Seksuele oantrekking

(Trochferwiisd fan Seksuële oantrekking)

Seksuele oantrekking is it jin ta immen oanlutsen fielen fanwegen seksuele begearte. Oantreklikens, oantreklikheid, sexappeal of sensualiteit is it fermogen fan immen om sokke seksuele begearte yn in oar op te wekjen. Biologysk sjoen spilet soks in wichtige rol by seksuele seleksje en partnerkar. Seksuele oantrekking kin poer op fysike, uterlike skaaimerken berêste, mar kin ek om mentale, ynderlike skaaimerken gean. Faak hat it te krijen mei in kombinaasje fan beiden. It is ek mooglik dat der sprake is fan oare eleminten, lykas estetyske skientme, elegante beweging, it lûd fan 'e stim, of de rook dy't immen ôfjout. Hoewol't seksuele oantrekking op grûn fan inkeld fysike skaaimerken algemien as oerflakkich beskôge wurdt, binne sokke fysike skaaimerken yn 'e regel dochs it earste wat immen ta in oare persoan oanlûkt.

It Flirten, in skilderij fan Eugene de Blaas, út 1904.

Oantreklikens kin fergrutte wurde troch it hawwen fan in beskaat kapsel, it dragen fan beskate soarten klean, juwiellen, kosmetika of rûkersguod en it oanbringen fan lichemsfersierings (fan it dragen fan earbellen oant it hawwen fan piercings en tattoeaazjes). Net selden wurdt ek plastyske sjirurzjy tapast as men ûntefreden is oer in ûnderdiel fan jins uterlik en derfan oertsjûge is dat men oantrekliker wêze sil as dat feroare wurdt. Dêrby kin men tinke oan it rjocht meitsjen fan in kromme noas, it tebeksetten fan in flapear of it fergrutsjen fan jins boarsten. Oare eleminten dy't oantreklikens (of alteast de persepsje fan oantreklikens) beynfloedzje, binne yndividuële genetyske en psychologyske faktoaren en de kultuer dêr't men diel fan útmakket.

Hoewol't yn it ferline wol besocht is om objektive kritearia op te stellen om seksuele oantrekking te mjitten, bliuwt it dochs fierhinne ôfhinklik fan subjektive faktoaren en dêrtroch ûntmjitber. In foarbyld fan sa'n faktor is jins seksuele oriïntaasje, mei't heteroseksuele yndividuën har earder en folle mear oanlutsen fiele sille ta persoanen fan it tsjinstelde geslacht, wylst homoseksuele yndividuën har earder en mear oanlutsen fiele sille ta persoan fan har eigen geslacht. Biseksuelen fine persoanen fan beide geslachten yn trochsneed like oantreklik, wylst aseksuelen alhiel gjin seksuele oantrekking fiele, hoewol't se mooglik wol romantyske oantrekking fiele kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES