Schoonhoven is in stêd en in eardere gemeente yn Súd-Hollân. De gemeente hat in 12.000 ynwenners (2009) en in oerflakte fan 6,96 km² (dêrfan 0,67 km² wetter). Binnen de gemeentegrinzen lizze ek de doarpskearnen fan de eardere gemeente Willige Langerak en in diel fan de buorskip Bovenberg.

Schoonhoven
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente Krimpenerwaard
Sifers
Ynwennertal 13.230 (2021)
Oerflak 6,96 km²
lân 6,29 km²
wetter 0,67 km²
Befolkingstichtens 1.901 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Side Schoonhoven

Schoonhoven leit benoarden de Lek en der is in pont foar auto's en fytsen. De stêd hat in skildereftich sintrum mei smelle grêften en in soad grien. Schoonhoven is bekend troch syn sulversmidden en sulveryndustry.

 
Plattegrûn út Blaeu's Toonneel der Steden (1652)
 
Stedsgrêft fan de súdwestkant ôf (2009)

Schoonhoven waard yn 1247 foar it earst neamd as Sconhouen. Yn 1280 krige Schoonhoven stedsrjochten. Yn 1375 en in july 1518 wienen der grutte stedsbrannen. Yn 1575 waard Schoonhoven ferovere troch de Hartoch fan Alva, dy't lykwols twa jier letter hiel Hollân opjoech.

Al yn de 17e iuw wienen der bekende sulversmidden. Schoonhoven hat anno 2009 noch in ynternasjonale Sulverskoalle. De stêd stiet dan ek bekend as de Sulverstêd.

Per 1 jannewaris 2015 gie de gemeente Schoonhoven mei fjouwer oare gemeenten op yn 'e nije fúzjegemeente Krimpenerwaard.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • It Nederlânsk Goud-, Sulver- en Klokkemuseum.
  • De 17e-iuwske Fearpoarte.
  • It stedhûs fan Schoonhoven hat in 50 klokken tellend klokkespul. It oarspronklik yn goatyske styl útfierde gebou komt út de 15e iuw mar waard by restauraasjes yn 1776 en 1927 sterk wizige, wêrtroch fan it oarspronklike karakter net folle oer is.
  • De Grutte- of Bartoloméustsjerke. Yn 1775 waard in kanon, dat Olivier fan Noort oan de stêd skonken hie, omraand ta inkele klokken dy't tsjinst dogge yn it klokkespul fan it stedhûs. De grutste klok hat as ynskripsje: Myn schor geloey op reys, voor dapperen van Noort, klinkt na een lange rust, thans in een fray akkoort.. Hoewol't yn in artikel oer Olivier fan Noort op de webside fan it streekargyf Midden Hollân sprutsen wurdt oer it klokkespul fan de tsjerke blykt it oer it klokkespul fan it stedhûs te gean.
  • Yn de 18e-iuwske eardere synagoge sit, ûnder de namme Edelambachtshuys, in museum foar Schoonhoven sulverwurk.
  • It Stedsnôtpakhûs, in 16e-iuwsk pakhûs foar nôtopslach.

Berne of opgroeid yn Schoonhoven

bewurkje seksje
  • Yn de jierren tachtich fan de foarrige iuw waarden ûnder mear ôfleveringen foar it berneprogramma Bassie en Adriaan yn de stêd opnomd.
  • It berneprogramma Villa Achterwerk waard oant ein jierren njoggentich yn it sintrum fan de stêd opnomd. Yn 2005 kaam it programma werom yn Schoonhoven, op in oare lokaasje yn it sintrum.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  NODES