Sliep
Sliep is de perioade fan ynaktiviteit, wêrby't it lichem ta rêst komt. It ferlet om te sliepen wurdt, by minsken en bisten, regele troch it hormoan melatonine.
Sliepfazes
bewurkje seksjeDe sliep falt ûnder te ferdielen yn meardere sliepfazes, dêr't de remsliep (Rapid Eye Movement) de bekendste fan is. De yndieling fan de ferskillende sliepfazes wurdt makke op basis fan it elektro-ensefalogram (EEG) en it elektro-okulogram (EOG). It EEG jout de aktiviteit fan de harsens yn in grafyk wer wêrby't grutte, stadige útslaggen der op wize dat grutte groepen harsessellen tagelyk fjurje (syngroanisearre aktiviteit). Koarte en lytse útslaggen op it EEG wize dêrby op net-syngroane harsenaktiviteit. Oer it generaal lit it EEG in mear syngroane harsenaktiviteit sjen wannear't men yn rêst is en mear desyngroanisearre aktiviteit by ynspanning en konsintraasje. It EOG jout de aktiviteit fan de eachspieren wer, wêrby't sichtber is hoe faak de eagen bewogen wurde en yn hokker rjochting.
It globaalste ûnderskied dat makke wurdt tusken de ferskillende sliepfazes is de remsliep en de non-remsliep. Yn de non-remsliep lit it EEG stadige golfbewegings sjen mei frekwinsjes fan 4-13 Hz en meitsje de eagen stadich rôljende bewegingen. Ynsidinteel kinne koarte ôfwikings op it EEG optrede yn dizze sliepfaze, lykas hommelse, heechfrekwinte útslaggen, de saneamde sliepspoelen, en ekin inkle grutte útslach dy't K-compleksen neamd wurde. By de remsliep lit it EOG in soad bewegingsaktiviteit fan de eagen sjen en is op it EEG in tige desyngroanisearre harsenaktiviteit te sjen, wat ferrassend genôch oerienkomt mei it soarte EEG-aktiviteit fan wekkere, alarte of konsintrearre persoanen. Hjirom wurdt dizze sliepfaze ek wol paradoksale sliep neamd.
Binnen de non-remsliep wurde wer fjouwer ferskillende sliepfazes ûnderskieden middels de frekwinsjes fan de útslaggen op it EEG, wêrby't faze 1 non-remsliep mei de heechst frekwinte en faze 4 non-remsliep de leechst frekwinte EEG-weagen hat. Faze trije en fjouwer fan de non-remsliep wurde tegearre ek wol de slowwavesleep of djippe sliep neamd. Minsken dy't yn de non-remsliep wekker makke wurde, fernimme yn de measte gefallen net, of lichtsjes dreamd te hawwen, wylst minsken dy't yn de remslipe wekker makke wurde hast altiten oanjaan dat se dreamd hawwe
Teoryen oer it nut fan sliepen
bewurkje seksjeInkele teoryen oer it wêrom fan sliepen:
- in wize om de harsens te werstellen.
- in wize om learen better ferrinne te litten.
- in wize om it lichem te beskermjen.
- kin ús eat oer it lichem fertelle.
Leeftiid yn jierren |
minimaal nedich oantal oeren sliep | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
poppe | 16 | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
2-4 | 13 | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
5-9 | 11 | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
10-12 | 10 | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
13-24 | 9 | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
25-49 | 7,5 | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
>50 | 6 | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| | | | | | | | | | | | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
20.00 | 24.00 | 4.00 | 8.00 | 12.00 | 16.00 | uur |
Sliepe en dei-nachtritme
bewurkje seksjeDe nucleus suprachiasmaticus, lizzend boppe it chiasma opticum, regulearret sliep middels ljochtynfal. By normale ljochtyntinsiteit wurdt der fia dizze harsenkearn minder melatonine ôfjûn en wurdt sliep remme. Dêrtroch hinget ús sliep-waakritme gear mei in dei-nachtritme. As dizze eksterne stimulus weifalt wurdt it normale slieppatroan ûntregele.