Senario

(Trochferwiisd fan Skript)

In senario of in skript (Ingelske fariant screenplay) is in skriftlik wurk makke troch in senarioskriuwer, mei dêryn de ferhaallinen dêr't films, tillefyzjesearjes en oare tillefyzjeprogramma's, strips en fideospultsjes op basearre binne. In senario kin in oarspronklik (folslein nij) wurk wêze, mar it kin ek ûntliend wêze oan in al besteand wurk (lykas oan in roman dy't ferfilme wurde sil). In senario is sa gearstald dat de tekst op ien side likernôch oerienkomt mei it tiidsferrin fan ien minút op it skerm. De ynhâld bestiet hast folslein út dialooch. Yn in saneamd shooting script, dat ek wurklik brûkt wurdt om in film of programma neffens op te nimmen, binne de sênes nûmere, en wurde bykommende oanwizings jûn foar de rezjy. Yn in spec script (dat in wurk is dat in senarioskriuwer op eigen manneboet produsearre hat, sûnder dêr opdracht ta krigen te hawwen) of in kladskript binne de sênes nèt nûmere en binne de rezjyoanwizings ta it minimum beheind. Yn 'e Feriene Steaten moat ferplichte mei US Letter-papierformaat, de font Courier en lettergrutte 12 wurke wurde. Yn Jeropa wurdt A4-papier brûkt en is der gjin ferplichte font of lettergrutte. De dialooch is op it papier sintrearre, en de nammen fan 'e personaazjes wurde mei haadletters foar harren tekst skreaun.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Further reading en References, op dizze side.

  NODES
iOS 2
os 4