Sadomasogisme of SM is in foarm fan seksualiteit dy't it ûntlienen fan seksueel geniet omfiemet troch it tabringen of ûntfangen fan pine en fernedering. Dit ferskynsel falt útinoar yn sadisme, it genietsjen fan it tabringen fan pine en fernedering, en masogisme, it genietsjen fan it ûntfangen fan pine en fernedering. Sadisme is ferneamd nei de Frânske ealman markys Donatien Alphonse François de Sade (1740-1814), dy't net inkeld seksueel sadisme útoefene, mar der ek romans oer skreau, wêrfan't de bekendste Justine is. Masogisme is ferneamd nei de Dútser Leopold von Sacher-Masoch (1836-1895), dy't boeken skreau dêr't er syn eigen masogistyske seksuële fantasijen yn útwurke. De termen sadisme en masogisme waarden yn 1890 yn 'e wittenskip yntrodusearre troch de Dútske psychiater Richard von Krafft-Ebing yn syn Neue Forschungen auf dem Gebiet der Psychopathia Sexualis.

Woman Whipped, in ôfbylding fan sadomasogisme út 1913 troch Lewis Bald.

Yn 1905 beskreau de ferneamde Eastenrykske psychiater Sigmund Freud sadisme en masogisme yn syn Drei Abhandlungen zur Sexualtheorie as ferskynsels dy't fuortkamen út ôfwikende psychologyske ûntwikkeling yn 'e iere jonkheid. Yn 'e folgjende desennia lei er teffens de grûnslach foar it rûnom akseptearre medyske perspektyf op dit ûnderwerp, wat wer late ta it earste gearfoegjen fan beide termen ta 'sado-masogisme' troch de Weenske psycho-analist Isidor Isaak Sadger yn syn wurk Über den Sado-masochistischen Komplex, út 1913. Hjoed de dei wurdt sadomasogisme yn 'e regel ôfkoarte ta SM. Fierders wurdt it sûnt it lêste fearn fan 'e tweintichste iuw faak op ien bulte fage mei bondaazje en seksuële dissipline ta BDSM.

Sadomasogisme wurdt net beskôge as in klinyske parafily (d.w.s. men hoecht der net foar behannele te wurden), salang't sokke praktiken teminsten net liede ta swierrichheden dy't it libjen fan in normaal libben ûnmooglik meitsje of dy't lju mei in seksuële sadismesteuring ta in gefaar foar oaren meitsje. Dat lêste gefal moat skerp ûnderskaat wurde fan 'e útoefening fan sadisme binnen de kontekst fan in seksuële relaasje wêrby't sprake is fan mienskiplike ynstimming. Sûnder ynstimming fan 'e oare partij is seksueel sadisme neat oars as ferkrêfting, of alteast mishanneling of seksueel misbrûk. Dielnimmers oan sadomasogisme kinne sadisten of masogisten wêze, mar ek beide, wêrby't se fan in aktive rol nei in passivenien en oarsom wikselje; sa'nent wurdt yn BDSM-terminology in switch neamd. Fierders wurdt yn BDSM-spultsjes de sadistyske partij ornaris de 'master' of 'masteresse' neamd, en de masogistyske partij de 'slaaf' of 'slavinne'. In oar wurd foar in masteresse is dominatriks.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

  NODES