De skipsbou yn Fryslân waard om 1900 hinne noch dien op hast 100 skiphellings.

Skipshelling yn Brake/Dútslân, 1870

Skipsbou yn Fryslân

bewurkje seksje

Yn 1930 wie dat oantal weromrûn nei 65, der wurken doe 423 minsken. Dêrfan wurken op de werf fan Harns 94 man; fierders wienen der njoggen werven mei 11-50 man, mei-inoar 175.
Yn 1950 wie it tal werven 61, mei 404 persoanen oan it wurk; fjouwer hiene mear as mear as 20 minsken yn it wurk (Makkum 36, Harns 129, Ljouwert 24 en Warkum 23).
Fan 1950-1956 stiigde it personiel oant 884 man, it oantal bedriuwen mei boppe de 20 man kaam op 11. Dat kaam benammen troch de fêstiging fan coasterwerven, ûnder oare yn Koatstertille, Burgum, De Lemmer, Frjentsjer en Harns en de groei fan in reparaasjewerf yn Harns.

Skipsbou yn It Sealterlân

bewurkje seksje
 
It lêste skip fan de helling Schulte yn 1926

Yn Sealterlân wiene al foar 1790 skipshellings oan de Sealter Ie, yn it doarp Strukelje. Om 1877 hinne hie Strukelje 11 hellings en om 1900 hinne wienen dat likernôch 7 skiphellings. De measte skippen wienen ornearre foar it ferfier fan turf nei Eastfryslân en fan stiennen foar de Dykbou oan de Noardsee. Om de Twadde Wrâldkriich hinne binne de hellings allegear ferdwûn. Hjoeddedei is fan de hellings yn It Sealterlân neat mear werom te finen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Helling – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  NODES