers yn westlik Aazje foar, yn in gebiet dat it noardwesten fan Lyts-Aazje omfiemet en sa oanslút by it grutte areaal fan 'e bisten yn Jeropa, en fierders yn twa isolearre populaasjes, ien oan 'e súdkust fan 'e Kaspyske See, yn Iraan, en ien dy't de hiele Kaukasus beslacht. Ek yn súdeastlik Ingelân komme sânsliepers foar, mar dêr binne de bisten eksoaten, dy't der yn 1902 by fersin yntrodusearre binne troch in ûntsnapping út 'e privee-menazjery fan bankier Lionel Walter Rothschild, yn it stedsje Tring. De flechtlingen wisten in fêste populaasje te fêstigjen, dy't beheind is ta de súdeastkant fan 'e Chilternheuvels. Yn dat gebiet, dat rûchwei in trijehoeke fan 520 km² foarmet tusken Beaconsfield, Aylesbury en Luton, binne sânsliepers no lykwols frij algemien.

 
In sânslieper.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De sânslieper hat trochinoar in kop-romplingte fan 13-18 sm, mei in sturtlingte fan 11-15 sm en in gewicht fan 70-180 g (oant yn útsûnderlike gefallen 250 g). Dit bist is de grutste fertsjintwurdiger fan famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae). Hy hat in tichte pels, dy't op 'e rêch, de sturt, de boppekant fan 'e kop en de snút dûnkergriis is, mar op 'e bealch, de poaten en de kiel wyt. De beide kleuren wurde skaat troch in skerpe demarkaasjeline. De earen binne frij lyts, mar de swarte, wat útpuoljende eagen binne krekt ûnbidige grut. Dat effekt wurdt noch fergrutte troch de dûnkere rûnte fan hier om 'e eagen hinne. Ek de grutte, swarte, sydlings fan 'e snút útstykjende snorhierren binne opfallend. De sturt hat de foarm in plomsturt, en kin hast wol foar de sturt fan in iikhoarntsje trochgean. Mei syn tekening kin de sânslieper sadwaande by flechtige waarnimmings wolris betize wurde mei it grize iikhoarntsje (Sciurus carolinensis).

Sânsliepers komme benammen foar yn leafwâld mei wat fariaasje, fral mei iken, bûken en hagebûken. Ek libje se wol yn grutte tunen, hôven en yn 'e neite fan rotsen. In betingst dêr't it habitat oan foldwaan moat, is genôch sideplakken om 'e dei yn troch te bringen. Teffens jouwe sânsliepers de foarkar oan wat opgeande boaiemfegetaasje yn in wâld, mar as it nypt en wedernypt, kinne se dêr ek wol sûnder. It binne net de skrutelste bisten, en se kringe geregeldwei ferlitten gebouwen en sels de souders fan bewenne huzen binnen. Yn nullewâlden komme se lykwols net foar. Yn 'e Alpen binne se oant op 1.200 m hichte oantroffen.

 
In sânslieper binnendoar.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

De sânslieper is in útsprutsen nachtdier (dêrfandinne de grutte eagen), dat treflik klimme kin en syn fretten yn 'e beammen siket. Syn aksjeradius is lyts, en hy weaget him selden mear as 100 m fan syn nêst ôf, dat er oanleit yn beamholten, rotsspjalten en tusken muorren yn, en dat makke is fan blêden en twiichjes. Soms kreakje sânsliepers nêstkasten, dy't foar fûgels bedoeld binne. It binne sosjale bisten, dy't in grut part fan 'e simmer yn famyljegroepen trochbringe. Fan oktober oant maaie hâlde se in wintersliep, en dêrfoar sykje se in plak dat mear beskutting hat as har simmernêst. Geregeldwei kringe se dan minsklike wenten binnen, dêr't se har op 'e souder of yn 'e kelder deljouwe. Natuerliker winternêsten lizze se oan yn holle beammen en yn grotten. Inkeld meitsje se ek wol gebrûk fan in ferlitten kninehoale of grave se sels in ûndergrûnske hoale. Se bringe wol 80% fan har libben sliepend troch, in feit dat al lang tige bekend is ûnder de befolking fan 'e streken dêr't dizze bisten foarkomme, en dat parodiëarre waard troch Lewis Carroll mei de slûge sliepmûs (dormouse) yn Alice yn Wûnderlân.

De peartiid begjint foar sânsliepers yn juny en rint troch oant augustus, mei it hichtepunt yn july. Dêrby smyt it wyfke nei in draachtiid 30-32 dagen ien kear yn 't jier in nêst fan 4-6 jongen. Yn ekstreme gefallen kinne it 1-11 jongen wêze. De jonge sânsliepers binne mei 1½ moanne selsstannich en ferlitte dan almeast daliks it nêst, al bliuwe se soms by de âlden omhingjen oant nei har earste wintersliep. Mei in jier binne se geslachtsryp. De populaasjetichtheid berint by sânsliepers oer it algemien 1-5 eksimplaren de ha, mar deunby de grinzen fan har ferspriedingsgebiet kin de tichtens grutte skommelings fertoane, en yn wiete simmers en jierren mei in tekoart oan nuten rint de populaasje oeral werom. Sânsliepers kinne maksimaal 6 jier âld wurde. Har wichtichste natuerlike fijannen binne ferskate soarten ûlen, de foks, de beamotter en de Jeropeeske wylde kat.

 
Twa sânsliepers sille oan it miel.

Sânsliepers binne omnivoaren, en frette benammen fruchten, nuten, sieden, jonge griene plantedielen, beambast, poddestuollen, ynsekten, slakken en fûgelaaien. Se binne berucht om har "skilen" fan beammen: oant frij heech yn 'e beammen frette se gauris oer grutte oerflakken de beambast fuort, wat beammen slim skansearje kin. Ek frette se faak fruchten oan dy't noch oan 'e beam hingje, wat har fansels net populêr makket ûnder túnkers.

De sânslieper hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Yn it âlde Rome en ûnder de Etrusken waarden sânsliepers sjoen as in lekkernij. Se waarden hjerstmis fongen, as se al moai fet wiene, en dan yn gliraria, in soarte fan hamsterkoaien, holden om se op in dieet fan wâlnuten en ikels noch fetter te meitsjen. Dan waarde se slachte en waard har fleis yn 'e regel boppe in fjurke roastere en dan yn hunich dipt, of oars krigen se folling fan bargefleis, nuten en oare dingen. Fral ûnder de Romeinen wie sok iten in populêre snack. De Ingelske namme fan 'e sânslieper, edible dormouse ("ytbere sliepmûs"), giet op dizze praktyk werom. Tsjintwurdich wurde sânsliepers inkeld noch yn Sloveenje iten, dêr't se noch altyd as in delikatesse beskôge wurde.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne trije erkende ûndersoarten fan 'e sânslieper:

  • de echte sânslieper (Glis glis glis)
  • de eastlike sânslieper (Glis glis orientalis)
  • de Pindussânslieper (Glis glis pindicus)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boersma, Johannes, It Wylde Dierte, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
INTERN 1