Slach om Frankryk

De Slach om Frankryk (Dútsk: Westfeldzug; Frânsk: Bataille de France) wie in militêr offinsyf fan Dútslân tsjin de Lege Lannen en Frankryk yn maaie en juny 1940 tidens de Twadde Wrâldkriich. De oanfal begûn op 10 maaie 1940 en betsjutte de ein fan de Skimerkriich. It offinsyf bestie út twa opienfolgjende operaasjes: Fall Gelb en Fall Rot.

Britske en Frânske kriichsfinzenen by Dúntsjerk

Yn de earste faze, Faal Gelb, stoden Dútske pânserienheden yn rap tempo troch Nederlân en oer de Belgyske Ardinnen nei It Kanaal, wêrmei't de Britske en Frânske striidkrêften yn sintraal-Belgje ôfsnijd waarden. De Britten slaggen der lykwols yn om de Britske Ekspedysjemacht en in protte Frânske soldaten út Dúntsjerk te evakuearjen, al moast hja al it materieel efterlitte.

Yn de twadde operaasje, Fall Rot, kamen de Dútsers de Maginotliny foarby wêrtroch't se oant fier yn Frankryk trochsette koenen. Itaalje ferklearre Frankryk de kriich op 10 juny. Op 17 juny liet Philippe Pétain yn it iepenbier witte dat Frankryk om in wapenstilstân freegje soe. Dy waard op 22 juny tusken Frankryk en Dútslân tekene en gong yn op 25 juny.

It slagjen fan it offinsyf soarge foar in rappe ferovering fan Nederlân, Belgje en Lúksemboarch, de ûnfolsleine besetting fan Frankryk en ynienen in omslach yn de geopolitike machtsferhâldings yn Dútsk foardiel. It ûnbesette súdeasten fan Frankryk waard in fazalsteat fan Dútslân: Vichy-Frankryk. Der wie doe noch mar ien wichtige tsjinstander oer: it Britske Mienebest. Frankryk en de Lege Lannen waarden pas yn 1944 en 1945 befrijd.

  NODES
mac 2