Slach by Fontenoy (841)

(Trochferwiisd fan Slach by Fontenoy)
Slach by Fontenoy
Part fan de Karolingyske boargerkriich

14e-iuwske skilderstik fan de Slach by Fontenoy.
datum: 25 juny 841
plak: Fontenoy, Boergonje, Frankryk
útkomst: Seperatiste-oerwinning
konfliktpartijen
Keizerliken Seperatisten
befelhawwers
Lotarius I
Pepyn II fan Akwitaanje
Loadewyk de Dútser
Karel de Keale
sterkte
150.000 150.000
ferliezen
net bekend net bekend
Obelisk ta betinking fan de Slach by Fontenoy

De Slach by Fontenoy of ek wol de Slach by Fontenoy-en-Puisaye neamd, wie de beslissende slach yn de trije jier lang duorjende Karolingyske boargerkriich, dy't doe op syn hichtepunt wie. De slach waard fochten op 25 juny 841 by it plakje Fontenoy by Auxerre yn wat hjoed-de-dei de Frânske regio Boergonje is. De kriich gie oer ûnienichheid oer de erfenis fan de soannen fan keizer Loadewyk de Fromme fan it Karolingyske Ryk. Nettsjinsteande de ferdieling fan it Ryk troch Loadewyk de Fromme, bruts der kriich út tusken syn soannen. Fan de Slach, dy't nei alle gedachten grut yn oantallen wie, is net in soad skreaune wurk bewarre bleaun en in soad histoaryske boarnen wiene nei alle gedachten nei de kriich ferneatige. Dêrom bestiet der hjoed-de-dei rûzjen oer de grutte fan de legers en it tal slachtoffers.
De Slach by Fontenoy betsjutte in grutte nederlaach foar kening Lotarius I fan Itaalje en syn omkesizzer Pepyn II fan Akwitaanje en in oerwinning fan Loadewyk de Dútser en Karel de Keale. Wylst strideraasjes noch troch giene, leine Loadewyk en Karel de Eed fan Straasburch ôf, dy't ta it Ferdrach fan Ferdun yn 843 late, dêr't it Ryk yn trije parten ferdield waard. Dat ferdrach hat in grutte ynfloed op it foarmjen fan it hjoeddeiske Jeropa hân.

Keizer Loadewyk de Fromme ferdielde syn Ryk tusken syn soannen, sa't dat de gewoante neffens de Salyske Wet fan de Franken wie. Mar hy woe de ienheid fan it Ryk ek bewarje en stelde yn 817 it Ordinatio Imperii op, dy't de ferdieling regele. Yn 823 krige Loadewyk de Fromme noch in soan, Karel de Keale, mei syn twadde frou Judit fan Beieren. Doe ferdielde er it Ryk fannijs, sa't Karel ek in diel krije koe. Dat wie tsjin it sin fan de oare soannen en dat late ta strideraasjes fan hast tsien jier. Yn 839 fersloech Loadewyk syn soannen foargoed en op 30 maaie fan dat jier yn Worms ferdielde er it Ryk foar de lêste kear. Lotarius hold Itaalje en de keizerstitel en alle gebieten yn it easten en Karel krige alle gebieten yn it westen, wylst Loadewyk de Dútser Beieren krige en syn pakesizzer, Pepyn II, waard bûtensletten fan de erfenis.
Op 24 july 840 ferklearre Lotarius lykwols yn Straasburch as opperhearsker oer it gânse Ryk en, tegearre mei syn omkesizzer Pepyn II, foel er de delling fan de Loire oan. Dat late ta in nije boargerkriich. De greven fan Boergonje wiene ferdield oer ûnthjitten fan trou oan Karel of Lotarius. Ermenaud III fan Auxerre, Arnoul fan Sens en Audri fan Autin ûnthieten harren trou oan Lotarius, wylst Guerin fan Provence en Aubert fan Avallon trou oan Karel wiene. Girard II, Greve fan Parys en sweager fan Lotarius, keas foar Lotarius. Yn maart fan 841 beselskippen de Boergonjers, dy't trou oan Karel wiene, him. Yn maaie fan 841 moeten de legers fan Loadewyk de Dútser de legers fan Karel de Keale by Châlons-sur-Marne. Yn juny beselskippe Pepyn Lotarius yn Auxerre einlings.

De twa legers kamen foar inoar oer te stean op 25 juny. Karel sette syn kamp op op in heuvel dy't oer it slachfjild útseach. Lotarius en Pepyn setten út ein mei de slach en hja liken ynearsten de boppehân te hawwen oant Guerin mei syn leger Provensjalen taheakke. Wylst Pepyn en syn mannen Karel werom treaune, waard Lotarius stadichoan troch Loadewyk de Dútser en de Provensjalen werom treaun. Doe't de oerwinning hast wis wie foar Karel, die Bearn fan Septimaanje mei oan de kant fan Karel en doe wie de oerwinning in feit. Neffens Andreas Agnellus fan Ravenna kamen sa'n 40.000 manlju om it libben.
Lotarius wie ferslein en flechte nei syn haadstêd Aken. Hy garre nije troepen op en begûn in rige plonderings, mar syn bruorren ûnthieten in eed fan trou oan inoar yn de Eed fan Straasburch yn 842 en Lotarius seach himsels twongen frede te sluten en tekene it Ferdrach fan Ferdun yn 843.

  NODES