In sêne is in narratologyske en senariotechnyske oantsjutting foar de lytste ienheid fan aktearjen yn it toaniel, yn films en op 'e tillefyzje, wêryn't ien hanneling of foarfal útbylde wurdt dy't op ien plak en ien tiid ferrjochte wurdt of plakfynt. Men sprekt hjirby dêrom fan ienheid fan tiid, plak en hanneling, lykas oarspronlik yn it Aldgrykske teäter. It wurd 'sêne' komt dan ek fan it Grykske σκενα, skena, dat yn 'e Grykske Aldheid de beneaming wie foar it spylfjild fan it teäter. Fia it Latynsk scæna en it Frânske scène berikte it syn hjoeddeiske foarm.

Yn it ramt fan 'e sinematografy kin in sêne karakterisearre wurde as in kombinaasje fan ûnderskate byinoar hearrende shots (bylden opnommen út ûnderskate kamerahoeken). As in sêne út ien shot bestiet, wurdt der sprutsen fan in sekwinsjeshot. Ferskate besibbe sênes of ien sêne dy't binnen in film hielendal op himsels stiet, neamt men yn 'e sinematografy in sekwinsje. In spylfilm fan likernôch twa oeren lingte telt yn meastal 50 oant 300 sênes.

Yn 'e fotografy giet it by it begryp 'sêne' om it gehiel fan gearstallende faktoaren fan in byld. Dat kin in tafallige gearstalling wêze, lykas yn dokumintêre fotografy of sjoernalistike fotografy, mar it kin ek om in mei sin yn sêne sette foarstelling gean, lykas yn ensenearre fotografy, reklamefotografy, moadefotografy, glamourfotografy en neakenfotografy.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES
Done 1