Sansibar, offisjeel de Autonome Republyk Sansibar (Swahily: Jamhuri ya Watu wa Zanzibar; Ingelsk: Autonomous Republic of Zanzibar; Arabysk: زنجي بار, Zanji Bār) is in autonome republyk binnen de Feriene Republyk Tanzania. It gebiet bestiet út it grutste part fan 'e Sansibareilannen, dy't foar de kust fan East-Afrika yn 'e Yndyske Oseaan lizze. De wichtichste eilannen fan 'e autonome regio binne Sansibar en Pemba. De haadstêd hjit ek fan Sansibar, en leit op it eilân mei deselde namme. De autonome republyk Sansibar hie neffens de Tanzaniaanske folkstelling fan 2012 goed 1,3 miljoen ynwenners. Foarhinne wie Sansibar efterinoar in koloanje fan Portegal, in oerseesk gebietsdiel fan Omaan, in ûnôfhinklik sultanaat, in Britsk protektoraat, doe op 'e nij in ûnôfhinklik sultanaat dat nei in bloedige steatsgreep omfoarme waard ta in folksrepublyk, om úteinlik yn april 1964 mei de Republyk Tanganjika gearfoege te wurden ta de Feriene Republyk Tanzania.

Sansibar
Jamhuri ya Wato wa Zanzibar (Sw.)
Autonomous Republic of Zanzibar (Ing.)
زنجي بار, Zanji Bār (Ar.)
flagge wapen
geografyske lokaasje
algemien
gebietsdiel fan Tanzania
pol. status autonome republyk
haadstêd Sansibar (stêd)
offisjele taal Swahily, Ingelsk en Arabysk
sifers
ynwennertal 1.303.569 (2012)
befolkingstichtens 529,7 / km²
oerflak 2.461 km²
bykommende ynformaasje
muntienheid Tanzaniaanske skelling (TZS)
tiidsône UTC+3 (gjin simmertiid)
tillefoan +255
ynternetekstinsje .tz
webside www.zanzibar.go.tz
Dizze side giet oer de autonome republyk Sansibar. Foar oare betsjuttings, sjoch: Sansibar (betsjuttingsside).

It wurd Sansibar is in ferfrysking fan Zanzibar, dat fia it Ingelsk út it Swahily komt. Dat hat it wer fan it Arabyske زنجي بار, Zanji Bār, útspr.: ['zanʤi ba:r], likernôch: "zandzji baar"), dat wer ôflaat is fan it Perzyske زنگبار, Zangbār, in gearstalling fan زنگ, zang, dat "swart" betsjut, en بار, bār, "kust". Etymologysk betsjut 'Sansibar' dus "swarte kust", wat mear op 'e hûdskleur fan 'e bewenners fan dy kust as op 'e kust sels slein hawwe sil.

 
In lânkaart fan 'e eilannen Sansibar (loftsûnder) en Pemba (rjochtsboppe).

De autonome republyk Sansibar bestiet út it grutste part fan 'e arsjipel fan 'e Sansibareilannen, dy't foar de saneamde Swahilykust fan East-Afrika yn 'e Yndyske Oseaan leit. De wichtichste eilannen fan Sansibar binne Sansibar (Swahily: Unguja) en Pemba, dy't fan it fêstelân fan Tanzania skaat wurde troch twa seestrjitten, it Kanaal fan Pemba en it Kanaal fan Sansibar. Dat lêste wetter is op it smelste punt 36,5 km breed. It trêde grutte eilân fan 'e arsjipel, Mafia, leit mear nei it suden ta en heart net ta de autonome republyk.

It eilân Sansibar is likernôch 85 km lang fan noard nei súd, en 39 km breed fan east nei west, en hat in totaal oerflak fan 1.464 km². It hat in leechlizzend, mar gloaiend lânskip, mei as heechste punt 120 m boppe seenivo. It eilân Sansibar wurdt fierders karakterisearre troch moaie sânstrannen omjûn troch koraalriffen dy't ryk oan biodiversiteit binne. Oan in ynham oan 'e westkust leit de stêd Sansibar, dat it grutste plak en de haadstêd fan 'e autonome republyk is. De histoaryske binnenstêd, Stone Town, is opnommen op 'e wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO.

Pemba leit sa'n 59 km benoarden it eilân Sansibar, en likernôch 56 km fan it Tanzaniaanske fêstelân ôf. It mjit 67 km fan noard nei súd en 23 km fan east nei west, mei in totaal oerflak fan 985 km². Krekt as it eilân Sansibar is ek Pemba in relatyf plat eilân, mei in heechste punt op 95 m boppe seenivo.

 
In loftfoto fan 'e stêd Sansibar.

Floara en fauna

bewurkje seksje

De eilannen fan Sansibar binne ryk oan floara en fauna. It eilân Sansibar is it iennichste plak op 'e wrâld dêr't de Sansibarfranje-aap (Probolobus kirkii) foarkomt, wêrfan't de totale populaasje sa'n 1.500 eksimplaren omfiemet. Dizze soarte rekke teminsten 1.000 jier lyn isolearre fan besibbe soarten op it Afrikaanske fêstelân. Oare lânseigen soarten op it eilân Sansibar binne it seldsume Sansibarloaihoars (Panthera pardus adersi), in ûndersoarte fan it loaihoars (Panthera pardus) dy't mooglik al útstoarn is, en de noch mar koartby foar it earst wittenskiplik beskreaune Sansibareeske servalsjenetkat (Genetta servalina archeri), in ûndersoarte fan 'e servalsjenetkat (Genetta servalina). Op Pemba komt de Pembaflearhûn (Pteropus voeltzkowi) foar.

 
In Sansibarfranje-aap.

Prehistoarje, Aldheid en Midsiuwen

bewurkje seksje

Argeologyske fynsten tsjutte derop dat de Sansibareilannen al teminsten 20.000 jier troch de minske bewenne wurdt. Yn 'e earste iuwen nei Kristus bestie de befolking fan 'e eilannen nei alle gedachten al út etnyske Swahily, of alteast út nau besibbe Bantoe-folken. Yn 'e twadde helte fan it earste milennium soarge de tanimmende hannel derfoar dat keaplju út Araabje, Perzje en Ynje har op 'e eilannen fêstigen. It wiene de Perzen dy't de stêd Sansibar stiften op in plak dat besmoute wie tsjin stoarmen en boppedat goed te ferdigenjen wie tsjin fijannen. Dêrwei waard hannel dreaun mei de havenstedsjes op it Afrikaanske fêstelân, oan 'e saneamde Swahilykust.

Troch de ynfloed fan 'e keaplju fan bûten waard de kultuer fan 'e Swahily ferrike en naam harren taal, it Swahily, in protte lienwurden út it Arabysk oer. Teffens ferspraten de Arabieren harren godstsjinst, de islaam, ûnder de pleatslike befolking, dy't meitiid de wichtichste religy fan 'e Easafrikaanske kust waard. Trochdat se har ûntjoegen ta tuskenhannelers tusken de Arabieren en Perzen oan 'e kust en de lânseigen folken yn it binnenlân, berikte de maatskippij fan 'e Swahily grutte woltier. Sansibar wie ien fan 'e Swahily-stêdsteaten dy't geandewei de Midsiuwen de hannel oan 'e Eastafrikaanske kust kamen te behearskjen (oaren wiene Mombasa en Dar es Salaam).

 
It âlde kastiel fan Sansibar.

Portegeeske koloanje

bewurkje seksje

Yn 1498 markearre de oankomst fan Vasco da Gama it begjin fan 'e Jeropeeske bemuoienis mei it gebiet. Yn 1503 of 1504 waard Sansibar ûnderdiel fan it koloniale ryk fan Portegal, en bleau dat twahûndert jier lang. Yn 't earstoan waard it yndield by de Portegeeske provinsje fan Araabje en Abessynje, en waard it bestjoerd troch in gûverneur-generaal. Omtrint 1571 waard Sansibar oerhevele nei it westlike part fan it Portegeeske Ryk en kaam it by de koloanje Mozambyk te hearren. De Portegezen hearsken lykwols inkeld yn namme oer Sansibar, want doe't it earste Ingelske skip yn 1591 it eilân oandie, wie dêr gjin Portegees te bekennen. Der waard inkeld in opslachplak foar hannelswaar ûnderholden, dêr't produkten oankocht waarden en reemakke om nei Mozambyk oerfearn te wurden. It bestjoer lieten de Portegezen oer oan islamityske sultans, dy't se as fazallen behannelen.

Yn 1635 feroare dat, doe't de Portegezen as reäksje op in rebûlje yn Mombasa in fort op it eilân Pemba bouden. Neitiid stelden de Portegezen harren eigen koloniale bestjoerders oan oer de Swahily-steatsjes, wat in misse set wie. De befolking moast nammentlik neat hawwe fan 'e kristlike bestjoerders, en frege de sultan fan Omaan om help by it ferdriuwen fan 'e útlânske oerhearskers. Fan gefolgen ferlearen de Portegezen yn 1698 al harren besittings yn East-Afrika benoarden Mozambyk oan Omaan. Meitiid rekken de Omany de Swahilykust grutdiels wer kwyt, mar Sansibar wisten se te behâlden.

 
In groep slaven wurdt nei de merk laat.

Unôfhinklik sultanaat

bewurkje seksje

Yn 'e iere njoggentjinde iuw makke Sansibar in perioade troch fan grutte woltier, dy't fuortkaam út it ferbouwen fan krûdnagels en oare speserijen, en fanwegen de bloeiende hannel yn ivoar en slaven. Dat late der yn 1832 ta dat Saïd bin Sûltan, de sultan fan Omaan, syn hof ferhuze fan it Arabysk Skiereilân nei Sansibar. Troch it fêstigjen fan in machtsbass op Sansibar, besocht er de ynfloed op 'e gebieten oan 'e Eastafrikaanske kust (en dêrmei op 'e hannelsrûtes oer de Yndyske Oseaan) feilich te stellen. Nei syn ferstjerren, yn juny 1856, waard er opfolge troch twa fan syn soannen, dy't it Omaanske Ryk midstwa spjalten: Tûwaini bin Saïd waard sultan fan Maskate en Omaan, wylst syn broer Madjyd bin Saïd hearsker oer it no selsstannige Sultanaat Sansibar waard. Neitiid bleau Sansibar noch seis jier lang ferbûn mei Omaan, mar nei de moard op syn broer Tûwaini wegere Madjyd yn 1862 noch langer om by te dragen oan 'e Omaanske skatkiste, en waard Sansibar folslein ûnôfhinklik.

Oant likernôch 1890 behearsken de sultans fan Sansibar in oansjenlik diel fan 'e Swahilykust, in gebiet dat bekendstie as de Sandj, en û.m. Mombasa en Dar es Salaam omfieme. Yn 1884 stiften de Dútsers lykwols harren koloanje Dútsk East-Afrika (dêr't letter Tanganjika út fuortkomme soe) en yn 1886 fêstigen de Britten har bewâld oer Britsk East-Afrika, it lettere Kenia. Tusken 1884 en 1890 giene alle Sansibareeske besittings op it fêstelân ferlern oan dy beide Jeropeeske machten. Underwilens begûnen keaplju dy't ôfkomstich wiene fan it Yndiaaske subkontinint stadichoan almar mear foar master op te slaan op it mêd fan 'e hannel yn speserijen. Saïd bin Sûltan fitere dat oan troch de Ynjers ta te stean har frij yn syn gebieten te fêstigjen.

 
Slavekeapman Tippu Tip.

De slavehannel rûn ûnderwilens op syn lêste skonken. Mid njoggentjinde iuw waarden der jierliks wol 50.000 slaven ferhannele op 'e slavemerken fan Sansibar. Sokken waarden djip yn it binnenlân fan Afrika finzen nommen en nei de kust ta sleept. Ien fan 'e meast beruchte Sansibareeske slavekeaplju wie Tippu Tip, dy't ûnbidich grutte ekspedysjes fan soms wol 4.000 man sterk djip Sintraal-Afrika yn late en dêrby gedoente hie mei Westerske ûntdekkingsreizgers as David Livingstone en Henry Morton Stanley. Mar tsjin 'e ein fan 'e iuw oefenen de Britten swiere druk op Sansibar út om 'e slavehannel oan bannen te lizzen, en Bargasj bin Saïd, de broer en opfolger fan Madjyd bin Saïd, lei der yn 1873 úteinlik it near op. In trêde broer, Kalifa bin Saïd, dy't Bargasj letter opfolge, makke de wei ree foar de folsleine ôfskaffing fan 'e slavernij.

Britsk protektoraat

bewurkje seksje

Underwilens wie Sansibar binnen de Britske ynfloedssfear kommen. Ek de Dútsers makken oanspraak op it sultanaat, mar dy striidkwestje waard yn 1890 regele mei it Hilgelân-Sansibar-ferdrach wêrby't de Britten it eilân Hilgelân, yn 'e Dútske Bocht, ôfstiene yn ruil foar it opjaan troch de Dútsers fan al harren oanspraken op Sansibar. Dat makke de wei frij foar de stifting fan in Britsk protektoraat oer Sansibar, dat yn 1890 ek wier fêstige waard. Dêrby behold it sultanaat, alteast yn namme, yntern selsbestjoer ûnder Britsk tafersjoch, mar it ferlear syn ûnôfhinklikheid en waard diel fan it Britske Ryk. Fan 1890 oant 1913 waard it lân regearre troch de sultans, dy't begelaat waarden troch Britske 'adviseurs' yn 'e foarm fan tradisjonele fiziers. Fan 1913 ôf stelden de Britten lykwols residinten oan om harsels en harren belangen te fertsjintwurdigjen, dy't yn 'e praktyk neat minder as gûverneurs wiene.

 
Strjitbyld yn Sansibar omtrint 1910.

Doe't de pro-Britske sultan Hamid bin Tûwaini nei syn dea, op 25 augustus 1896, opfolge waard troch Kalyd bin Bargasj, fan wa't de Britten neat hawwe moasten, late dat ta de saneamde Sansibaroarloch, wêrby't de Britten eefkes sjen lieten wa't it yn it sultanaat echt foar it sizzen hie. De oarloch briek út op 'e moarn fan 27 augustus, doe't Britske oarlochskippen mei in bombardemint it Beit al-Hukum-paleis ferrinnewearren. Net mear as 38 minuten letter, doe't de Sansibarezen wol omlyk woene, waard der in wapenstilstân sletten, en de Sansibaroarloch wurdt noch altyd beskôge as de koartste oarloch út 'e skiednis fan 'e wrâld.

Mids 1950-er jierren waarden der, foarútrinnende op 'e dekolonisaasje, demokratyske herfoarmings yn it sultanaat trochfierd. Der waarden ferskate politike partijen oprjochte, wêrfan't de Sansibareeske Nasjonale Partij (ZNP), dy't de etnyske Arabieren fertsjintwurdige, en de Folkspartij fan Sansibar en Pemba (ZPPP), dy't in mingde oanhing fan Arabieren en Swahily hie, de wichtichsten wiene. Fierders wiene der ek de lytse radikale Afro-Sjirazy Partij (ASP) en de Ummapartij (UP, "Partij fan it Folk"), in op it maoïsme ynspirearre ôfspjalting fan 'e ZNP.

 
In kream yn 'e âlde binnenstêd fan Sansibar.

Unôfhinklikheid

bewurkje seksje

Yn 1961 waard Tanganjika ûnôfhinklik, dat sûnt de ein fan 'e Earste Wrâldoarloch as in mandaatgebiet fan it Folkebûn en letter as in trustgebiet fan 'e Feriene Naasjes troch de Britten bestjoerd wie. Twa jier letter, op 10 desimber 1963, waard Sansibar sels ek ûnôfhinklik as in konstitúsjonele monargy. Der waarden ferkiezings holden, dy't wûn waarden troch de ZNP en de ZPPP; neitiid waard in regear foarme troch de ZNP. Dêr leine de leden fan 'e ASP har net by del, dat op 'e jûn fan 'e 12 jannewaris 1964 diene se ûnder lieding fan in John Okello, dy't oarspronklik út Oeganda kaam, in greep nei de macht. Djamsjyd bin Abdûlla, de lêste sultan fan Sansibar, waard ôfset mank in protte bloedferjitten, wêrby't de tûzenen slachtoffers oer it algemien Sansibarezen fan Arabysk en Yndiaask komôf wiene. Neitiid fûn der in etnyske suvering plak, wêrby't frijwol alle Arabieren en teffens Swahily dy't foar in part Arabyske foarâlden hiene, it lân ûntflechten en beskûl sochten yn Omaan.

Nei't de ASP it op 'e Sansibareilannen foar it sizzen krigen hie, waard ûnder lieding fan Okello de Folksrepublyk Sansibar en Pemba útroppen. Abeid Karume, de lieder fan 'e ASP, dy't net by de revolúsje belutsen west hie, waard útnûge om út ballingskip yn Tanganjika werom te kearen en it amt fan presidint fan 'e nije republyk op te nimmen. Ek de marxistyske politikus Abdulrahman Mohammad Babu, de lieder fan 'e UP, kearde werom, en waard beneamd yn 'e Revolúsjonêre Ried, it hegerhûs fan 'e nije republyk. Foar himsels reservearre Okello de titel fan fjildmaarskalk, sûnder dy fierder te definiëarjen. Neitiid folge in trije moannen lange ynterne machtsstriid, wêrby't de betûfte Karume sawol Okello as Babu op in sydspoar wist te ranzjearjen. Sadree't Okello op reis gie en Sansibar ferliet, ferklearre Karume him ta in 'fijân fan 'e steat' en ta persona non grata. Troch it ferlies fan harren lieder en de oanwêzigens fan 'e Tanganjikaanske plysje, dy't Karume útnûge om yn Sansibar ta te sjen op 'e wetshanthavening, waarden Okello syn oanhingers bûtenspul setten.

 
Abeid Karume, de earste presidint fan Sansibar.

Ynternasjonaal bestie mank de Westerske lannen yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch grutte noed oer de ynfloed fan Babu yn 'e nije folksrepublyk. Men freze dat dy de Sovjet-Uny de mooglikheid biede soe en fêstigje in brêgehaad op 'e Eastafrikaanske kust. Dêrom waard der druk útoefene om it lytse Sansibar gear te foegjen mei it gruttere en polityk stabilere Tanganjika. Yn april 1964 sleat Karume dêrta in oerienkomst mei de Tanganjikaanske presidint Julius Nyerere, sadat der op 26 april in nij lân ûntstie, de Feriene Republyk Tanzania, wêrfan't de namme opmakke wie út 'e earste wurdlidden fan 'e beide steaten dy't der yn opgiene. Yn it nije lân waard Nyerere presidint en Karume presidint fan 'e autonome republyk Sansibar, in amt dêr't it fise-presidintskip fan Tanzania oan ferbûn wie. Troch de uny mei Tanganjika wûn Karume de ynternasjonale legitimiteit foar syn regear dy't er earder net krije kinnen hie, mei as gefolch dat it him slagge om Babu en dy syn kommunistyske oanhingers folslein te marginalisearjen.

Autonome republyk

bewurkje seksje

Nei de uny mei Tanganjika gie de ASP op yn 'e Chama cha Mapinduzi (CCM), de Tanganjikaanske regearingspartij. Alle oare politike partijen waarden ferbean. Begjin jierren santich wie in ûnlijige tiid yn 'e skiednis fan Sansibar. Yn 1972 waard Abeid Karume yn Sansibar-Stêd fermoarde. Geandewei de twadde helte fan it desennium rekke Sansibar ûnder Karume syn opfolger, presidint Aboud Jumbe, yn rêstiger farwetter. Nei't yn Tanzania yn 1992 in mearpartijestelsel ynfierd hie, krige in nije opposysjepartij, it Civic United Front (CUF), fan Seif Sharif Hamad, benammen op Pemba grutte oanhing. It CUF stribbe foar Sansibar iepentlik nei ôfskieding fan Tanzania, wat de partij oanhâldend yn botsing brocht mei de CCM.

 
It saneamde Hûs fan de Wûnders, it paleis fan 'e sultans fan Sansibar.

By ferkiezings ferlear it CUF eltse kear op 'e nij fan 'e CCM, mar ynternasjonale waarnimmers hiene gjin goed wurd oer foar it ferrin fan 'e Sansibareeske ferkiezings fan 1995, 2000 en 2005, dy't bol stiene fan 'e stimbusfraude, yntimidaasje fan kiezers en oare ûngeregeldheden. By de folksprotesten nei de ferkiezings fan 2000 kamen yn jannewaris 2001 35 minsken om it libben en rekken 600 oaren ferwûne doe't oerheidstroepen it fjoer iepenen op demonstranten. Neitiid ûntflechten in protte Sansibarezen op fiskersboaten Tanzania en sochten beskûl yn 'e buorlannen. Nei't ferskate ûnder ynternasjonale druk ta stân kommen ûnderhannelings tusken de CCM en it CUF op 'e non rûn wiene, gie de Sansibareeske presidint Amani Abeid Karume yn 2009 in dialooch oan mei CUF-lieder Hamad, dy't late ta in fermoedsoening fan 'e beide partijen. Nei de ferkiezings fan 2010 waard der in koälysjeregear foarme, mei de CCM-kandidaat Ali Mohamed Shein as presidint, wylst foar Hamad it nije amt fan fise-presidint fan Sânsbar kreëarre waard.

Bestjoerlik is de republyk Sansibar opdield yn fiif regio's: Sansibar-Midden/Súd, Sansibar-Noard, Sansibar-Stêd/West, Pemba-Noard en Pemba-Súd. As in autonoom gebiet binnen de Feriene Republyk Tanzania hat de republyk Sansibar fierhinne yntern selsbestjoer. It hat syn eigen regear, dat it Revolúsjonêr Regear fan Sansibar hjit. Sansibar hat ek in eigen parlemint, dat bestiet út 'e Revolúsjonêre Ried en it Hûs fan Offurdigen.

 
Stjithannel yn Sansibar.

Dat Hûs fan Offurdigen bestiet út 85 leden: 50 keazen leden; 10 leden beneamd troch de presidint fan Sansibar; 15 sitten dy't reservearre binne foar froulike leden fan politike partijen dy't yn it Sansibareeske parlemint sitte; en 6 leden dy't inkeld yn it ferlingde fan in amt sitting hawwe yn it Hûs fan Offurdigen (de kommissarissen fan 'e fiif bestjoerlike regio's en de prokureur-generaal. Fan dizze 81 ôffurdigen wurde 5 útornearre om Sansibar te fertsjintwurdigjen yn it nasjonale Tanzaniaanske parlemint.

Oangeande de soevereiniteit fan Sansibar sei de Tanzaniaanske premier Mizengo Pinda op 3 july 2008 dat dy soevereiniteit in dreambyld is dat net bestiet. It hiele parlemint fan Sansibar, wêrûnder sawol leden fan Pinda syn eigen Chama cha Mapinduzi as fan it opposysjonele Civic United Front, spriek him dêrop tsjin en hold út dat Sansibar in folslein autonome steat binnen Tanzania is.

 
In seewierplantaazje oan 'e kust fan Sansibar.

Agraryske aktiviteiten, yn 'e foarm fan it ferbouwen fan krûdnagels en oare speserijen (wêrûnder nútmuskaat, kaniel en piper), foarmet noch altyd ien fan 'e pylders fan 'e Sansibareeske ekonomy. Fanwegen dy lânbouprodukten waarden de Sansibareilannen yn it ferline ek wol oantsjut as de Speserij-eilannen, hoewol't dy namme yn 'e regel brûkt waard foar de Molukken, yn Nederlânsk-Ynje. Fierders is it eilân Sansibar it iennichste fan 'e Sansibareilannen dat in ûntwikkele toeristyske sektor hat, en de ynkomsten dy't dat fersoarget, foarmje de oare pylder fan 'e pleatslike ekonomy. Dêrnjonken binne ek fiskerij en it ferbouwen fan seewier rillevante ekonomyske aktiviteiten.

Neffens de folkstelling fan 2012 hie de autonome republyk Sansibar doe 1.303.569 ynwenners. De befolkingstichtens bedroech 529,7 minsken de km². Likernôch twatrêde part fan 'e befolking wennet op it eilân Sansibar, en in fyfde diel wennet yn 'e stêd Sansibar. Wat de etnyske gearstalling oangiet, bestiet de befolking fan Sansibar fierhinne út Swahily, hoewol't in grut part fan 'e ynwenners foar in diel fan Arabysk komôf is. De etnyske Arabieren, lykwols, binne nei de steatsgreep fan 1964 Sansibar hast allegear ûntflechte. De rest fan 'e Sansibareeske befolking bestiet út Bantoes fan it Afrikaanske fêstelân en út Afro-Ynjers. De ynwenners fan 'e republyk Sansibar binne foar 98,9% moslim, mei lytse minderheden fan kristenen (0,6%) en lju dy't Afrikaanske natoerreligyen oanhingje (0,5%).

 
It strân fan Sansibar.

De offisjele talen fan 'e autonome republyk Sansibar binne Swahily, Ingelsk en Arabysk. De sprektaal op 'e eilannen is lykwols Swahily, in Bantoe-taal dy't ta de grutte Niger-Kongoleeske taalfamylje heart, en dy't troch hast de hiele befolking as memmetaal sprutsen wurdt. In soad Sansibarezen sprekke njonken it Swahily en it Ingelsk ek Frânsk of Italjaansk.

Sansibar leit yn 'e tropen, en hat sadwaande in tropysk klimaat, mei frijwol gjin ferskil tusken simmers en winters. Mei't Sansibar op it súdlik healrûn leit, falt de 'winter' trouwens tusken juny en septimber. Yn febrewaris en maart, de waarmste moannen, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33 °C, en yn juny, july en augustus, de kâldste moannen, is dat 28 °C. Sansibar kriget jiers trochinoar 1.409  mm delslach, dy't sterk konsintrearre is yn 'e perioade fan 'e súdwestlike moesson, fan maart oant maaie. Yn novimber en desimber komt der mei de noardwestlike moesson ek wat reinwetter, mar lang safolle net. Yn jannewaris en febrewaris en fan juny oant oktober is it yn Sansibar koarkdrûch.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


  NODES