Sealdaktoer
In sealdaktoer, sealtektoer of sealtoer is in tsjerketoer mei in sealdak.
Yn Nederlân komme sealdaktuorren benammen foar by romaanske tsjerken yn Fryslân, Drinte en Grinslân en wat minder by Goatyske tsjerken yn dy provinsjes. De tsjerke fan Oostum is in seldsum foarbyld fan in dwerssette toer.
Nei 1900 waard dit type toer ek wer tapast by tsjerken yn neoromaanske styl.